Kûweit

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Koeweit")
Gean nei: navigaasje, sykje
Kûweit
Dawlat al-Kuwayt
Flagge fan Kûweit Wapen fan Kûweit
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kûweit
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Kûweit
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
17.818 km²
0,0­%
Ynwenners (2005) 2.867.000
Munt Kuwaiti Dinar (KWD)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 25 febrewaris
Lânkoade KWT
Ynternet .kw
Tillefoan 965
Kaart fan Kûweit

Kûweit is in lân yn Midden-Easten. De haadstêd is ek Kûweit en de emir fan de monargy is sûnt 2006 Sabah Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah.

Kûweit wurdt begrinzge troch:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kûweit makke fan ôf de 8e iuw part út fan it Abbasidenryk. Letter waard it opnommen yn it Ottomaanske ryk (16e iuw), der't lang om let ek in foarm fan selstannigens krige yn de foarm fan in prinsdom. De tsjinwurdige hearskjende famylje stamt fan ien fan dizze prinsen, sjeik Sabah al-Awwal ôf, dy't hearske fan 1756 oant 1772.

Yn 1899 tekene de doetiidske prins, sjeik Mubarak, in ferdrach mei de Britten, der't troch it in Britsk protektoraat waard. Yn 1914 erkende de Britske oerheid Kûweit as in ûnôfhinklik lan, mar wol ûnder Britske proteksje. Yn 1961 waard Kûweit folslein ûnôfhinklik. Yn de tuskentiid hie de ûntdekking fan oalje ta in grutte rykdom laat. Dit luts in protte gastarbeiders oan, dy't gjin steatsboargerskip krije kûnen.

Alhoewol't it lan in bûnsmaat wie fan Irak tidens de Irak-Iran oarloch, waard it troch Irak beset en op 2 augustus 1990 anneksearre. De besetting wie it begjin fan de Golfoarloch fan 1990-1991, der't Kûweit yn jannewaris 1991 troch in ynternasionale koalysje ûnder lieding fan de Feriene Steaten befrije waard.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kûweit bestiet foar it grutstepart út woastyn mei hast gjin hichteferskil. It klimaat is skrok en hjit. Oan de noardkust fan de Perzyske Golf lizze in oantal eilannen, dêr't Bubiyan it grutste fan is.

De wichtichste stêden binne Kûweit, Salimiyah (mei de measte ynwenners) en Hawalli.

Nei it suden ta lizze ek noch wat lytse eilantsjes.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arabieren meitsje om-ende-by 57% fan de befolking út fan Kûweit. Yn de 20e iuw is de befolking fan Kûweit, foaral fanwege de komst fan in proatte arbeiders (de saneamde ekspats), ferfyftichfoudige. Under de ekspats binne in soad steatenleaze Arabieren lykas bedoeïenen) en fjirder immigranten út lannen as Pakistan, Bangladesh en de Filipijnen. De befolking is foar 85% moslim.

Gûverneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kûweit is opdield yn seis gûverneminten (muhafazat):