Republyk Kongo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
République du Congo
Flagge fan Republyk Kongo Wapen fan Republyk Kongo
Flagge Wapen
Lokaasje fan Republyk Kongo
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Brazzaville
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
342.000 km²
3,3­%
Ynwenners (2005) 3.999.000
Munt CFA-frank (XAF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 15 augustus
Lânkoade COG
Ynternet .cg
Tillefoan 242

De Republyk Kongo is in lân yn Afrika. De haadstêd is Brazzaville. De Republyk Kongo is net itselde lân as de Demokratyske Republyk Kongo.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

It lân wurdt begrinzge troch

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

It kustgebiet fan Kongo bestiet út in smelle kuststripe, dêr't mangroves en reinwâld tiere en dat nei it binnelân oergiet yn in heuveleftich lânskip mei savannefegetaasje. It heuvellân leit trochstrings op 800 meter hichte. De Kongobekken is in sompige leechflakte mei tropysk reinwâld.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Nei de ûntdekking troch de Portegezen yn de 15e ieu hawwe Jeropeanen handelsposten stiften yn de Kongo. Yn 1880 waard it hiele gebiet in Frânske kolanje, de Frânske Kongo. Op 15 augustus 1960 waard it ûnôfhinklik en krige it de namme Republyk Kongo. De jonge republyk orientearre har ynearsten op it Frânske foarbyld, mar nei in steatsgryp dreau it stadichoan de Kommunistyske kant op. Yn 1970 waard de Folksrepublyk Kongo útroppen dêr't mar ien party, de Kongoleeske Arbeiderspartij, it foar it sizzen hie. De sântiger jierren ferrûn tige ûnrestich mei grutte ûnderlinge spannings tusken de ferskate stammen. Sûnt 1992 is it lân wer in demokratysk lân, mei de namme Republyk Kongo.

Nei de haadstêd wurdt it lân ek Kongo-Brazzaville neamd, ta ûnderskie fan de Demokratyske Republyk Kongo.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Kongolese frou.

De befolking fan Kongo hat him konsintrearre yn it súdwestlike diel fan it lân, en is fuortlutsen út de jungle gebieten. Hjirtroch is Kongo ien fan de meast urbanisearre lannen fan Afrika, mei 85% fan de totale befolking dy't ien yn de twa grutte steden wennet fan it lân, te witten Brazzaville, Pointe-Noire, of yn ien fan de lytse stedsjes of doarpen dy't troch de spoarlyn mei de twa steden ferbûn binne.

Mei 98 % bestiet de befolking hast allinnich út Bantufölken (40 % Kongo, 12 % Mboshi, 11 % Kouyou, 6 % Bateke û.o.), der rest 1% út Pygmeeén (haadsaaklik yn de wâld- en sompegebieten fan it Noardeasten) en wat Jeropeanen. Njonken it Frânsk dat fral yn it ambtsferkear brûkt wurdt, wurdt yn it noarden Lingala sprutsen en yn it suden Kituba.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

De godstsjinst fan de Kongoleeske befolking is gruttendiels in miks fan Kristendom en Natoerreligys, neffens tellingen foar 50% and 48% fan de befolking. Meastepart fan de kristenen (90%) is Katolyk, wylst it oerbliuwende part 10% bestiet út in ferskaat fan kristlike tsjerkmienskippen. Mar twa persint fan de befolking is Moslim en dat is benammen in gefolch troch bûtenlânske wurknimmers yn steden.