Springe nei ynhâld

Paleis Soestdyk

Ut Wikipedy
Paleis Soestdyk

Paleis Soestdyk is in paleis oan de Amsterdamskestrjitwei yn Baarn by Soestdyk.

Om 1650 liet de Amsterdamse boargemaster Cornelis de Graeff, in jachthûs bouwe tusken Soest en Baarn. De jonge steedhâlder Willem III, in fervint jager, kocht de hofstede oan de Zoestdijck yn 1674. Yn 1702 erfde de Fryskse steedhâlder Johan Willem Friso Soestdyk trochdat Willem III sûnder bern stoar. Nei it ferstjerren fan Johan Willem Friso yn 1711 wennen syn frou en soan, de lettere steedhâlder Willem IV, simmerdeis op Soestdyk. Willem IV ferstoar yn 1751 en syn frou en soan bleauwen simmerdeis op Soestdyk wenjen. Lângoed de Eult, oan de oare kant fan de Amsterdamskestrjitwei, tsjintwurdich de Baarnske Bosk, is troch de erven fan Willem Gideon Deutz op 17 july 1758 foar 319.000 gûne ferkocht oan de prinses-gûvernante Anna fan Hannover. De steedhâlders jagen der, harren widdo's brochten der de simmers troch. Yn 1795 ferlear de family it jachtslot. Under Frânske ynfloed waard Soestdyk ‘nasjonalisearre’. It feroare sels efkes yn in Frânske kazerne. Yn 1815 wie alles wer oars. De Frânsen wienen fuort, Nederlân wie in keninkryk en de kroanprins – de lettere kening Willem II – krige it jachtslot kado foar syn optreden yn syn fjildslaggen tsjin de Frânsen.

De kroanprins en syn Russyske frou, prinses Anna Paulowna, lieten Soestdyk ferbouwe ta in echt simmerpaleis. Der kamen twa sydfleugels en alles waard nei de smaak fan de tiid - yn empirestyl – ynrjochte. Ek nei harren bleau de keninklike family it paleis brûken as simmerferbliuw. Benammen keninginne-mem kaam der graach. Yn 1928 krige hja foar har santichste jierdei in bysûnder geskink: elektrysk ljocht op Paleis Soestdyk.

Keninginne Juliana en prins Berhard

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Byld Kees Verkade

Permanint bewenne waard Paleis Soestdyk pas sûnt 1937, doe't prinses Juliana en prins Bernhard der nei harren trouwen yn wenjen kamen. Foar t earst yn syn skiednis waard it de wente fan in jonge húshâlding. Alle prinsessen, mei útsûndering fan prinses Margriet, waarden op Soestdyk berne. It Nederlânske folk hie it pear as Nasjonaal Huldeblyk in ferbouwing oanbean. It paleis krige sintrale ferwaarming en in komfortabel, modern appartemint oan de efterside.

Yn 1940 foelen de Dútsers Nederlân binnen. Oant de befrijing yn 1945 wykte de prinslike húshâlding út nei it bûtenlân. Opnij herberge Paleis Soestdyk bûtenlânske militêren, diskear Dútske offisieren. Nei de befrijing kaam it gesin werom en yn 1948 folge prinses Juliana har mem Wilhelmina op as keninginne. Paleis Soestdyk waard dêrmei de keninklike residinsje.

Unferjitlik binne de feestlike defilees dy't op Keninginnedei troch de foltallige keninklike family op it bordes ôfnomd waarden.

Wilhelmina-sjalet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wilhelmina-sjalet

Spesjaal foar de tolfde jierdei fan prinsesse Wilhelmina waard efteryn de tún in Switsersk sjalet boud dêr’t bernemeubeltsjes en in poppehûs yn kamen te stean. Ein 19e iuw kamen sokke sjalets yn parken in soad foar. Switserlân stie troch de ymposante natoer en de frisse loft as fakânsjebestimming heech oanskreaun by de elite. Yn kombinaasje mei it Alpenbeekje moast it skildereftige sjalet in ideaalbyld fan Switserlân oproppe. It rustike brechje oer it beekje fóar de chalet makke it byld kompleet. Yn werklikheid is it skynber rûchhoutene brechje yn semint útfierd. Dit barde troch in saneamde “rocailleur”, in ambachtsman dy’t him derop talei om alderhande geboukes, túnsieraden en brechjes yn semint in rotseftich of rûch houten uterlik te jaan.

Doe't prinses Beatrix ynhuldige waard as keninginne, yn 1980, wie Paleis Soestdyk gjin keninklike residinsje mear. Prinses Juliana en Prins Bernhard bleaune der wenjen oant harren dea yn 2004. Sûnt 1971 is it paleis Ryksbesit. Yn ôfwachting fan in nije bestimming waard it tydlik iepensteld foar it publyk.

Op 8 juny 2017 makke it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes buorkundich dat it paleis en it lân dat der by heart foar 1,7 miljoen euro ferkocht waard oan MeyerBergman Erfgoed Groep. It gehiel wurdt in proeftún foar ynnovaasje, dêr't ynstituten, bedriuwen en begjinnende ûndernimmers harren presintearje kinne. Ek komme der hoarekafoarsjenningen. It boskgebiet sil iepensteld wurde foar rekreanten. Op it terrein fan de eardere maresjauseekazerne komme wenten. It paleis wurdt fan 2020 ôf yngeand renovearre en restaurearre; ek de bygebouwen en it lângoed freegje om ûnderhâld. De totale kosten fan it projekt wurde rûsd op mear as 100 miljoen euro.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Soestdijk Palace fan Wikimedia Commons.