Dynasty
In dynasty is in rige hearskers út deselde famylje, ornaris yn 'e kontekst fan in feodaal of monargaal systeem, mar soms ek foarkommend yn republiken, dêr't de hearskers (alteast yn namme) troch it elektoraat ta har posysje keazen wurde. In aadlike dynasty wurdt ek wol in hûs neamd. Yn 'e folksmûle wurde fierders ynstee fan it wurd 'dynasty' almeast synonimen brûkt as famylje of clan. Der besteane ferskate soarten dynastyen, lykas erflike dynastyen en reynkarnate dynastyen. Fierders wurdt de term 'dynasty' ek wol yn oerdrachtlike sin brûkt foar machtige famyljes dy't hielendal gjin hearskers yn 'e tradisjonele sin binne. Dynastyen wurde yn 'e historiografy fan bgl. it Keizerryk Sina en de Egyptyske Aldheid brûkt om tiidrekken oan te jaan. Net alle histoaryske hearskers hearden ta in dynasty; guons, lykas kening Aroiald fan 'e Longobarden en keizer Fokas fan it Byzantynske Ryk krigen nea de kâns om in eigen dynasty te stiftsjen.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd 'dynasty' komt fia it Latynske dynastia fan it Grykske δυναστεία, dynastéia, dat "macht" of "hearskippij" betsjut. Uteinlik giet it wurd werom op it tiidwurd δύναμαι, dýnamai, dat "by steat wêze" betsjut.
Monargale dynastyen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Erflike dynastyen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In erflike monargale dynasty is in dynasty dy't oer in monargy regearret troch middel fan erfopfolging. Foarôfgeande oan 'e tweintichste iuw gie soks ornaris yn 'e manlike line, lykas ûnder de Salyske wet fan 'e Franken. Yn lannen dêr't soks tastien wie, lei yn 'e erfopfolging troch in dochter dan de stifting fan in nije dynasty besletten (mei de famyljenamme fan har man). Fan omtrint 1900 ôf waard soks yn guon Jeropeeske lannen feroare, troch it hanthavenjen fan dynastyen by erfopfolging troch in dochter de jure mooglik te meitsjen.
Yn Nederlân waard dat bygelyks dien doe't keninginne Wilhelmina yn 1898 op 'e troan kaam. Hja troude mei Hindrik fan Meklenburch-Schwerin, en de dynasty soe dan ûnder har dochter Juliana ek de namme Meklenburch-Schwerin krigen hawwe moatte. Ynstee waard de wet sa oanpast dat it behâld fan 'e namme Oranje-Nassau mooglik makke waard. Itselde barde mei it Hûs Windsor doe't Elizabeth II yn 1952 yn it Feriene Keninkryk op 'e troan kaam. It ierste foarbyld fan sa'n wetlike feroaring foel eins al yn 'e achttjinde iuw yn it Keizerryk Ruslân foar, dêr't de namme fan it Hûs Romanov beholden bleau troch erfopfolging yn 'e froulike line troch aartshartoginne Anna Petrovna.
Foarbylden fan monargale dynastyen binne de hearskersfamyljes fan 'e measte monargyen fan hjoed de dei:
- Bachrein: Hûs fan Chalifa
- Belgje: Hûs Saksen-Coburg-Gotha
- Brûnei: Hûs fan Bolkiah
- Bûtan: Hûs fan Wangchuck
- Denemark: Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg - Deenske tûke (regearret yn personele uny ek oer de Fêreu-eilannen en Grienlân)
- Feriene Keninkryk: Hûs Windsor (regearret yn personele uny ek oer Akrotiri en Dhekelia, Anguilla, Antigûa en Barbûda, Austraalje, de Bahama's, Barbados, Belize, Bermuda, de Britske Famme-eilannen, it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan, de Cookeilannen, de Falklâneilannen, Gibraltar, Grenada, Guernsey, Jamaika, Jersey, de Kaaimaneilannen, Kanada, Man, Montserrat, Nij-Seelân, Niûé, Papoea Nij-Guineä, de Pitcairneilannen, Sint-Finsint en de Grenadinen, Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha, Sint-Kits en Nevis, Sint-Lusia, de Salomonseilannen, Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen, Tokelau, de Turks- en Kaikoseilannen en Tûvalû)
- Japan: Keizerlik Hûs fan Japan
- Jordaanje: Hûs fan Hasjim
- Kambodja: Hûs fan Norodom
- Koeweit: Hûs fan Sabah
- Lesoto: Hûs fan Moshesh
- Lychtenstein: Hûs Lychtenstein
- Lúksemboarch: Hûs Nassau-Weilburg
- Marokko: Hûs fan Ali
- Monako: Hûs Grimaldi
- Nederlân: Hûs Oranje-Nassau (regearret yn personele uny ek oer Arûba, Kurasau en Sint-Marten)
- Noarwegen: Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg - Noarske tûke
- Omaan: Hûs fan Saïd
- Katar: Hûs fan Tani
- Saûdy-Araabje: Hûs fan Saûd
- Spanje: Hûs fan Boerbon-Anzjû
- Swazilân: Hûs fan Dlamini
- Sweden: Hûs Bernadotte
- Tailân: Hûs Chakri
- Tonga: Hûs fan Tupou
De langst regearjende erflike dynasty is yn dit ferbân it Keizerlik Hûs fan Japan, dat neffens de oerlevering yn 660 f.Kr. op 'e troan kommen wêze soe.
Net alle monargyen wurde regearre troch dynastyen. It Fatikaan, Andorra en de Soevereine Militêre Oarder fan Malta hawwe gjin erfopfolging; ynstee wurdt dêr de hearsker keazen. Maleizje wurdt by toerbeurt regearre troch de hearskers fan 'e foarstedommen fan it skiereilân Malakka, dy't allegear har eigen dynastyen hawwe. De Feriene Arabyske Emiraten hawwe yn prinsipe in selde soarte struktuer, mar yn 'e praktyk is de presidintssit dêr altyd yn 'e hannen fan it Hûs fan Nahjan fan Abû Dabi.
Reynkarnate dynastyen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken erflike dynastyen besteane der ek reynkarnate dynastyen, dy't net útgeane fan erfopfolging mar fan reynkarnaasje. Deselde hearsker soe dan oanhâldend werberne wurde en oan it regear bliuwe. Sokke dynastyen komme fansels inkeld foar yn kriten dêr't it leauwen yn reynkarnaasje frij algemien foarkomt, lykas Súd-, Súdeast- en East-Aazje. It bekendste foarbyld fan in reynkarnate dynasty is de Dalai Lama fan Tibet. De 1e Dalai Lama libbe fan 1391 oant 1474; de hjoeddeistige, 14e Dalai Lama waard berne yn 1935.
It foardiel fan in erflike dynasty is dat der (almeast) gjin ûnderbrekkings tusken de regearperioaden fan 'e hearskers sitte. Dy moatte der fan needs wol wêze by in reynkarnate dynasty, dêr't de opfolger ommers pas berne wurde kin nei it ferstjerren fan syn foargonger. It foardiel fan in reynkarnate dynasty is dat dy nea útstjerre kin, in lot dat in protte erflike dynastyen troch de iuwen hinne wol troffen hat.
Politike dynastyen en oare 'dynastyen'
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De term 'dynasty' wurdt soms ek wol ynformeel of yn oerdrachtlike sin brûkt foar lju dy't gjin hearskers binne, mar bgl. telgen út in famylje mei ynfloed en macht yn 'e polityk fan in beskaat lân, lykas de Kennedy's yn 'e Feriene Steaten. Oare foarbylden binne de Nehru-Gandhi-famylje yn Yndia, de Bhutto-famylje yn Pakistan, de Somoza-famylje yn Nikaragûa en de Kim-famylje fan Noard-Koreä. Op deselde wize wurdt de oantsjutting 'dynasty' ek wol brûkt foar famyljes mei macht op oare mêden, lykas yn 'e sakewrâld of de bankêre sektor. Foarbylden dêrfan binne de Fuggers en Krupps fan Dútslân, de Rothschilds fan Frankryk en de Rockefellers en Vanderbilts fan 'e Feriene Steaten.
Historiografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e historiografy, de beskriuwing fan 'e skiednis, meitsje histoarisy gebrûk fan dynastyen foar de periodisearring fan in grut tal naasjes en beskavings. De bekendste foarbylden binne datoangeande de Egyptyske Aldheid (3100 f.Kr. – 30 f.Kr.) en it Keizerryk Sina (21e iuw f.Kr. – 1912). De ûnderskate dynastyen wurde dêrby brûkt as in soarte fan ûnderferdieling fan 'e lange skiednis fan sokke lannen. Yn dy kontekst kin de term 'dynasty' ek brûkt wurde as synonym foar 'tiidrek', te witten: it tiidrek wêryn't in beskate dynasty oan it regear wie. De oangeande dynasty jout dan syn namme oan foarfallen, trends en artefakten út dat tiidrek; men hat it bgl. oer "in faas út 'e Ming-dynasty".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |