Allinnichsteande âlder

Ut Wikipedy

In allinnichsteande âlder is in allinnichsteande persoan dy't op it stuit net yn in fêste romantyske relaasje behelle is, mar dy't wol de primêre fersoarger is fan ien of mear bern. Spesifisearre nei geslacht kin in allinnichsteande âlder in allinnichsteande mem of in allinnichsteande heit wêze. Allinnichsteande memmen komme folle mear foar as allinnichsteande heiten. Allinnichsteande âlders meitsje om foar de hân lizzende redens mear gebrûk fan opfangfasiliteiten lyks de kres as âlderpearen. Wol is it sa dat allinnichsteande âlders oer it algemien minder bern hawwe as âlderpearen. Om't it dreech is om allinnich ien of mear bern te ûnderhâlden, libje allinnichsteande âlders en harren bern faker yn earmoede as gesinnen mei twa âlden (neffens sifers út 'e Feriene Steaten fiif kear sa faak). Nettsjinsteande dat nimt it tal allinnichsteande âlders en bern dy't troch allinnichsteande âlders grutbrocht wurde, wrâldwiid stadich ta.

Manearen om allinnichsteande âlder te wurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Men kin in allinnichsteande âlder wurde trochdat jins oarehelte komt te ferstjerren, en jin allinnich mei de bern efterbliuwe. Sokke allinnichsteande âlders, dy't widdo of widner binne, kamen foarhinne it measte foar. Fral nei grutte militêre konflikten, wêryn't in protte (manlike) soldaten sneuvelen, wiene (en binne der noch) altyd in protte allinnichsteande memmen dy't widdo binne.

Yn 'e Westerske maatskippij komt it hjoed de dei lykwols faker foar dat de allinnichsteande âlder en syn of har oarehelte skieden binne, mei as gefolch dat der in brutsen gesin ûntstien is. Gauris wurde de bern dêrby noch wol troch beide âlden yn in beskate mjitte fan gearwurdking grutbrocht, mar dan om en om, wêrby't meastal de mem de primêre fersoarger is, en de bern inkeld yn 'e wykeinen of de fakânsjes by de heit binne, dy't dan de rol fan sekundêre fersoarger op him nimt. It is lykwols net ûngewoan dat sa'n ôfwikseljende opfieding fan 'e bern liedt ta slepende deilisskip oer fâdijrjochten, benammen by fjochtskiedings dy't oer de rêch fan 'e bern hinne útfochten wurde.

In trêde faak foarkommende manear om allinnichsteande âlder te wurden, is troch ûnwinske swierwêzen. Dêrby giet it ornaris om tinerswierwêzen, wêrby't in famke út 'e leeftydskategory tusken de 12 en 18 jier swier rekket troch geslachtsferkear te hawwen sûnder foarbehoedsmiddels te brûken. Net selden spilet har ferkearing fan ruten sadree't er it berjocht kriget dat se yn ferwachting is, wêrnei't sy op eigen manneboet har bern grutbringe moat (faak mei help fan har âlden), as se der teminsten net foar kiest om abortus te dwaan.

Noch wer in oare wize om allinnichsteande mem te wurden is as froulju mei in bernewinsk mar sûnder relaasje sied helje by in spermabank of in oare spermadonor en harsels dêr swier mei meitsje litte. Yn sokke gefallen is der nea in manlike partner (aktyf) by de konsepsje belutsen, en is it fan it begjin ôf oan de kar fan 'e frou yn kwestje om allinnichsteande mem te wurden.

Statistyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 libbe likernôch 16% fan 'e bern yn 'e wrâld yn in húshâlding mei mar ien âlder. Yn Austraalje lei dat sifer yn 2003 op 14%, en yn 'e Feriene Steaten yn 2006 op 12,9%. Yn Nij-Seelân waard yn 2013 17,8% fan 'e bern grutbrocht troch allinnichsteande âlders. Fan 'e Nijseelânske ien-âlderhúshâldings waarden dat jiers fiif op 'e seis rund troch in allinnichsteande mem en ien op 'e seis troch in allinnichsteande heit. Yn Grut-Brittanje hie yn 2010 25% fan 'e húshâldings mei minderjierrige bern mar ien âlder. Dêrfan hie 8% oant 11% in allinnichsteande heit. Sifers oangeande earmoede út itselde jier litte sjen dat 52% fan 'e Britske ien-âlderhúshâldings ûnder de earmoedegrins libbe. Yn ûntwikkelingslannen komme allinnichsteande âlders trochinoar minder foar, en yn lannen yn Aazje en it Midden-Easten it minste fan allegear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes