Salomonseilannen

Ut Wikipedy
Solomon Islands
Flagge fan Salomonseilannen Wapen fan Salomonseilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Salomonseilannen
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Honiara
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
28.450 km²
3,2­%
Ynwenners (2000) 480.000
Munt Salomon-dollar (SBD)
Tiidsône UTC +11
Nasjonale feestdei 7 july
Lânkoade SLB
Ynternet .sb
Tillefoan 677

De Salomonseilannen is in lân yn Melaneezje, eastlik fan Papua Nij-Guinea, besteande út hast tûsen eilannen. Meiïnoar hawwe de eilannen in lânoerflak fan 28.400 fjouwerkante kilometers. De haadstêd is Honiara, op it eilân mei de namme Guadalcanal.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Salomonseilannen lizze yn it westen fan de Grutte Oseaan en besteane út twa keatlings fan eilannen fan elts 1450 km. De haadeilannen Guadalkanal, San Kristobal, Santa Isabel, Malaita, New Georgia en Goiseul binne fan fulkanyske oarsprong en wurde flankearre troch koraaleilannen. By it gebiet heare ek de eilannen Ontong, Java en Santa Cruz. It klimaat is tropysk mei in protte delslach it hiele jier troch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa't men tinkt binne de Salomonseilânnen al hiel lang bewenne fan Melanesyske folken. De Spanjert Alvao de Mandana ûntduts de arsjipel yn 1567. It Feriene Keninkryk rjochte yn 1893 in protektoraat oer de Salomonseilânnen op. Inkelde fan de swierste gefjochten yn de Twadde Wrâldkriich barden tidens de fjildtocht yn de Salomonseilânnen fan 1942-45 en ek yn de slach fan Guadalcanal. De eilannen krige yn 1976 selsbestjoer en ûnôfhinklikens twa jier letter. It lân bleau wol in part fan it Britske Mienebest.

De stabiliteit en it maatskiplik libben hat sûnt 1997 lit fan etnysk geweld, regearingsmisdragings en misdie. Yn juny 2003 is in leger ûnder it bewâld fan Austraalje fanút meardere lânnen, de Regional Assistance Mission to the Solomon Islands (RAMSI) ('De Regionale Help Misje oan de Salomonseilânnen') oankaam om de frede werom te bringen en om etnyske milysjes te ûntwapenjen.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânbou is mei in oandiel fan 70% yn it BNP de wichtichste bedriuwstûke. Foarnaamste produkten binne kokosnuten, kakau, rys, speserijen en huning. De fiskerij nimt mei hast 30% hat in grut part yn fan de eksport. De boskbou is ek in wichtige ynkomsten boarne foar de steat. De regearing stimulearet de selsfersoargjende ekonomy en beheind de útputting fan natuerlike boarnen troch bûtenlânske ynfestearders.