Springe nei ynhâld

Beatrix fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prinsesse Beatrix)
Beatrix fan de Nederlannen
aadlik persoan en/of hearsker
Keninginne Beatrix maaie 2008
Keninginne Beatrix maaie 2008
echte nammeBeatrix Wilhelmina Armgard van Oranje-Nassau
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum31 jannewaris 1938
berteplakBaarn
dynastyOranje-Nassau
religyProtestantsk
Keninginne fan de Nederlannen
amtsperioade30 april 1980 - 30 april 2013
foargongerJuliana
opfolgerWillem-Alexander
Keninginne Beatrix troch Ben van der Geest

Beatrix fan de Nederlannen (Baarn, Paleis Soestdijk, 31 jannewaris 1938), folút Beatrix Wilhelmina Armgard van Oranje-Nassau, Prinsesse fan de Nederlannen, Prinsesse fan Oranje-Nassau, Prinsesse fan Lippe-Biesterfeld, wie fan 1980 oant 2013 keninginne fan Nederlân.

Beatrix waard berne as earste bern fan Keninginne Juliana en Prins Bernhard fan Lippe Biesterfeld. Op 10 maart 1966 troude se mei Prins Claus von Amsberg. It pear krige trije soannen: Willem-Alexander, Friso en Constantijn. Op 30 april 1980 folge se har mem, Keninginne Juliana, op as keninginne fan Nederlân. Op 28 jannewaris 2013 makke hja bekend dat it keningskip oerdrage soe. Op 30 april 2013 hat sy it keningskip oerdroegen oan har soan, Kening Willem-Alexander. Beatrix hat as keninginne in protte besites oan Fryslân brocht.