Rys

Ut Wikipedy
rys
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gerseftigen (Poales)
famylje gerzen (Poaceae)
skaai risen (Oryza)
soarte
Oryza sativa
Linnaeus, 1753

Rys (Oryza sativa) heart lykas alle nôtsoarten by de gersfamylje (Poaceae). Rys is it wichtichste iten foar in grut part fan de wrâldbefolking, benammen yn de waarmere oarden. Yn de subtropen wurdt de ûndersoart Oryza sativa subsp. japonica ferboud, wylst yn de tropen de ûndersoart Oryza sativa subsp. indica de oerhân hat. Sina is de grutste produsint en konsumint fan rys en Tailân is de grutste eksporteur.

It wurd padie slacht op ryskerrels dy’t noch strak yn it tsjêf sitte.

Rys kin ek meald wurde ta rysmoal en dêrnei seefd ta rysblom. In bekend merk wie Molenaars bernemoal.

Aldste rys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op grûn fan fytolite-ûndersyk waard kultivearre ryst fêststeld yn sediminten fan de Eastsineeske See, dy’t foar’t neist troch de Jangtsekiang oanfierd waarden. Mei C14-datearring waard in âldens fan 13.900 kal. jierren BP fêststeld, wat der op wiist dat dy kultivaasje datearret út in frijwat waarme en wiete Allerød Ynterstadiaal. De fytoliten ferdwûnen tusken 13.000–10.000 jier BP, wat oerienkomt mei it kâlde Jonge Dryas stadiaal. Nei 10.000 jier BP ferskynden se wer. Se konkludearren dat it kâldere klimaat de kultivaasje ûnderbrutsen hie.[1]

De âldste rys dy’t troch boeren kultivearre waard, soe ûntdutsen wêze yn Súd-Korea.[2] Fia radiometryske datearring soe fêststeld wêze dat de 59 karbonisearre ryskerrels út it tiidrek fan 12.000 oant 13.000 jier foar Kr. komme. Dat soe goed 3.000 jier âlder wêze as de ryskerrels dy’t fûn binne by de Giele Rivier lâns en de Jangtsekiang yn Sina. De ryskerrels dy’t fûn binne by opgravings troch Lee Yung-jo en Woo Jong-yoon tusken 1997 en 2001 yn de Súdkoreaanske provinsje Noard-Chungcheong. Op dit berjocht kaam lykwols gjin inkeld ferfolch mear, sadat de fynst earder sjoen wurde moat as in utering fan in op Koreaansk nasjonalisme basearre winsk de âldste rysfynst kleme te kinnen.[3]

Rassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Amearika wurde meast rysrassen ferboud dy’t in lange kerrel opjouwe. Yn België en Nederlân wurdt meast langkerrelige rys iten. Yn Azië wurde wolle mear rysrassen boud dy’t in koarte kerrel opjouwe.

Yn Japan wurdt in apart type sakee-rys boud foar it meitsjen fan de hegere kwaliteiten sakee. Dy rys mei in lange kerrel wurdt mear as in meter heech, hat in swier ear (de top dêr’t de ryskerrels yn sitte, de plûm en wurdt mei de hân rispe.

Ofhinklik fan de soarte setmoal yn de kerrel is der gewoane rys en kleefrys. Kleefrys hat folle mear amylopektine as gewoane rys, dy’t mear amyloaze hat. Dy kleefrys sjocht der witer út as gewoane rys en klibbet nei it tameitsjen.

Der binne rassen dy’t geskikt binne foar de saneamde wiete rysbou, en rassen dy’t geskikt binne foar de drûge rysbou. By de wiete rysbou wurde de fjilden splis set lykas yn sawa’s. De wichtichste funksje fan it splis setten is túchbestriding.

Proeffjild by de nasjonale universiteit fan Taiwan.

Yn Afrika komt in oare soarte foar, Oryza glaberrima. Dizze soarte dy’t goed resistint is tsjin sykten en pleagen en troch syn flotte fegetative ûntjouwing túch oerwaakst, wurdt al iuwenlang yn ûnder oare Ekwatoriaal-Guinee, Guinee-Bissau, Sierra Leone en Senegal iten. Koartlyn hat it WARDA (Afrikaansk ûndersykssintrum foar rys) rassen yntrodusearre dy’t fuortkommen binne út krusings tusken Oryza sativa subsp. japonica en Oryza glaberrima. Dizze rassen binne bekend ûnder de namme NERICA - New Rice for Africa.

Parboiled rys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parboiled rys is yn it tsjêf seane rys, wêrtroch’t der mear nutriïnten oerbliuwe nei it pellen fan de ryskerrel en de rys makliker ta te meitsjen is. Ek de tekstuer fan de kerrel feroaret troch it sieden. Parboiled rys wurdt al mear as 2.000 jier tapast en is foar’t neist ûntstien yn de omkriten fan de Perzyske Golf. Tsjintwurdich wurdt it in soad iten yn ûnder oare Yndia en Pakistan.

Tamakkingswetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tamakke rys befettet in soad fan it wetter dêr’t it yn tamakke is, de gearstalling fan dat wetter hat ynfloed op de kwaliteit fan de seane rys. De hoemannichte drûge stof yn it wetter is fan ynfloed op it oplossingsfermogen. Hurd wetter, mei in hege pH, sil minder maklik de ryskerrels ynkomme by it berêden en de ryskerrel minder lykmjittich gear meitsje as sêft wetter mei in legere pH.

Produksje en konsumpsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de produksje fan rys is waarm waar en wetter essinsjeel. De wichtichste rysprodusearjende lannen lizze yn Azië. Yn de trije rispjierren tusken 2006/07 en 2008/09 waard yn trochsneed 442,4 miljoen ton, pelde, rys produsearre. Dêrfan wie it oanpart fan Azië krekt mear as 400 miljoen ton, wêrfan’t Sina allinnich 128,9 miljoen ton prodesearre.[4].

De ynternasjonale hannel is beheind, jiers wurdt mar sawat 6 à 7 prosint fan de hiele rispinge eksportearre. Wichtige eksporteurs binne Tailân, mei sawat 9 miljoen ton jiers, en Fjetnam. Bûten Azië is de Feriene Steaten in grutte eksporteur. De trochsneed ryskonsumpsje leit wrâldwiid op 56 kilo de man jiers, wêrfan’t it swiertepunt dúdlik yn de net-ûntwikkele lannen leit. Yn Myanmar wurdt de man de measte rys iten, sawat 236 kilo jiers; yn de Jeropeeske Uny leit dat op sawat 5,5 kilo.[5].

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2002. Rice domestication and climatic change: phytolith evidence from East China. Boreas, 31: 378–385
  2. http://news.bbc.co.uk/2/hi/science/nature/3207552.stm Yn oktober 2000 waard dit troch de BBC bekendmakke.
  3. Kim, Minkoo, 'Multivocality, Multifaceted Voices, and Korean Archaeology' in: Junko Habu, Clare Fawcett, John Matsunaga (eds.), Evaluating Multiple Narratives. Beyond Nationalist, Colonialist and Imperialist Archaeologies, New York (Springer) 2007, s.118-138, ISBN 0-387-71824-9
  4. http://www.fao.org/docrep/013/al969e/al969e00.pdf
  5. http://www.fao.org/docrep/013/al969e/al969e00.pdf