Leauwe

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Leauwe (brûkt as haadwurd) of it leauwen is in stelsel fan oertsjûgings dat immen derop nei hâldt, dat net berêst op wittenskiplik bewiis. Meastentiids wurdt sa'n leauwe yn ferbân brocht mei religy, mar dat hoecht net, want leauwen kin mei alderhanne saken ferbân hâlde. Sa gau't minsken foar harren oertsjûgings gjin bewiis hawwe, is der al sprake fan leauwen.

Leauwen kin ta fanatisme liede as men net oare leauwensoertsjûgings yn omtinken nimme wol of alteast harren bestean akseptearje kin. Yn 'e kontekst fan religy wurdt sok fanatisme almeast oantsjut as fûnemintalisme. As lju mei in protte macht fanatyk yn harren leauwe binne, kin soks liede ta ynstitúsjonalisearre geweld tsjin of ûnderdrukking fan oarstinkenden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.