Springe nei ynhâld

Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johan Willem Friso)
Jehan Willem Friso
troch Bernard Accama

Jehan Willem Friso (Dessau, 4 augustus 1687 - Strijensas, 14 july 1711), foarst fan Nassau-Dietz (1696-1711), Prins fan Oranje (1702-1711), steedhâlder fan Fryslân (1707-1711) en Grinslân (1708-1711), wie de âldste soan fan Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia.

Nei de dea fan syn heit yn 1696 waard Jehan Willem Friso beneamd as foarst fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. Omdat er noch minderjierrich wie fungearre syn mem oant 1707 as regintes. As ienich erfgenamt fan syn efterneef steedhâlder Willem III krige hy yn 1702 de titel Prins fan Oranje derby.

De Spaanske Suksesjekriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As Generaal fan it Staatsleger die Jehan Willem Friso mei oan de Spaanske Suksesjekriich. Troch in misbegryp tusken him en de Britske kommandant, Marlborough ferlearen tûzenen Nederlanners it libben yn de slach by Malplakwet op 11 septimber 1709. Lykwols behelle hy yn dizze bluodderige fjildslach de oerwinning.

Op 14 july 1711 op wei nei De Haach foar besprekkings oer in erfkwestje, kaam de doe 23-jierrige Jehan Willem Friso troch ferdrinking om by it oerstekken fan it Hollânsk Djip by Moerdijk nei Strijensas. Koart dêrnei op 1 septimber 1711, waard syn soan Willem IV berne. Op 25 febrewaris 1712, goed 7 moannen nei syn dea, waard Jehan Willem Friso begroeven yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert.

Jehan Willem Friso troude op 26 april 1709 mei Maria Louise (1688-1765). Ut dat houlik waarden twa bern berne:

>