Feare

Ut Wikipedy
Feare
Haven fan Feare
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Feare
Sifers
Ynwennertal 1.610 (2020 [1])
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.veere.nl
De Grutte tsjerke fan Feare (sjoen fan it stedhûs ôf
Stedhûs fan Feare
Campveerse Toren sjoen fanôf de Veerske Mar
De tsjerke fan Feare, ± 1700
Feare, 22 desimber 2007

Feare (Nederlânsk en offisjeel: Veere; Siuwsk: (Ter) Veere) is in histoaryske stêd op it eardere eilân Walcheren yn de Nederlânske provinsje Seelân. De stêd leit oan de noardeastkant fan Middelburch oan it Kanaal troch Walcheren en oan de Veerse Meer. Op 1 jannewaris 2010 telde de stêd Feare 1650 ynwenners. Feare is ûnderdiel fan de lykneamde gemeente Feare.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feare begûn yn de 13e iuw as havenplak as buorskip Kampvere of Ter Veere, lizzend yn de parochy en it ambacht Zandijk. Dit blykt út in oarkonde út 1282, wêryn't Wolfert fan Borsele, ambachtshear fan Zandijk, en syn frou Sybille in oantal fan harren besittings opdrage oan de frou fan greve Floris V, grevinne Beatrix. Dy besittings wiene ûnder mear kastiel Zandenburg, in wettermole, in molewetter, in haven mei rjocht op havenjild, de havendyk en alle persielen oant 50 roeden fanôf de havendyk. [2]

Yn 1318 wiene der al Italjaanske bankiers, Lombarden, yn Feare, wat der op wiist dat der al hannele waard.[3]

Feare skiede him foar 1339 ôf fan it ambacht Zandijk.[4]

Yn 1346 wurdt Feare beskreaun as 'die veste ter Vere', mar ek as doarp. Letter, yn de 15e iuw waard Feare stêd neamd, mei it byhearrende stedsrjocht.[5]

Yn 1509 waard de stêd troch in stoarmfloed troffen.

Under ynfloed fan it aadlike laach Van Borssele boaske Wolfert VI fan Borselen yn 1444 de Skotske keningsdochter Mary Stuart, dochter fan Jacobus I fan Skotlân. Trochdat it yn 1541 it steapelplak fan Skotske wol yn de Nederlannnen waard, kaam Feare ta grutte bloei. It steapelkontrakt, in ferdrach tusken keizer Karel V, hear fan de Nederlannen en de Skotske kening late ta de fêstiging fan in grutte Skotske koloanje yn de lytse havenstêd. Yn 1600 wiene 300 fan de 3000 ynwenners Skotsk en hja hiene yn harren "lord conservator", in troch de Skotske kening beneamde bestjoerder, in eigen notaris, âlderling, plysjeman en rjochter. Yn de tiid fan foar de machtenskieding koene dy funksjes noch feriene wurde. De Lord Conservator droech as teken fan syn weardigens in aairûne sulveren plaat mei de Skotske stikel, de keningskroan en it biedwurd fan de Oarder fan de Stikel "Nemo Me Impune Lacessit". Dêrûnder hinge in lytser skyldsje mei in ôfbylding fan Sint-Andreas en syn andreaskrús. Soksoarte plaat wurdt yn Feare bewarre. Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard Feare Spaanskgesind, oant yn 1572 op 4 maaie in groep geuzen foar de poarten stie en de ynname fan Feare binnen in dei syn beslach krige.

Feare yn 1652 troch J. Blaeu
Kaart fan it âlde sintrum fan Feare, mei gedieltlike festingring.

De Skotten wiene troch in bysûnder privileezje frijsteld fan aksyns op bier en wyn en mochten fan 1613 oant 1795 yn in eigen herberch oan de Wijngaardstrjitte goedkeap drinke. Der wie ek in Skotske, presbyteriaanske, tsjerke, wêryn't de rite fan de Skotske steatstsjerke folge waard en yn it Ingelsk preke waard.

Der waard hannele yn Skotske wol. De skippen brochten dakpannen, lekken, túnbouprodukten en wapens werom nei Skotlân.

Trije van de lords conservators, - it begryp "lord" betsjut yn dit gefal net dat it hege eallju wiene, it tsjut in magistraat oan -, binne it neamen wurdich:

  • William Davidson of Curriehill (1661-1671)
  • John Home (1764-1769)
  • John Turing (1769-1795); de lêste lord conservator fan Feare. Hy ferliet de stêd doe't de Frânske troepen en de weromkommende Nederlânske patriotten Seelân feroveren. It yn Feare tentoanstelde amtsteken hat fan him west en waard twahûndert jier lang yn syn famylje bewarre.

Yn 1572 slette Feare him, mei de measte oare Walcherske stêden, oan by de opstân tsjin it bewâld fan Alva. Yn de Republyk naam de stêd in foaroansteande posysje yn.

Yn de tiid fan de Bataafske Republyk waard Feare ynstee fan hannelsstêd wer in (earme) fiskershaven.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rike skiednis fan Feare, ien fan de santjin beskerme steds- en doarpsgesichten yn Seelân, blykt út de soad monuminten fan it stedsje:

  • De Grutte Tsjerke is fan 1348; sûnt 1811 waard de tsjerke troch soldaten fan Napoleon brûkt as militêr sikehûs; de tsjerke hat noch in skoft bidlershûs west en kazerne. It gebou draacht noch dúdlik de spoaren fan in oandien ferline.
  • It Stedhûs fan Feare út de fyftjinde iuw mei de prachtige foargevel; de toer mei it klokkespul is út de ein fan de 16e iuw. It kariljon is keazen ta ien fan de moaiste fan Nederlân. De riedseal is op de earste ferdjipping. Hjir hinget ûnder oare de stambeam fan it hûs fan Oranje‑Nassau, skildere yn 1936 troch jonkhear A.W. den Beer Poortugael.
Ald hûs njonken it stedhûs, út 1579
  • 'De Skotske Huzen' oan de Kaai, yn de 16e iuw boud troch rike Skotske keaplju. Dizze beide huzen mei de nammen, "Het Lammeken" en "In den Struys", biede sûnt 1950 ûnderkommen oan it Museum 'De Schotse Huizen'.
  • De Campveerse Toer, boud as in diel fan de stedsferdigening om 1500 hinne; sûnt de 16e iuw waard de toer brûkt as herberch en kustljocht. It is ien fan de âldste noch besteande herbergen yn Nederlân.
  • De Mole, mei de namme "De Koe".

Dêby komme noch ferskate lytsere monuminten. Net folle kinne har foarstelle dat Feare in wichtige havenstêd west hat en dat ein 17e iuw binnen de stedswâlen sa'n 750 huzen stien hawwe tsjin no amper 300.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feare hjitte oarspronklik Kampvere; it wie it plak dêr't it fear fan Walcheren nei Noard-Bevelân farde. It fear farde nei it yn 1530 ferdronken doarp Campen, letter nei Kamperland. De Campveerse Toer ferwiist mei syn namme oan dizze oerhaal. De ôfsluting yn 1961 fan it Veerse Gat hat it fear oerstallich makke, mar bestjutte ek de ein fan Feare as seehaven. Letter hat it Veerse Meer him ûntwikkele ta in wichtich rekreaasjegebiet mei in soad plesierfeart.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feare heat in strikt parkearbelied. Yn it sintrum binne alle parkeerplakken beteljend of allinnich foar fergunninghâlders. Krekt bûten it stedssintrum binne twa grutte parkearterreinen dêr't parkearejen de hiele dei fergees is. Fanút Feare ride twa buertbusferbinings, line 583 (nei Westkappelle) en line 584 nei Middelburch.

Lokale omrop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokale omrop fan de gemeente Feare is sûnt 2013 W-FM (Walcheren FM)

Berne yn Feare[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ald-ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vondsten in Feare, Middeleeuwse voorwerpen uit een beerput van huis "In den Struys", Ellen Vreenegoor en Jan Kuipers (red.); uitgeverij Uniepers, Abcoude; ISBN 90 6825 174 0.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fearewaard faak neamd yn de komeedzje Oppassen!!! dêr't Coen Flink it personaazje Henry Buys spile. In bekende útspraak fan him is: " De naam is Buys, ex-burgemeester van het mooie plaatsje Veere".
  • De Nederlânske kening Willem-Alexander fiert de aadlike titel markys fan Feare en Flissingen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. CBS
  2. Oorkondenboek van Holland en Zeeland(OHZ), Earste ôfdieling oant de ein fan it Hollânske Hûs (2 dielen), L. Ph. C. van den Bergh; Amsterdam/De Haach, 1866-1873.
  3. De rekeningen der grafelijkheid van Zeeland onder het Henegouwse huis, H.G. Hamaker (diel 1, side 168); Werken Historisch Genootschap, nije rige 29, 30, Utert 1879-1880
  4. Groot charterboek der graaven van Holland, Zeeland en heeren van Friesland, Frans van Mieris (diel 2, side 603); Leien, 1753-1756.
  5. Groot charterboek der graaven van Holland, Zeeland en heeren van Friesland, Frans van Mieris (diel 2, side 857); Leien, 1753-1756.