Pake

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerpake)
Heidi en har pake.

In pake of (argaysk) oareheit (útspr. mei brekking yn it earste wurdlid: [warə'hɔit] of [warə'hɛit], "ûarreheit") is in man mei in soan of dochter dy't sels bern hat, of, beskreaun fanút it eachpunt fan sokke bernsbern (of pakesizzers), de heit fan ien fan jins âlden. Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip. It eigenskipswurd dat by 'pake' heart, is pakich of pake-eftich. De froulike wjergader fan in pake is in beppe. Tegearre foarmje pake en beppe in generaasje yn in minsklike famylje. Fanút it eachpunt fan 'e pakesizzers besjoen is de heit fan in pake de oerpake, en dy syn heit de betoerpake of oeroerpake (sjoch fierder de list fan beneamings foar generaasjes). It foarheaksel "bet-" yn "betoerpake" komt fan "better", "mear".[1]

Yn in bredere betsjutting kin de beneaming 'pake' ek brûkt wurde (as ferwizing nei of as oansprektitel foar) eltse willekeurige âldman. As oansprektitel is it tige familiêr, en de toan fan 'e útspraak bepaalt dêrby oft it freonlik of húnjend bedoeld wurdt, want it kin in poppenamme wêze foar in âldere man mei wa't men befreone is en foar wa't men in protte respekt hat, mar it kin ek bedoeld wêze as mislediging wêrby't de oandacht fêstige wurdt op 'e âlderdom fan 'e man yn kwestje. Fierders is 'pakepong' in ferâldere útdrukking foar de oerheid (fanwegen belestingheffing, wêrby't jins jild dus yn 'e grutte ponge ferdwynt). Krektsa wurdt mei 'pake syn pakhús' de finzenis bedoeld.

Yn prinsipe hat eltse pakesizzer twa pakes. It kin fansels wêze dat dat net sa is om't ien fan beiden al ferstoarn is. En trochdat it sûnt de ynfiering fan it homohoulik ynboargere rekke is dat homo's en lesbiënnes gesinnen stiftsje, sil de fanselssprekkendheid fan it hawwen fan twa pakes meitiid grif feroarje. Om 'e beide pakes útinoar te hâlden, wurdt yn 'e regel troch de pakesizzer sels of op inisjatyf fan dy syn/har âlden in ekstra oantsjutting tafoege. Dêrby kin it gean om 'e foarnamme fan pake ("pake Willem" en "pake Drewes") of om 'e efternamme ("pake De Vries" en "pake Visser"). Ek kin it ûnderskie lykwols makke wurde troch net drekt foar de hân lizzende saken, lykas it wenplak ("pake Wier" en "pake Terherne"), in bysûnderheid dy't de pakesizzer oan pake opfallen is ("pake stôk" en "pake burd") of it feit dat der mar ien pake is fan wa't de frou noch libbet ("pake fan beppe"). In oare praktyske oplossing kin wêze om nei ien pake te ferwizen as "pake" en nei de oare as "opa", benammen as it dêrby om in Hollânske pake giet.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikiwurdboek-side - pake

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de, Etymologisch Woordenboek, Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes