Springe nei ynhâld

Troansôfstân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Abdikaasje)
Napoleon Bonaparte docht (foar de earste kear) troansôfstân, op 4 april 1814 yn it Paleis fan Fontainebleau.

Troansôfstân of abdikaasje (fia it Frânsk fan it Latynske abdicatio, fan ab, "by ... wei" en dicare, "opdrage") is it formeel opjaan fan monargale autoriteit. Soks komt foar yn monargyen en is njonken it ferstjerren fan 'e âlde monarch de wichtichste wize om 'e kroan en alle gesach dy't dêrmei mank giet, oer te dragen oan in opfolger.

Yn guon kultueren en maatskippijen, wêrûnder dy fan 'e Benelúks, Súdeast-Aazje en it Japan fan foar de Meiji-restauraasje, wurdt of waard troansôfstân sjoen as in hiel normaal barren, dat helpt om 'e stabiliteit fan 'e monargy en de monargale erfopfolging te waarboargjen troch it oerdragen fan rjochten en plichten oan in jongere generaasje as in monarch te âld en/of krebintich wurdt om syn of har funksje noch nei behearren út te oefenjen. Yn oare kultueren, lykwols, wêrûnder dy fan it Feriene Keninkryk, Monako en de Skandinavyske lannen, wurdt abdikaasje beskôge as in ûnbetamsum fersaakjen fan 'e plichten fan in monarch, dy't inkeld troch de dea opjûn hearre te wurden.

Histoarysk binne abdikaasjes foarkommen yn twa foarmen: fijwillige troansôfstân, wêrby't de monarch út eigen frije wil beslút om syn monargaal gesach oan in oar (yn 'e regel in soan of dochter) oer te dragen, en twongen troansôfstân, wêrby't de monarch troch oaren ûnder eksplisite of ymplisite bedriging mei de dea of mei oare aaklike konsekwinsjes ta abdisearjen twongen wurdt. Yn it lêste gefal kin it gean om in yntern konflikt binnen de regearjende dynasty, wêrby't de abdisearjende monarch opfolge wurdt troch in lid fan syn eigen famylje. Fierders is it mooglik dat de hiele dynasty mei de monarch oan 'e kant skood wurdt, om ferfongen te wurden troch in rivalisearjende dynasty. En ek kin it dat de monargy hielendal ôfskaft wurdt en dat nei de troansôfstân fan 'e monarch de republyk útroppen wurdt.

Yn it gefal fan twongen troansôfstân giet de oanbelangjende monarch neitiid ornaris frijwillich of ûnder twang yn ballingskip. Guon fan harren, dy't letter weromkomme op harren abdikaasje om't dy't ûnder twang ûnjildich wêze soe, foarmje om utens in eigen hofhâlding dy't fungearret as in regear-yn-ballingskip. It kin ek foarkomme dat in monarch troch omstannichheden twongen is om de wyk te nimmen nei it bûtenlân en sa min ofte mear frijwillich yn ballingskip giet sûnder abdisearre te wêzen. Ek sokken hâlde gauris út de rjochtmjittige monarch fan harren lân te wêzen, hoewol't it nije regear fan dat lân yn sa'n gefal oer it algemien de flecht nei bûtenlân as in ymplisite troansôfstân beskôget.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.