De Vuursche

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gemeentewapen

De Vuursche wie in gemeente yn Utert. Tsjintwurdich falt De Vuursche ûnder de gemeente Baarn.

De Vuursche wie yn it earstoan in hearlikheid en oant en mei 8 septimber 1857 in selsstannige gemeente tusken Hilfertsom, Baarn en Soest. De gemeente bestie út it doarp Lage Vuursche en it buorskip Hooge Vuursche. Yn 1840 hie de gemeente 243 ynwenners, yn 19 hûzen. Sûnt 1857 is De Vuursche opnomd yn de gemeente Baarn.

De bosken yn de omkriten fan Lage Vuursche binne foar in grut part it eigendom fan Steatsboskbehear en hearre ta de boskwachterij De Vuursche. Yn de wykeinen lûkt it doarp in soad minsken, dy't benammen ôfkomme op de pankoekhúskes. By it doarp stiet ek kastiel Drakesteyn, dêr't de bern fan prinsesse Beatrix en prins Claus opgroeid binne.