Savanne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Savanne yn Tarangire National Park yn Tanzania

In savanne is in tropysk of subtropysk greidlânskip mei ferspraat foarkommende beamte. Yn in savanne is gers de meast foarkommende fegetaasje mingd mei krûden. Yn de tuskenbeiden sône wurde lyksoartige gebieten meastentiids oantsjutten mei oare nammen: steppe, pampa, prêry, bosksteppe, woastynsteppe.

It hiele jier troch hearsket der in hege (of teminsten frij hege) temperatuer. De delslach bedraacht 50-150 sintimeter jiers (dat soe yn tuskentroch streken foldwaande wêze foar in tichte bosk, mar net yn tropyske en subtropyske gebieten mei in folle hegere ferdamping). Der is ôfwikseljend in wiet en droech seizoen.

It wurd "savanne" is ôfkomstich út Súd-Amearika, mar wurdt tsjintwurdich meast brûkt foar de savannes fan Afrika (en ek wol dy fan Austraalje en Yndia). Yn de Afrikaanske savanne komme in nea benei te kommen ferskaat oan grutte sûchdieren foar: oaljefanten, noashoarns, liuwen, kafferbuffels, siraffen en talleaze soarten antilopen.

Der kinne trije ferskate typen savannes ûnderskieden wurde: fochtige, droege en stikelich strewelleguod savannen:

fochtige savanne droege savanne stikelstrewellesavanne
Foarkommen Afrika, Aazje, Austraalje, Yndia, Súd-Amearika Afrika, Aazje, Austraalje Afrika, Aazje, Meksiko, Súd-Amearika
Klimaat 7-8 moanne mei delslach 4,5–7 moanne mei delslach 2-4 moanne mei delslach
Jierlikse delslach 1000–1500 mm 500–1000 mm 250–500 mm
Plantegroei oant 2 m hege, it hiele jier troch griene gerzen, iepen bosk fan de fochtige savanne, galerybosken lâns de rivieren, ikkerbou sûnder irrigaasje boarsthege gerzen, ferspriede beammen oant 30 cm hege gerzen, stikelich strewelleguod
Savanne, Masai Mara, Kenia