Honiara
Appearance
Honiara | ||
Bestjoer | ||
Lân | Salomonseilannen | |
Provinsje | Stêd Honiara | |
Eilân | Guadalkanal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 84.520(2017) | |
Oerflak | 22 km² | |
Oar | ||
Stifting | 1942 | |
Tiidsône | UTC (UTC+11) |
Honiara is de namme fan it haadsteedlik goa - en de namme fan de haadstêd fan de Salomonseilannen, it op trije nei grutste lân fan Oseaanje.
Honiara leit oan de noardkust fan it bergige eilân Guadalkanal, oan de mûning fan de rivier Mataniko.
Honiara hat in ynternasjonaal fleanfjild: Honiara International Airport (oant novimber 2003: Henderson Field). It leit in lytse 10 km bûten de stêd en is yn de Twadde Wrâldkriich troch Amerikaanske militêren oanlein.
Honiara is it haadkertier fan de nasjonale loftfeartmaatskippij Solomon Airlines en fan de South Pacific Forum Fisheries Agency. Kopra, kokosnuten en fisk wurde fia de haven útfierd. De hannel mei Maleizje, Japan, Súd-Korea en Taiwan binne it meast wichtich.
-
Haadstrjitte Honiara
-
Hotel Honiara
-
Jachtklup en golfklup Honiara
-
Amerikaansk betinkingsmonumint op Gualdakanal
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De parlemintsgebouwen. Sûnt de bou yn 1993 biede dizze tradyijonele gebouwen in noflik wurkplak oan sa'n 50 leden fan it regear. Sy kinne op ôfspraak besjoen wurde.
- It Nasjonaal museum mei keunstfoarwerpen fan de Salomonseilannen en oer de skiednis fan it lân.
- De Botanyske tunen. De tunen hawwe in grut ferskaat oan orchideeën en oare planten út it tropysk reinwâld.