Regear-yn-ballingskip

Ut Wikipedy

In regear-yn-ballingskip of regearing-yn-ballingskip is in politike organisaasje dy't úthâldt it legitime regear fan in lân te wêzen, mar dy't de macht fan in regear net op normale wize útoefenje kin en om utens ferbliuwt, yn ballingskip. Regearings-yn-ballingskip hannelje almeast yn 'e ferûnderstelling dat se ienris de kâns krije sille om werom te kearen nei it lân wêrfan't se sizze it regear te wêzen, dêr't se dan de formele macht wer útoefenje sille. It komt foar dat in regear-yn-ballingskip erkenning genietet fan (in diel fan) 'e ynternasjonale mienskip, mar it kin ek wêze dat dat net sa is. Yn it lêste gefal is der net folle ferskil tusken in regear-yn-ballingskip en in 'gewoane' opposysjegroepearring dy't ferdreaun is nei it bûtenlân. Ek de mjitte wêryn't regearings-yn-ballingskip organisearre ûnderdielen hawwe, lykas ministearjes, ferskilt sterk.

Unsteansredens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regearings-yn-ballingskip ûntsteane faak yn tiden fan oarloch, as it iene lân beset wurdt troch it oare. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch bygelyks, doe't in grut diel fan Jeropa beset holden waard troch nazy-Dútslân, wiene der yn 'e Britske haadstêd Londen regearings-yn-ballingskip fêstige fan Tsjechoslowakije, Poalen, Noarwegen, Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Frankryk, Joegoslaavje en Grikelân. (De útsûndering op dy regel wie Denemark, wêrfan't it regear de hiele oarloch troch yn Kopenhagen bleau, hoewol't yn Londen wol in Deenske opposysjegroepearring fêstige wie ûnder lieding fan John Christmas Møller.) It Nederlânsk regear-yn-ballingskip yn Londen waard laat troch de Fryske politikus Pieter Sjoerds Gerbrandy.

In regear-yn-ballingskip ferskilt fan in rompsteat om't in rompsteat teminsten in part fan it (eardere) grûngebiet behearsket. Yn 'e Earste Wrâldoarloch wie bygelyks hast hiel Belgje beset troch it Keizerryk Dútslân, útsein it uterste súdwesten fan West-Flaanderen. Hoewol't it legitime regear fan Belgje yn dy snuorje ferdreaun wie út 'e haadstêd Brussel, kin it formeel gjin regear-yn-ballingskip neamd wurde om't it noch altyd it bestjoer útoefene oer dat lytse stikje frij Belgje, ek al wie it regear út feilichheidsomtinkens net dêre mar yn Frankryk fêstige.

Behalven troch besettings yn tiden fan oarloch kinne regearings-yn-ballingskip ek ûntstean as gefolch fan boargeroarloggen, revolúsjes en steatsgrepen. Under de Syryske Boargeroarloch waard bygelyks in regear-yn-ballingskip foarme mei de namme Syrysk Interim-Regear, dat it bewâld fan 'e Baätpartij yn Syrje besocht te beëinigjen. It ferskynsel fan in regear-yn-ballingskip giet fierder tebek yn 'e skiednis as de term sels. Yn 'e tiid dat de measte lannen noch in monargaal regear hiene, setten ferballe monargen soms in eigen Keninklik Hof op, dat funksjonearre as in regear-yn-ballingskip. Yn 'e Ingelske skiednis die it Hûs Stuart dat twa kear: nei de ûnhalzing fan Karel I en de fêstiging fan 'e ts Ingelske Republyk, yn 1649, en op 'e nij nei de ôfsetting fan Jakobus II troch syn skoansoan Willem III by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689. Itselde die it Frânske Hûs Boerbon nei de Frânske Revolúsje fan 1789, ûnder it Directoire en it rezjym fan Napoleon Bonaparte.

Hjoeddeiske nasjonale regearings-yn-ballingskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(op folchoarder fan ûntstean)

namme ûntstean steat dy't it grûngebiet behearsket dêr't oanspraak op makke wurdt opmerkings
Flag of Belarus (1918, 1991–1995).svg de Rada fan de Wytrussyske Demokratyske Republyk 1920 Flag of Belarus.svg de Republyk Wyt-Ruslân Fêstige yn Toronto (Kanada). It regear-yn-ballingskip fan 'e Wytrussyske Demokratyske Republyk, dy't bestie fan maart oant desimber 1918; dêrnei beset troch de Sovjet-Uny. Sûnt de it ynstoarten fan de Sovjet-Uny yn 1991 wurdt it grûngebiet behearske troch de diktatuer fan Aleksander Lûkasjenko.
State flag of Persia (1907–1933).svg de Sublime Steat Perzje 1925 Flag of Iran.svg de Islamityske Republyk Iraan Fêstige yn Dallas (Teksas). It regear-yn-ballingskip fan 'e Kadjar-dynasty fan Perzje, dy't yn 1923 ôfset en ferfongen waard troch de Pahlavi-dynasty.
Flag of the Free City of Danzig.svg it Regear-yn-Ballingskip fan de Frije Stêd Danzig 1947 Flag of Poland.svg de Republyk Poalen Fêstige yn Berlyn (Dútslân). It regear-yn-ballingskip fan 'e Frije Stêd Danzig, dy't yn 1939 anneksearre waard troch nazy-Dútslân en nei de Twadde Wrâldoarloch opgie yn Poalen (ûnder de namme Gdańsk).
Flag of South Korea.svg it Komitee foar de Fiif Noardlike Koreaanske Provinsjes 1949 Flag of North Korea.svg de Demokratyske Folksrepublyk Koreä Fêstige yn Seoel (Súd-Koreä). It provysjoneel regear-yn-ballingskip foar Noard-Koreä.
Kokbayraq flag.svg it Regear-yn-Ballingskip fan East-Toerkestan 1949 Flag of the People's Republic of China.svg de Folksrepublyk Sina Fêstige yn Washington, D.C. It regear-yn-ballingskip fan 'e Easttoerkestaanske Republyk fan 'e Oeigoerske minderheid yn Sinkiang-Oeigoerje.
Flag of the People's Republic of China.svg de Delegaasje fan de Provinsje Taiwan 1949 Flag of the Republic of China.svg de Republyk Sina Fêstige yn Peking. De fertsjintwurdiging fan 'e provinsje Taiwan yn it Nasjonaal Folkskongres fan 'e Folksrepublyk Sina. Fungearret as in regear-yn-ballingskip foar Taiwan.
Flag of Tibet.svg it Sintrale Tibetaanske Bestjoer 1959 Flag of the People's Republic of China.svg de Folksrepublyk Sina Fêstige yn Dharamsala (Yndia). It regear-yn-ballingskip fan Tibet, dat yn 1959 oprjochte is troch de 14e Dalai Lama.
Flag of South Moluccas.svg it Regear-yn-Ballingskip fan de Republyk fan de Súd-Molukken 1963 Flag of Indonesia.svg de Republyk Yndoneezje Fêstige yn Nederlân. It regear-yn-ballingskip fan 'e Republyk fan de Súd-Molukken, in steat sûnder ynternasjonale erkenning, dy't bestie fan 1950 oant 1963.
Morning Star flag.svg it Regear-yn-Ballingskip fan West-Papoea 1969 Flag of Indonesia.svg de Republyk Yndoneezje Fêstige yn Nederlân. It regear-yn-ballingskip fan West-Papoea, it eardere Nederlânsk-Nij-Guineä, dat yn 1963 oerdroegen waard oan Yndoneezje.
Flag of the Republic of Cabinda.svg de Republyk Kabinda 1975 Flag of Angola.svg de Republyk Angoala Fêstige yn Pointe-Noire (Republyk Kongo). It regear-yn-ballingskip fan 'e Angoleeske provinsje Kabinda, in eksklave dy't ynklamme leit tusken de Republyk Kongo, de Demokratyske Republyk Kongo en de Atlantyske Oseaan.
Flag of Laos (1952–1975).svg it Keninklik Laotiaansk Regear-yn-Ballingskip 1975 Flag of Laos.svg de Demokratyske Folksrepublyk Laos Fêstige yn Gresham (Oregon). It regear-yn-ballingskip fan it Keninkryk Laos, oan it bestean wêrfan't ûnder de Fjetnamoarloch in ein makke waard troch de kommunisten.
State flag of Iran 1964-1980.svg Nasjonale Ried fan Iraan 1979 Flag of Iran.svg de Islamityske Republyk Iraan Fêstige yn Potomac (Marylân). It regear-yn-ballingskip fan 'e Keizerlike Steat Iraan (de Pahlavi-dynasty), dy't yn 1979 ôfset waard by de Islamityske Revolúsje.
NCRI National Council of Resistance of Iran Lion & Sun Flag.jpg de Nasjonale Fersetsried fan Iraan 1981 Flag of Iran.svg de Islamityske Republyk Iraan Fêstige yn Parys (Frankryk). In regear-yn-ballingskip fan Iraan, besteande út in koälysje fan fiif net-royalistyske opposysjegroepen, mei as wichtichste de Folksmûdjahediin fan Iraan.
Flagge fan de Kopten.png it Koptysk Regear-yn-Ballingskip 1992 Flag of Egypt.svg de Arabyske Republyk Egypte It regear-yn-ballingskip fan 'e Egyptyske Kopten, dat in ûnôfhinklike Koptyske steat fêstigje wol.
Flag of Ethiopia (1897–1974).svg de Kroanried fan Etioopje 1993 Flag of Ethiopia.svg de Federale Demokratyske Republyk Etioopje Fêstige yn Washington, D.C. It regear-yn-ballingskip fan it Keizerryk Etioopje, dêr't yn 1974 by in steatsgreep in ein oan makke waard.
Flag of Koma Civakên Kurdistanê.svg de Uny fan Koerdyske Mienskippen 1998 Flag of Turkey.svg de Republyk Turkije It regear-yn-ballingskip foar in ûnôfhinklike Koerdyske steat yn Turksk-Koerdistan.
Flag of the Federal Republic of Southern Cameroons.svg de Federale Republyk Ambazonia 1999 Flag of Cameroon.svg de Republyk Kameroen Foarhinne: Federale Republyk Súd-Kameroen. It regear-yn-ballingskip fan 'e eardere Britske koloanje Súd-Kameroen. Rôp op 31 des. 1999 de ûnôfhinklikheid út.
Flag of Chechen Republic of Ichkeria.svg it Regear-yn-Ballingskip fan de Tsjetsjeenske Republyk Itsjkearje 2000 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje Fêstige yn Londen (Ingelân). It regear-yn-ballingskip fan Tsjetsjeenje, dat fan 1991 oant 2000 in ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning wie.
Flag of the Taliban.svg de Kwetta Sjoera 2001 Flag of Afghanistan (2013–2021).svg de Islamityske Republyk Afganistan Fêstige yn Kwetta (Pakistan). It regear-yn-ballingskip fan it Islamitysk Emiraat Afganistan, de steat fan 'e Taliban, dy't yn 2001 beëinige waard ûnder de Oarloch yn Afganistan.
Flag of Equatorial Guinea.svg de Foarútgongspartij fan Ekwatoriaal-Guinee 2003 Flag of Equatorial Guinea.svg de Republyk Ekwatoriaal-Guinee Fêstige yn Madrid (Spanje). In regear-yn-ballingskip yn opposysje tsjin 'e diktatuer dy't Ekwatoriaal-Guinee noch altyd yn syn greep hat.
Flag of Kurdistan.svg it Regear-yn-Ballingskip fan Westlik Koerdistan 2004 Flag of the United Arab Republic (1958–1971).svg de Syryske Arabyske Republyk Fêstige yn Londen (Ingelân). It regear-yn-ballingskip fan Syrysk-Koerdistan.
Flag of Serbian Krajina (1991).svg it Regear-yn-Ballingskip fan de Republyk fan de Servyske Krajina 2005 Flag of Croatia.svg de Republyk Kroaasje Fêstige yn Belgrado (Servje). It regear-yn-ballingskip fan 'e Krajina, dy't fan 1991 oant 1996 in ûnôfhinklike steat sûnder ynternasjonale erkenning wie.
Flag of the Shan State.svg it Interim-Regear fan de Federearre Sjan-Steaten 2005 Flag of Myanmar.svg de Republyk fan de Uny fan Birma It regear-yn-ballingskip fan 'e Sjan, in grutte etnyske groep yn Birma, dy't stribbet nei in eigen steat.
Flag of Biafra.svg it Regear-yn-Ballingskip fan Biafra 2007 Flag of Nigeria.svg de Federale Republyk Nigearia Fêstige yn Washington, D.C. It regear-yn-ballingskip fan Biafra, in steat sûnder ynternasjonale erkenning, dy't bestie fan 1967 oant 1970.
Flagge fan Tamil Eelam.png it Transnasjonaal Regear fan Tamil Eelam 2010 Flag of Sri Lanka.svg de Demokratyske Sosjalistyske Republyk Sry Lanka It regear-yn-ballingskip fan 'e Tamyl-minderheid yn Sry Lanka, dy't stribbet nei in ûnôfhinklike steat. De organisaasje waard oprjochte nei it delslaan fan 'e opstân fan 'e Tamyl Tigers en de Srylankaanske Genoside fan 2009.
Syrian revolution flag.svg it Syrysk Interim-Regear 2012 Flag of the United Arab Republic (1958–1971).svg de Syryske Arabyske Republyk Fêstige yn Istanbul. It regear-yn-ballingskip fan Syrje, dat ûnder de Syryske Boargeroarloch ûntstien is út 'e gearwurking fan in grut tal opposysjegroepearrings.
Flag of Ukraine.svg it Oekraynsk Komitee fan Rêding 2015 Flag of Ukraine.svg de Republyk Oekraïne Fêstige yn Moskou (Ruslân). In pro-Russysk regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraïne, oprjochte troch de eardere Oekraynske premier Mykola Azarov, dy't nei de Oekraynske Revolúsje fan 2014 útwike moast nei it Ruslân.

Hjoeddeiske subnasjonale regearings-yn-ballingskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(op folchoarder fan ûntstean)

namme ûntstean steat dy't it grûngebiet behearsket dêr't oanspraak op makke wurdt opmerkings
Flag of Abkhazia (GE).svg it Regear fan de Autonome Republyk Abgaazje 1993 Flag of the Republic of Abkhazia.svg de Republyk Abgaazje Fêstige yn Georgje. It regear-yn-ballingskip fan 'e Autonome Republyk Abgaazje as ûnderdiel fan Georgje, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1993 behearske wurdt troch de Republyk Abgaazje, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning.
Flag of Azerbaijan.svg de Azerbeidzjaanske Mienskip fan Nagorno-Karabach 1994 Flag of Artsakh.svg de Nagorno-Karabachske Republyk Fêstige yn Azerbeidzjan. It regear-yn-ballingskip fan 'e krite Nagorno-Karabach as ûnderdiel fan Azerbeidzjan, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1991 behearske wurdt troch de Nagorno-Karabachske Republyk, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning.
Flag of South Ossetia.svg de Provysjonele Bestjoerlike Entiteit Súd-Osseesje 2008 Flag of South Ossetia.svg de Republyk Súd-Osseesje Fêstige yn Georgje. It regear-yn-ballingskip fan 'e regio Súd-Osseesje as ûnderdiel fan Georgje, wêrfan't it grûngebiet sûnt 1992 behearske wurdt troch de Republyk Súd-Osseesje, in de facto ûnôfhinklik lân sûnder ynternasjonale erkenning.
Flag of Crimea.svg it Regear-yn-ballingskip fan de Autonome Republyk fan de Krim 2014 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje Fêstige yn Cherson (de Oekraïne). It regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraynske Autonome Republyk fan de Krim, dy't yn 2014 ûnrjochtlik troch Ruslân beset en anneksearre waard.
Flag of Sevastopol.svg it Regear-yn-ballingskip fan de Spesjale Stêd Sebastopol 2014 Flag of Russia.svg de Russyske Federaasje Fêstige yn Cherson (de Oekraïne). It regear-yn-ballingskip fan 'e Oekraynske Spesjale Stêd Sebastopol, op de Krim, dy't yn 2014 ûnrjochtlik troch Ruslân beset en anneksearre waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.