Soestdyk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Soestdyk (Nederlânsk en offisjeel: Soestdijk) is in wyk dy't foar in diel yn de gemeente Baarn en foar in gedielte yn de gemeente Soest leit.

Eartiids wie it in buorskip by de grins tusken beide gemeenten. It wie it noardlike ein fan it langhalige lint fan bebouwing dat de rêchbonke fan it doarp Soest foarmet.

Soestdyk hat in eigen spoarstasjon oan it spoar spoar Baarn-Utert.

Soestdyk krige syn nammebekendheid oan it yn it Baarnske gedielte lizzende Paleis Soestdyk.