2025
Appearance
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Jierren: | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 | 2030 |
| Gregoriaanske kalinder |
2025 MMXXV |
| Ab urbe condita | 2778 |
| Armeenske kalinder | 1474 ԹՎ ՌՆՀԴ |
| Etiopyske kalinder | 2017 – 2018 |
| Hebriuwske kalinder | 5785 – 5786 |
| Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2080 – 2081 |
| - Shaka Samvat | 1947 – 1948 |
| - Kali Yuga | 5126 – 5127 |
| Iraanske kalinder | 1403 – 1404 |
| Islamityske kalinder | 1447 – 1447 |
| Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
| Sineeske kalinder | 4721 – 4722 辛辰 – 壬巳 |
2025 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2025.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Lychtenstein fiert it homohoulik yn.
- 1 - Bulgarije en Roemeenje wurde lid fan 'e Schengensône.
- 1 - Nei it ôfrinnen fan in kontrakt dat it lân dêrta ferplichte, leit de Oekraïne alle trochfier fan Russysk ierdgas oer syn grûngebiet nei Jeropa stil.
- 1 - By in oanslach yn 'e Amerikaanske stêd New Orleans komme 15 minsken om (de dieder ynbegrepen) en reitsje 35 oaren ferwûne as in oanhinger fan 'e terroristyske organisaasje Islamityske Steat (IS) op in minskemannichte ynriidt dy't it nijjier fiert.
- 1 - By in sjitpartij yn 'e Montenegrynske stêd Cetinje komme 13 minsken om en reitsje 3 oaren ferwûne as in man yn it wylde wei om him hinne begjint te sjitten.
- 6 - De Kanadeeske premier Justin Trudeau kundiget syn ôftreden oan om't er net mear genôch stipe hat binnen syn eigen partij.
- 7 - It troch de Folksrepublyk Sina besette Tibet wurdt troffen troch in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter. Der komme sa'n 400 minsken om mei nochris sa'n selde oantal lju dat ferwûne rekket.
- 7-31 - Yn 'e regio fan Los Angeles, yn Súdlik Kalifornje, hâlde de meast ferneatigjende natoerbrannen út 'e skiednis fan 'e krite hús. Der komme 29 minsken om en mear as 13.000 gebouwen baarne út, it meastepart fan it bekende Sunset Boulevard ynbegrepen. Sa'n 180.000 minsken wurde evakuëarre.
- 11 - By de ûntploffing fan in benzinestasjon yn Al-Bayda, yn Jemen, komme 40 minsken om.
- 15 - Nei wiken fan ympasse slagget it de plysje fan Súd-Koreä einlings om it Blauwe Hûs, de presidinsjele residinsje, binnen te kommen en presidint Yoon Suk-Yeol te arrestearjen foar dy syn mislearre steatsgreep yn begjin desimber.
- 15 - Israel en de Palestynske fersetsbeweging Hamas komme nei mear as 13 moannen einlings in nij sjitferbod oerien yn harren konflikt yn 'e Gazastripe.
- 18 - As yn Suleja, yn Nigearia, in strâne tankwein ûntploft dêr't lju benzine út oan it ôftaapjen binne, komme 99 minsken om.
- 19 - It sjitferbod tusken Israel en de Palestynske fersetsbeweging Hamas yn harren konflikt yn 'e Gazastripe giet yn.
- 20 - Yn Washington, D.C. wurdt Donald Trump ynsward as de 47e presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 21 - By in brân yn in hotel yn it Turkske wintersportoard Kartalkaya komme 78 minsken om.
- 23 - Tailân fiert it homohoulik yn.
- 24 - De stoarm Éowyn brekt alle rekôrs yn Ierlân mei wynfaasjes fan 183 km/h. Mear as in miljoen wenten komme sûnder stroom te sitten, mar der komt mar ien persoan om it libben.
- 24 - By in grutte brân yn Frjentsjer geane santjin oldtimers ferlern.
- 25 - By in ynbraak yn it Drintsk Museum yn Assen wurdt û.m. de Dasyske goudene Helm fan Coțofenești stellen, ien fan 'e wichtichste argeologyske erfstikken fan Roemeenje, dy't yn Nederlân te lien is.
- 26 - By de presidintsferkiezings yn Wyt-Ruslân wurdt troch wiidweidige stimbusfraude en yntimidaasje fan it elektoraat diktator Aleksander Lûkasjenko op 'e nij ta presidint "keazen".
- 27 - It Sineeske bedriuw DeepSeek set de I.T.-wrâld op 'e kop as it bekend makket dat de ûntwikkeling fan 'e eigen keunstmjittich yntelliginte chatbot mar $6 miljoen koste hat. It ding liket teminsten likegoed te wêzen as ChatGPT fan it Amerikaanske OpenAI, dat miljarden koste hat. Wrâldwiid ferlieze I.T.-bedriuwen op 'e effektebeurzen foar miljarden dollars oan wearde.
- 29 - Yn de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. komme by in loftbotsing boppe de rivier de Potomac in Bombardier CRJ700-ferkearsfleantúch en in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter fan it Amerikaanske Leger mei-inoar yn botsing. Beide tastellen komme del yn 'e rivier en alle 67 ynsittenden (64 yn it fleantúch, 3 yn 'e helikopter) komme om it libben.
- 31 - By Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, stoart koart nei it opstiigjen in Learjet 55 del. Alle 6 ynsittenden komme dêrby om.
- febrewaris
- 4 - By in sjitpartij yn it Sweedske Örebro komme 11 minsken om (ynkl. de skutter), en reitsje nochris 15 oaren ferwûne.
- 4 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket bekend dat er fan doel is om 'e Gazastripe te anneksearjen, de hiele Palestynske befolking te deportearjen en der de "Riviêra fan Midden-Easten" fan te meitsjen. Sawol yn eigen lân as om utens wurdt syn plan mei ferbjustering ûntfongen en as folslein ûnreälistysk beskôge.
- 10 - Der komme teminsten 55 minsken om as by in busûngemak in autobus by in brêge delrekket oer de rivier de Las Vacas yn Gûatemala.
- 13 - By it Grinslânske Usquert hat in ierdbeving plak fan 2,2 op de skaal fan Richter.
- 18 - De Amerikaanske presidint Donald Trump beslút om wer diplomatike betrekkings mei Ruslân oan te gean.
- 23 - By parlemintsferkiezings yn Dútslân komt de konservative CDU/CSU as winner út 'e bus. Partijlieder Friedrich Merz wurdt de nije bûnskânselier. De op ien nei grutste partij, mei rûchwei 20% fan 'e stimmen, wurdt it ekstreem-rjochtse AfD, dat in neo-nazistyske fleugel hat.
- 28 - In moeting fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump mei de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. rint folslein mis as Trump en syn fise-presidint J.D. Vance harren gast foar de kamera's op groteske wize ferwiten begjinne te meitsjen en it leksum lêze. Yn Jeropa wurdt dizze "mûklaach", sa't it barren yn 'e media omskreaun wurdt, sjoen as de earste stap fan it definitive ferrie fan 'e Oekraïne troch Trump.
- maart
- 3 - De Amerikaanske presidint Donald Trump skoarret alle militêre help oan 'e Oekraïne op.
- 4 - It Amerikaanske biotechnologybedriuw Colossal Bioscences kreëarret in hûsmûs mei beskate lichaamlike eigenskippen fan 'e wolhierrige mammoet (de saneamde "wolhierrige mûs") as stap op 'e wei nei it ûnútstjerren fan 'e wolhierrige mammoet.
- 4 - Sûdaan klaget de Feriene Arabyske Emiraten oan by it Ynternasjonaal Gerjochtshôf foar genoside yn 'e Sûdaneeske regio Darfoer. De Feriene Arabyske Emiraten jouwe militêre stipe oan 'e Flugge Understipingskrêften (RSF), in milysje ferantwurdlik foar de genoside, dêr't it Sûdaneeske regear mei yn boargeroarloch is.
- 6 - By in grutte brân yn it sintrum fan Arnhim geane tsien gebouwen werûnder in tal ryksmonuminten út de 19e iuw ferlern.
- 6 - By it Belgyske La Louvière stoart by de sloop fan in brêge oer it Centrumkanaal, by ûngelok in part fan de brêge yn, werby't ien meiwurker om it libben komt en twa meiwurkers ferwûne reitsje.
- 8 - Nei ferskate skermutselings mei rebellen dy't trou binne oan it rezjym fan 'e eardere diktator Basjar al-Assad, rjochtsje troepen fan it nije Syryske regear yn 'e noardwestlike kuststripe fan it lân in bloedbad oan ûnder alawiten, de religieuze minderheid dêr't Assad ta heart.
- 10 - Op de Noardsee foar de kust fan it Ingelske Hull komme it frachtskip de Solong en de tanker de Stena Immaculate mei-inoar yn botsing, beide skippen reitsje as gefolch dêrfan yn 'e brân.
- 11 - Rodrigo Duterte, de eardere presidint fan 'e Filipinen, wurdt arrestearre en útlevere oan it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach om berjochte te wurden foar misdieden tsjin 'e minsklikheid. Dy soed er ûnder syn regear begien hawwe troch drugsdealers en drugsferslaafden sûnder oansjens des persoans fermoardzje te litten troch spesjale moardeskaders.
- 16 - By in brân yn in nachtklub yn it Noardmasedoanyske Kočani komme teminsten 59 minsken om en reitsje 155 oaren ferwûne.
- 16 - Yn it Limburgske Falkenburch stoart de Wilhelminatoer yn, in ryksmonumint út 1906.[1]
- 18 - Nei't de militante Palestynske beweging Hamas wegere hat om ôf te wiken fan 'e ôfspraken sa't dy fêstlein binne yn it yn jannewaris yngiene sjitferbod yn it konflikt yn 'e Gazastripe, brekt Israel it sjitferbod en set útein mei in wiidweidige kampanje fan bombardeminten.
- 19 - Recep Tayyip Erdoğan, de presidint fan Turkije, lit de lieder fan 'e opposysje en syn wichtichste politike rivaal by de kommende presidintsferkiezings, de boargemaster fan Istanbûl Ekrem İmamoğlu, oppakke, sabeare foar korrupsje. Yn stêden yn it hiele lân geane minsken yn de folgjende wiken de strjitte op om te demonstrearjen.
- 27 - By in stekpartij op De Dam yn Amsterdam reitsje fiif minsken earnstich ferwûne. De plysje giet derfan út dat de frijwol daliks oppakte fertochte hannele út in terroristysk motyf.
- 28 - By in swiere ierdbeving yn Birma fan 7,7 op 'e skaal fan Richter wurdt yn dat lân en teffens yn it oanbuorjende Tailân gâns materiële skea oanrjochte. Der komme teminsten 4.900 minsken om en teminsten 6.600 oaren reitsje ferwûne. It episintrum fan 'e beving leit by Mandalay, yn it midden fan Birma.
- 31 - Yn Kurasau en Sint-Marten wurdt de Antiljaanske gûne ferfongen troch in nije muntienheid, de Karibyske gûne.
- april
- 2 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget hege ymportheffings oan foar hast alle lannen en territoaria yn 'e wrâld, mei as gefolch dat de oandielemerken yn 'e folgjende dagen kelderje.
- 8 - Under in konsert fan 'e sjonger Rubby Pérez yn 'e nachtklub Jet Set, yn Santo Domingo, de haadstêd fan 'e Dominikaanske Republyk, stoart it dak yn. Dêrby komme teminsten 231 minsken om, ûnder wa Pérez, en reitsje mear as 200 oaren ferwûne.
- 15 - By in boatramp op 'e rivier de Kongo yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komme teminsten 148 minsken om.
- 21 - Paus Fransiskus, dy't sûnt 2013 oan it haad fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke stiet, komt yn 'e âlderdom fan 88 jier te ferstjerren.
- 26 - De útfeart fan paus Fransiskus fynt plak yn Rome. Oerienkomstich syn sobere libbensstyl wurdt er neffens syn eigen winsken begroeven yn 'e Santa Maria Maggiore, in basilyk bûten Fatikaanstêd, mei op syn grêfsark inkeld de namme "Franciscus".
- 26 - By in oanslach mei in ridende auto yn 'e Kanadeeske stêd Vancouver komme 11 minsken om en reitsje 32 oaren ferwûne.
- 28 - It Ibearysk Skiereilân wurdt troffen troch in alomfetsjende stroomsteuring.
- 30 - De Feriene Steaten en de Oekraïne slute in oerienkomst oer de eksploitaasje fan minerale helpboarnen yn 'e Oekraïne. De Feriene Steaten wurde dêrtroch oanfitere ta it dwaan fan ynvestearrings yn 'e Oekraïne, wylst de Oekraïne mei it ferdrach de takomstige levering fan wapenreau feilichstelt foar de striid tsjin Ruslân.
- maaie
- 6 - Nei twa stimmings yn 'e Bûnsdei, it Dútske parlemint, wurdt de konservatyf Friedrich Merz keazen ta de nije bûnskânselier.
- 7-10 - In driigjende oarloch tusken Yndia en Pakistan einiget nei 4 dagen fan besjittings en bombardeminten oer en wer mei in troch Amerikaanske bemiddeling berikt sjitferbod.
- 8 - De Amerikaanske kardinaal Robert Francis Prevost wurdt keazen as de nije paus fan Rome. Hy komt op 'e Hillige Stoel ûnder de namme Leo XIV. Hy is de earste paus dy't ôfkomstich út de Feriene Steaten (hoewol't er ek de Perûviaanske nasjonaliteit hat).
- 12 - Yn Turkije beslút de Koerdyske Arbeiderspartij (PKK) himsels op te heffen nei 47 fan striid foar de Koerdyske saak.
- 18 - By presidintsferkiezings yn Roemeenje wint de progressive kandidaat Nicușor Dan mei in lyts ferskil fan syn ekstreem-rjochtse rivaal George Simion.
- juny
- 1 - By Operaasje Spinreach ferneatiget de Oekraïne yn it ramt fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch by in spektakulêr súksesfolle oanfal mei drones djip yn Russysk grûngebiet mear as 40 strieljager-bommesmiters fan 'e Russyske Loftmacht op fleanbases by Moermansk en Irkûtsk.
- 3 - Yn Nederlân falt it Kabinet-Schoof nei't Geert Wilders syn stipe ynlutsen hat en de ministers fan syn PVV út it kabinet weromlutsen hat.
- 6 - Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles brekke grutskalige protesten út nei't de ymmigraasjetsjint ICE dêr ferskate razzia's holden hat op 'e siik nei yllegale ymmigranten.
- 10 - By in sjitpartij op in skoalle yn it Eastenrykske Graz komme 10 minsken om en reitsje mear as 30 oaren ferwûne nei't in âld-learling it fjoer op harren iepenet.
- 12 - Air India-flecht 171 stoart koart nei it opstiigjen del op in hostel yn 'e stêd Ahmedabad, yn 'e dielsteat Gûdjarat, yn westlik Yndia. Dêrby komme 229 passazjiers, 12 bemanningsleden en 19 minsken op 'e grûn om. Ien passazjier oerlibbet de crash op wûnderbaarlike wize.
- 13 - Yn it Midden-Easten brekt de Tolvedeiske Oarloch út as Israel sûnder warskôging doelen yn Iraan begjint te bombardearjen. As reden jout it Israelyske regear fan premier Benjamin Netanyahu op dat Iraan op it punt stiet in eigen atoombom te ûntwikkeljen, hoewol't in neitiid iepenbier makke rapport fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinsten stelt dat Iraan noch trije jier fan dat punt ôf is.
- 14 - Yn stêden oeral yn 'e Feriene Steaten wurde reuseftige demonstraasjes holden yn it ramt fan 'e No Kings-protesten, rjochte tsjin 'e presidint Donald Trump dy't op deselde dei foar it earst yn 'e resinte Amerikaanske skiednis in militêre parade yn 'e haadstêd Washington, D.C. hâlde lit.
- 22 - De Amerikaanske presidint Donald Trump grypt yn yn 'e Tolvedeiske Oarloch tusken Israel en Iraan troch trije Iraanske nukleêre ûndersykskompleksen by Fordo, Natanz en Isfahan bombardearje te litten troch de Amerikaanske Loftmacht.
- 23 - As ferjilding foar de Amerikaanske bombardeminten fan in dei earder fiert Iraan raketoanfallen út op Amerikaanske legerbases yn Katar en Irak
- 24 - Under swiere druk fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump hâldt Israel op mei syn loftoanfallen op Iraan. Der komt in sjitferbod dat in ein makket oan 'e Tolvedeiske Oarloch.
- 24-25 - Yn De Haach wurdt foar it earst in top fan 'e NATO holden.
- 27 - Troch bemiddeling fan 'e Feriene Steaten en Katar komt yn Sintraal-Afrika nei trije jier oarloch in foarriedich fredesferdrach ta stân tusken de Demokratyske Republyk Kongo en Rûanda.
- july
- 4 - By in hommels opkommende oerstreaming fan 'e rivier de Guadalupe yn 'e Amerikaanske steat Teksas komme mear as 135 minsken om, wêrûnder tsientallen jonge famkes dy't fakânsje fiere yn it simmerkamp Camp Mystic.
- 13 - By de stêd As-Sûweida, yn it suden fan Syrje, brekke swiere gefjochten út tusken twa etnyske groepen: Druzen en Arabyske bedoeïnen.
- 14 - It Syrysk oergongsregear stjoert troepen nei it suden fan it lân om tuskenbeiden te kommen yn it oangeande Druzysk-bedoeynsk konflikt.
- 16 - Israel bombardearret it Presidinsjeel Paleis en it militêr haadkertier yn 'e Syryske haadstêd Damaskus, wêrmei't it yn namme oan 'e kant fan 'e Druzen ynterveniëarret yn it Druzysk-bedoeynsk konflikt yn súdlik Syrje. It Syrysk oergongsregear lûkt syn troepen út it gebiet werom.
- 21 - In strieljager fan 'e Bingaalske loftmacht stoart del yn 'e haadstêd Daka. Dêrby komme de piloat en 30 minsken op 'e grûn om it libben.
- 24 - Yn protest tsjin de hongersneed yn Gaza dy't moedwillich troch Israel feroarsake is, kundiget de Frânske presidint Emmanuel Macron oan dat syn lân yn septimber de ûnôfhinklikheid fan Palestina erkenne sil.
- 24 - Angara Airlines-flecht 2311 stoart del by Tynda yn it Russyske Fiere Easten. Alle 48 ynsittenden komme dêrby om.
- 21 - It langrinnende grinskonflikt tusken Kambodja en Tailân lôget wer op mei nije skermutselings mei swiere wapens.
- 27 - Yn Dútslân fynt by it plak Riedlingen, yn 'e dielsteat Baden-Wuertemberch, in treinramp plak, wêrby't 3 minsken omkomme en 36 oaren ferwûne reitsje.
- 28 - Yn it grinskonflikt tusken Kambodja en Tailân wurdt troch bemiddeling fan Maleizje in sjitferbod sletten.
- 29 - De Britske premier Keir Starmer kundiget oan dat syn lân yn septimber de ûnôfhinklikheid fan Palestina erkenne sil as Israel net ophâldt mei it blokkearjen fan in sjitferbod yn it it konflikt yn 'e Gazastripe, iten yn it gebiet talit foar de hongerjende befolking en stappen set ta in twasteate-oplossing fan it bredere Israelysk-Palestynske konflikt.
- 30 - Marten Bergsma, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar winne yn Frjentsjer de 172ste PC. Marten Bergsma wurdt útroppen ta kening.
- 30 - In swiere ierdbeving fan 8,8 op 'e skaal fan Richter fynt plak foar de eastkust fan it Kamtsjatkaskiereilân yn it Fiere Easten fan Ruslân. Tsûnamywarskôgings wurde útfurdige yn Japan, Hawaï Alaska en oan 'e westkust fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, mar it spul rint mei in skamper ôf.
- augustus
- 6 - Stiens wint yn Wommels de 123ste Freulepartij.
- 8 - Under bemiddeling fan 'e Feriene Steaten ûndertekenje Armeenje en Azerbeidzjan in alomfetsjend fredesferdrach dat in ein makket oan it 37 jier duorjende Nagorno-Karabachkonflikt.
- 11 - Der wurdt bekend makke dat der yn Nederlân in grut datalek by it befolkingsûndersyk west hat, wêrby't de persoanlike gegevens fan sa'n 800.000 minsken bútmakke binne troch kriminele Russyske hackers.
- 13 - By De Hoeve, yn Weststellingwerf, stoart Hiteluchtballon PH-GPH del by de lâning. Dêrby komt 1 persoan om it libben en 5 oaren reitsje ferwûne.
- 15 - De Amerikaanske presidint Donald Trump en de Russyske presidint Vladimir Pûtin moetsje inoar op in top yn Anchorage, yn 'e Amerikaanske steat Alaska. De beide mannen besprekke in plan om in ein te meitsjen oan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch, mar dêr komt neitiid net folle fan op 'e hispel.
- 19 - Yn westlik Afganistan komme teminsten 79 minsken om it libben by in ferkearsûngemak mei in bus dy't deportearre Afgaanske migranten út Iraan ferfiert.
- 20 - Martzen Deinum, Louise Krol en Sjanet Wijnia winne yn Weidum de 49ste Frouljus-PC. Sjanet Wijnia wurdt útroppen ta keninginne.
- 22 - De Feriene Naasjes stelle formeel fêst dat der hongersneed hearsket yn 'e Gazastripe, feroarsake troch de oanhâldende Israelyske blokkade fan iten.
- 25 - Troch in oanfarring fan in kraanskip mei in heechspanningskeabel by Kystersyl komt in grut part fan Ljouwert en omkriten oerenlang sûnder stroom te sitten.[2]
- 30 - Yn it ramt fan 'e politike krisis yn Tailân set it Grûnwetlik Gerjochtshôf premier Paetongtarn Shinawatra ôf omreden fan etyske misdragings (te witten: wat hja op 15 juny l.l. sei yn in tillefoanpetear mei de eardere Kambodjaanske premier Hun Sen, dat letter troch dyselde lekt is).
- 31 - It easten fan Afganistan wurdt troffen troch in ierdbeving fan 6,0 op 'e skaal fan Richter. Dêrby komme teminsten 2.205 minsken om en reitsje 3.500 oaren ferwûne.
- septimber
- 3 - Yn 'e Portegeeske haadstêd Lissabon komme 16 minsken om en reitsje nochris 23 oaren ferwûne by de ûntspoaring fan 'e Elevador da Glória, in keabeltram.
- 8 - Yn Frankryk wurdt de regearing-Bayrou ûnder fuotten helle troch in moasje fan wantrouwen.
- 8-13 - By grutskalige anty-regearingsprotesten fan 'e jongerein yn Nepal komme 75 minsken om en reitsje nochris 2.113 oaren ferwûne.
- 9 - In Israelyske loftoanfal op 'e delegaasje fan 'e Palestynske militante beweging Hamas yn 'e Katareeske haadstêd Doha makket in ein oan 'e ûnderhannelings tusken Hamas en Israel oer de frijlitting fan 'e Israelyske gizelders en de beëiniging fan 'e Gaza-oarloch.
- 9 - Yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch kringe 19–23 Russyske drones, dy't belutsen binne by in oanfal op 'e Oekraïne, it loftrom binnen fan buorlân en NATO-lid Poalen.
- 10 - De Amerikaanske ekstreem-rjochtse polityk aktivist Charlie Kirk wurdt by in oanslach deasketten wylst er in taspraak jout op in universiteitskampus yn Orem (Utah).
- 11 - It Federaal Heechgerjochtshôf fan Brazylje feroardielet âld-presidint Jair Bolsonaro ta 27 jier finzenisstraf foar syn belutsenens by de mislearre steatsgreep fan 2022.
- 16 - In kommisje fan 'e Feriene Naasjes stelt offisjeel fêst dat Israel him yn 'e Gaza-oarloch skuldich makket oan genoside tsjin 'e Gazaanske Palestinen.
- 20 - In ekstreem-rjochtse demonstraasje op it Malieveld yn De Haach rint út op in gewelddiedige opskuor, wêrby't de plysje en it haadkertier fan 'e partij D'66 oanfallen wurde.
- 21-23 - Op 'e Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes yn New York erkenne it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Portegal, Frankryk, Belgje, Lúksemboarch, Malta, Andorra, Monako en San Marino formeel it bestean fan in ûnôfhinklike Palestynske steat.
- 28 - By de parlemintsferkiezings yn Moldaavje wint de pro-Jeropeeske partij PAS op 'e nij in absolute mearderheid, nettsjinsteande alle krewearjen fan Ruslân om it ferkiezingsproses te ûntregeljen en eigen striemannen oan it bewâld te helpen.
- 30 - In swiere ierdbeving fan 6,9 op 'e skaal fan Richter treft it Filipynske eilân Sebû. Dêrby falle 73 deaden en reitsje 297 oaren ferwûne.
- oktober
- 3 - Gruthartoch Hindrik fan Lúksemboarch abdisearret yn it foardiel fan syn soan, dy't as Willem V op 'e gruthartoglike troan komt.
- 3 - Dame Sarah Mullally wurdt beneamd as de earste froulike aartsbiskop fan Canterbury (dy't yn 'e praktyk it haad fan 'e Anglikaanske Tsjerke is).
- 9 - Yn it ramt fan 'e Gaza-oarloch wurde Israel en Hamas it ûnder bemiddeling fan 'e Feriene Steaten iens oer in sjitferbod.
- 9 - Yn it ramt fan it konflikt tusken Afganistan en Pakistan fiert Pakistan bombardeminten út op 'e Afgaanske haadstêd Kabûl en trije oare stêden.
- 10 - De Perûviaanske presidinte Dina Boluarte wurdt mei unanime stimmen ôfset troch it Kongres fan 'e Republyk omreden fan "permaninte morele ynkapasiteit".
- 12 - By de presidintsferkiezings yn Kameroen wurdt de sittende 92-jierrige presidint Paul Biya "werkeazen" foar in achtste presidintstermyn. Biya, dy't al sûnt 1982 regearret, is de langst sittende presidint fan 'e wrâld. Der wurdt algemien oannommen dat der sprake is fan stimbusfraude, mei't er yn syn lân tige ympopulêr is.
- 13 - Yn it ramt fan it sjitferbod dat ta stân kommen is tusken Israel en Hamas lit Hamas de lêste 20 libbene Israelyske gizelders frij. Israel lit dêrop 250 Palestynske finzenen frij en ek 1.700 Palestinen dy't al langere tiid yllegaal, want sûnder foarm fan proses, fêstholden wurde.
- 14 - Yn Madagaskar liede oanhâldende protesten tsjin it regear fan presidint Andry Rajoelina ta in in steatsgreep wêrby't it leger de macht grypt. Kolonel Michael Randrianirina wurdt de nije presidint.
- 19 - Op ljochtskyndei fyn der in oerfal plak op it Louvre yn 'e Frânske haadstêd Parys, wêrby't de Frânske kroanjuwiellen stellen wurde.
- 21 - Sanae Takaichi wurdt de earste froulike premier fan Japan.
- 26 - East-Timor wurdt lid fan ASEAN, de Assosjaasje fan Súdeastaziatyske Lannen.
- 26 - It Bloedbad fan Al-Fasjir: yn 'e Tredde Sûdaneeske Boargeroarloch feroverje de Flugge Stipekrêften (RSF), de milysje dy't tsjin it regearingsleger fjochtet, de stêd Al-Fasjir yn 'e westlike regio Darfoer. Neitiid fine der massamoarden, ferkrêftings en plonderings troch de RSF plak ûnder de boargerbefolking, wêrby't nei skatting teminsten 2.500 boargers omkomme.
- 28 - De Orkaan Melissa, mei de swierte fan kategory 5, komt oan lân op Jamaika mei wynfaasjes fan 298 km/h. Dêrby wurdt in ûnbidige hoemannichte skea oanrjochte en komme teminsten 22 minsken om. Op it buoreilân Hispanjoala komme yn Haïty 30 minsken om en yn 'e Dominikaanske Republyk nochris 4.
- 28 - De gemeenteried fan Dantumadiel stimt yn mei de keapsnein. De earste sneinsiepening fan 'e winkels yn Dantumadiel sil op 2 novimber 2025 plak ha.[3]
- 29 - Yn Nederlân wurde de Twadde Keamerferkiezings holden. Grutte winner is D66, wylst de PVV 11 sitten ferliest en de partij wurdt mei op ien nei de measte stimmen. Beide partijen krije 26 sitten yn 'e nije Twadde Keamer.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Wayne Osmond, Amerikaansk sjonger (* 1951)
- 2 - Ágnes Keleti, Hongaarsk turnster (* 1921)
- 2 - Ján Zachara, Slowaaksk bokser (* 1928)
- 3 - Willem van Kooten, Nederlânsk radio presintator (* 1941)
- 4 - Tomiko Itooka, Aldste minske fan de wrâld (* 1908)
- 7 - Jean-Marie Le Pen, Frânsk politikus (* 1928)
- 8 - Lyn Lepore, Australysk hurdfytster (* 1961)
- 12 - Jan Randles, Australysk atlete (* 1945)
- 14 - Jack Kooistra, Frysk sjoernalist (* 1930)
- 15 - Linda Nolan, Iersk sjongster (* 1959)
- 17 - Manuëla Kemp, Nederlânsk sjongster en presintatrise (* 1963)
- 20 - Fred Newhouse, Amerikaansk atleet (* 1948)
- 20 - John Sykes, Ingelsk gitarist (* 1959)
- 21 - Keiichi Suzuki, Japansk reedrider (* 1942)
- 21 - Mauricio Funes, Salvadoraansk presedint (* 1959)
- 22 - Johan Slager, Nederlânsk gitarist (* 1946)
- 23 - Esther Jansma, Nederlânsk dichteres (* 1958)
- 24 - Johan Doesburg, Nederlânsk regisseur (* 1955)
- 25 - Greg Bell, Amerikaansk fierspringer (* 1930)
- 29 - Vadim Naoemov, Russysk keunstrider (* 1969)
- 29 - Evgenia Sjisjkova, Russysk keunstriidster (* 1972)
- 29 - Gerwin Visser, Frysk radioprodusint (* 1999)
- 30 - Richard Button, Amerikaansk keunstrider (* 1929)
- 30 - Marianne Faithfull, Ingelsk sjongster (* 1946)
- febrewaris
- 1 - Horst Köhler, Dútsk politikus (* 1943)
- 2 - Brian Murphy Ingelsk akteur (* 1932)
- 3 - Ferd Hugas, Nederlânsk akteur en skenarioskriuwer (* 1937)
- 4 - Marijke Stultiens-Thunnissen, Nederlânsk keunstner (* 1927)
- 5 - Ernst-Joachim Küppers, Dútsk swimmer (* 1942)
- 6 - Richard Meredith, Amerikaansk iishockeyer (* 1932)
- 9 - Sigrid Koetse, Nederlânsk aktrise (* 1935)
- 10 - Ron Brandsteder, Nederlânsk presintator (* 1950)
- 11 - Georgios Roubanis, Grysk atleet (* 1929)
- 11 - Anneke Scholtens, Nederlânsk skriuwster (* 1955)
- 13 - Jacqueline van Maarsen, Nederlânsk skriuwster (* 1929)
- 14 - Alice Hirson, Amerikaansk aktrise (* 1929)
- 15 - Jaap van der Doef, Nederlânsk politikus (* 1934)
- 17 - Frits Bolkestein, Nederlânsk politikus (* 1933)
- 18 - Gene Hackman - Amerikaansk akteur (* 1930)
- 19 - Frits Korthals Altes, Nederlânsk politikus (* 1931)
- 19 - Kent Bernard - Trinidikaanks atleet (* 1942)
- 22 - Hans van den Broek, Nederlânsk politikus (* 1936)
- 24 - Roberta Flack, Amerikaansk sjongeres (* 1937)
- 26 - Michelle Trachtenberg, Amerikaansk aktrise (* 1985)
- ein febrewaris - Klaus Richtzenhain - Dútsk atleet (* 1934)
- maart
- 1 - Angie Stone, Amerikaansk sjongeres (* 1961)
- 2 - Wim van den Heuvel Nederlânsk akteur (* 1928)
- 2 - Dieuwertje Blok, Nederlânsk presintatrise (* 1957)
- 4 - Judith de Leeuw, Nederlânsk diskjockey (* 1936)
- 4 - Roy Ayers, Amerikaanske funk-, soul- en jazzfibrafoanist. (* 1940)
- 5 - Fred Stolle, Australysk tennisser (* 1938)
- 6 - Brian James, Ingelsk gitarist (* 1955)
- 7 - Brûni Heinke, Nederlânsk aktrise (* 1940)
- 7 - Eddy Sikma, Frysk keunstner (* 1957)
- 8 - Philippe Bär, Nederlânsk biskop en mûnts (* 1928)
- 9 - Richard McTaggart, Skotsk bokser (* 1935)
- 9 - Akinori Nakayama, Japansk turner (* 1943)
- 11 - Norair Nurikian, Bulgaarsk gewichtheffer (* 1948)
- 16 - Rob de Nijs, Nederlânsk sjonger (* 1942)
- 20 - Eddie Jordan, Iersk autokoereur en ûndernimmer (* 1948)
- 21 - Giancarlo Guerrini, Italjaansk wetterpoloër (* 1939)
- 21 - George Foreman, Amerikaansk bokser (* 1949)
- 23 - Bram Biesterveld, Nederlânsk akteur (* 1938)
- 27 - Loretta Schrijver, Nederlânsk nijslêzer (* 1956)
- maaie
- 16 - Jan Terlouw, Nederlânske politikus, natuerkundige en skriuwer (* 1931)
- 16 - Hans Wiegel, Nederlânske politikus fan de VVD (* 1941)
- 24 - Cor Boonstra, Nederlânske bestjoerder, ûndernimmer en topfunksjonaris (* 1938)
- juny
- 14 - Henk van Os, Nederlânsk keunsthistoarikus (* 1938)
- 25 - Wim van Eekelen, Nederlânsk VVD-politikus (* 1931)
- july
- 1 - Nico Zwinkels, Nederlânsk telefyzjepresintator (* 1945)
- 15 - Audun Grønvold, Noarsk freestyleskyer (* 1976)
- 20 - Malcolm-Jamal Warner, Amerikaansk akteur (* 1970)
- 22 - Ozzy Osbourne, Ingelsk sjonger (* 1948)
- 23 - George Kooymans, Nederlânsk gitarist (* 1948)
- 24 - Chiel Montagne, Nederlânsk presintator en radio-dj (* 1944)
- 24 - Hulk Hogan, Amerikaansk akteur en wrakselder (* 1953)
- 28 - Laura Dahlmeier, Dútsk biatlete (* 1993)
- augustus
- 2 - Kelley Mack, Amerikaansk aktrise (* 1992)
- 3 - Stella Rimington, Ingelsk skriuwster en feilichheidsamtner (* 1935)
- 7 - Jim Lovell, Amerikaansk romtefarder (* 1928)
- 13 - Joop Niezen, Nederlânsk sjoernalist en fuotballer (* 1935)
- 20 - Brent Hinds, Amerikaansk gitarist (* 1974)
- 28 - Oscar Zijlstra Frysk doelman (* 1952)
- septimber
- 1 - Graham Greene, Kanadeesk akteur (* 1952)
- 10 septimber - Charlie Kirk, Amerikaansk konservatyf polityk aktivist en skriuwer (* 1993)
- 11 - Sipco Feenstra, Frysk fotograaf (* 1964)
- 13 - Gerard Cox, Nederlânsk sjonger en akteur (* 1940)
- 16 - Robert Redford, Amerikaansk akteur en regisseur (* 1936)
- 16 - Joke Bruijs, Nederlânsk sjongster en aktrise (* 1952)
- 16 - Tomas Lindberg - Sweedsk sjonger (* 1972)
- 23 - Claudia Cardinale - Italjaansk aktrise (* 1938)
- 26 - Christian, Italjaansk sjonger (* 1943)
- oktober
- 1 - Jane Goodall - Ingelsk antropologe en biologe (* 1934)
- 4 - Paul Van Bruystegem - Flaamsk bassist en gitarist (* 1959)
- 7 - Edward Reekers, Nederlânsk sjonger en stimakteur (* 1957)
- 7 - Hezahiah Nyamau, Keniaask atleet (* 1942)
- 10 - Csaba Köves, Hongaarsk skermer (* 1966)
- 14 - Randy Wiel, Nederlânsk basketballer (* 1951)
- 14 - Alexander Dityatin, Russysk turner (* 1957)
- 16 - Ace Frehley, Amerikaansk gitarist (* 1951)
- 18 - Sam Rivers, Amerikaansk bassist (* 1977)
- 19 - Els de Groen, Nederlânske skriuwster (* 1949)
- 19 - Daniel Naroditsky, Amerikaansk skaakgrutmaster (* 1995)
- 20 - Selma van de Perre, Nederlânsk fersetstriidster (* 1922)
- 23 - June Lockhart, Amerikaansk aktrise (* 1925)
- 24 - Sirikit fan Tailân, keninginne fan Tailân (* 1932)
- 30 - Charles Coste, Frânsk hurdfytser (* 1924)
- novimber
- 3 - Dick Cheney, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1941)
- 3 - Joost Prinsen, Nederlânsk akteur en presintator (* 1942)
- 6 - Viola Holt, Nederlânsk presentatrise (* 1949)
- 7 - Ans Schut, Nederlânsk reedrydster (* 1944)
- 10 - Hilly Harms, Frysk aktrise (* 1938)
- Datum ûnbekend
- septimber- Sjouke Lousma, Frysk sjoernalist en presintator
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- non-fiksjewurken
| Jierren: | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 | 2030 |
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
