Springe nei ynhâld

Heit

Ut Wikipedy
In heit mei syn nijberne dochterke.

In heit is in man of mantsjesbist mei neiteam. Dit is in foarm fan earstegraads besibskip. By de minske wurdt sokke neiteam spesifiker oantsjut as (ien of mear) bern, dat sawol jonges as famkes wêze kinne. As it om in jonge giet, sprekt men fan in soan, en as it om in famke giet, fan in dochter. By bisten wurdt ornaris de algemiene term 'jongen' oanholden, sûnder fierder ûnderskie te meitsjen tusken de geslachten. De relaasje tusken in heit en syn bern wurdt oantsjut as it heitwêzen, en ek wol as de heitesteat of paterniteit. De jierlikse feestdei dêr't it heitwêzen op fierd wurdt, hjit Heitedei. In poppenamme foar in heit is yn it Frysk heity. Yn wurdferbinings komt fierders de argayske foarm faar noch wol foar (lykas yn 'aartsfaar'). It eigenskipswurd dat ferwiist nei de heit is heite-, heitich of paternaal.

De froulike wjergader fan 'e heit is de mem. Heit en mem wurde tegearre de âlden, âldelju of âlders neamd, en foarmje mei harren bern in famylje-ienheid dy't it gesin hjit, en dy't faak beskôge wurdt as de basisienheid fan 'e minsklike maatskippij. De bân tusken in heit en syn bern is almeast ien fan besibskip, wêrby't de heit de mem troch it hawwen fan geslachtsferkear swiermakke hat yn in biologysk proses dat fuortplanting neamd wurdt. Om dizze gong fan saken te ûnderskieden fan oare foarmen fan 'e heitesteat, wurde sokke heiten ek wol biologyske heit neamd. Oars as dat by de biologyske mem it gefal is, kin de rol fan 'e biologyske heit yn ferhâlding ta syn neiteam al by it geslachtsferkear mei de mem, it saneamde oansetten, einigje. Benammen by in protte soarten bisten is dat it gefal, mar ek by de minske komt it net selden foar dat de man syn relaasje mei in frou beëiniget sadree't se swier rekket, en har fierders foar it grutbringen fan syn bern opdraaie lit.

As de heit yn sokke gefallen of om oare redens (lykas ferstjerren, sykte of skieding fan 'e mem) net oan 'e opfieding fan syn bern dielnimme kin of wol, is it mooglik dat syn bern hielendal troch de mem grutbrocht wurde; men sprekt dan fan in allinnichsteande mem. Oan 'e oare kant komt it ek wolris foar dat in heit allinne de bern opfiedt, faak nei it ferstjerren fan 'e mem. Dan sprekt men fan in allinnichsteande heit. It kin ek dat it plak fan 'e heit nei de beëiniging fan syn relaasje mei de mem hielendal of foar in diel oernommen wurdt troch de nije man of freon fan 'e mem. Dy wurdt dan de styfheit neamd. As bern ûnderbrocht wurde by lju dêr't se hielendal gjin famyljebân mei hawwe, is de heit in pleechheit, of, as der in formele adopsje plakfûn hat, in adopsjeheit. Yn 'e praktyk wurde alle neamde soarten heiten troch de bern faak gewoan mei 'heit' oansprutsen. Fierders wurdt de heit fan jins oarehelte oantsjut as in skoanheit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes