Maleizje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
مليسيا
Malaysia
Flagge fan Maleizje Wapen fan Maleizje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Maleizje
Offisjele taal Maleisk
Haadstêd Kuala Lumpur
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
329.758 km²
0,3­%
Ynwenners (2005) 26.207.102
Munt Ringgit (MYR)
Tiidsône UTC +8
Nasjonale feestdei 31 augustus
Lânkoade MYS
Ynternet .my
Tillefoan 60

Maleizje is in lân yn it Súdeast-Aazje. De haadstêd is Kuala Lumpur en de kening fân de monargy is sûnt 2001 Tuanku Syed Sirajuddin.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West-Maleizje wurdt begrinzge troch:

East-Maleizje wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strân by Pulau Tioman

Maleizje strekt har út oer it suden fan it skiereilân Malakka en it 600 km fierderop, oan de oare side fan de Sineeske See lizzend noardwestlik diel fan Borneo.

It foar it meastepart bercheftich lân is gruttendiels bedutsen mei altyd grien, tropysk reinwâld, dat goed bedijt yn it fochtige hjitte klimaat mei in trochstrings temperatuer fan 27 °C. De heechste berch is de Mount Kinabalu mei in hichte fan 4,095.2 meter op it eilân Borneo.

De plante- en bistewrâld is yn Maleizje goed fertsjintwurdige en ryk foarsjoen fan soarten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de geunstige lizzing oan de drokke hannelsrûte tusken Sina en Ynje, ûntwikkele Malakka har al yn in ier stadium ta in wichtich hannelssintrum. De islam arrivearre yn de 14e iuw, folge troch Jeropeeske hannelslju yn de 16e iuw, wêrnei de Portugezen, Nederlanners en Britten efterienfolgjend de Strjitte fan Malakka dominearren.

Yn de 19e iuw stiften de Britten in kroankoloanje yn it gebiet en krigen hieltyd mear ynfloed op it skiereilân. Nei de Japanske besetting yn de Twadde Wrâldkriich waakse it stribjen fan de befolking nei mear selsstannigens. It skiereilân waard yn 1957 ûnôfhinklik ûnder de namme 'Federaasje fan Malaya', dêr't de haven fan Singapore gjin part fan útmakke.

As steat ûntstie Maleizje yn 1963 troch in gearfoeging fan njoggen selsstannige foarstedommen op it skiereilân Malakka, de Britske gebieten Saba en Sarawak op Borneo en Singapore (dat har twa jier letter weromluts).

It lân wurdt regeare troch ien fan de njoggen foarsten dy't allegeduerigen foar in perioade fan fiif jier keazen wurdt.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maleizje herberget in protte etnyske kloften, wêrfan de Maleisjers mei 50.4% de mearderheid útmeitsje. Fan de Maleizyske befolking is 23.7% fan Sineeske komôf, wylst 7.1% fan Yndyske komôf is.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele taal fan Maleizje is it Maleizysk. Yn de koloniale perioade wie dat it Ingelsk dat in grut part fan de befolking goed behearsket. Ek it Sineesk wurdt troch guons behearske.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de befolking is 60.4% Moslim en wurdt 19.2% ta it Boedisme rekkene, 9.1% is kristlik en 6.3% heart ta it Hindoeïsme. [1]

Fuotnoat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. CIA The World FActbook