Pake en beppe

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Betoerpake en -beppe")
Jump to navigation Jump to search
In pake leart syn pakesizzer om op in autoped te riden.

In pake en beppe foarmje in generaasje yn in minsklike famylje. It is ornaris in troud pear mei bernsbern (of pake- en beppesizzers), of, besjoen fanút it eachpunt fan 'e bernsbern, de âlden fan jins eigen âlden. Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip. It manlike lid fan it pear is de pake, en it froulike lid fan it pear is de beppe. It Frysk hat gjin eigenskipswurdlike ferbûging foar pake en beppe sa't it Nederlânsk dy wol hat (grootouderlijk). As men dêr wier om ferlegen sit, soe men eventueel fan 'twaddegraads âlderlik' of 'twaddegraads parintaal' sprekke kinne. Fanút it eachpunt fan 'e pake- en beppesizzers besjoen binne de âlden fan in pake en beppe de oerpake en -beppe, en dy har âlden de betoerpake en -beppe (sjoch fierder de list fan beneamings foar generaasjes). It foarheaksel "bet-" yn "betoerpake" en "betoerbeppe" komt fan "better", "mear".[1] Elts bernsbern hat in maksimum fan 4 biologyske pakes en beppes, 8 oerpakes en -beppes, 16 betoerpakes en -beppes, en sa fierder.

In styfpake of styfbeppe is in pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan ien fan 'e âlden fan it bernsbern is. In pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan 'e styfheit of styfmem fan it bernsbern is, soe as it der op oankomt in styfstyfpake of styfstyfbeppe neamd wurde kinne. Yn 'e praktyk sille alle styfpakes en -beppes troch de bernsbern lykwols gewoan 'pake' of 'beppe' neamd wurde.

Yn 'e skiednis fan 'e moderne minskheid woeks it tal lju dat langernôch libbe om pake of beppe te wurden om 30.000 jier lyn hinne tige sterk oan. It is ûnbekend wat persiis de oarsaak wie fan dy taname fan libbenslingte, mar it wichtichste gefolch wie dat fan doe ôf oan trije generaasjes fan ien famylje foar langere tiid gearlibje koene. Antropologen binne derfan oertsjûge dat dy ûntwikkeling foar it earst yn 'e minsklike skiednis it trochjaan, fia mûnlinge oerlevering, mooglik makke fan kennis dy't earder kear op kear ferlern gien wie en op 'e nij troch ûnderfining oanleard wurde moatten hie. De langere libbenslingte droech dêrom yn hege mjitte by oan 'e iere ûntwikkeling fan 'e minskheid.

Yn gefallen wêrby't de âlden net by steat of ûnwillich binne of ûngeskikt achte wurde om 'e opfieding fan harren bern te fersoargjen, wurdt de rol fan 'e primêre fersoargers gauris oernommen troch de pake en beppe. Sels bûten sokke gefallen om, en yn 't bysûnder yn tradisjonele kultueren, binne de pake en beppe faak direkt by it grutbringen fan harren bernsbern belutsen en ferfolje se datoangeande net selden in maatskiplik dúdlik ôfbeakene rol. Biologysk sjoen hawwe se dêr ek alle reden ta, om't harren bernsbern 25% fan harren genetysk materiaal yn har drage en der sadwaande foar soargje dat de genen fan harren pake en beppe nei dy harren ferstjerren fuortlibje sille.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de, Etymologisch Woordenboek, Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes