Springe nei ynhâld

Subtropysk klimaat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Subtropysk)
It subtropysk gebiet.

It subtropysk klimaat (ek wol it semy-tropysk klimaat neamd) is it klimaat dat fuort besuden en benoarden fan de tropyske klimaatsône leit. Dizze gebieten wurde wol de subtropen neamd. De subtropen lizze globaal tusken de 23,5 en de 40 graden noarderbreedte en 23,5 en 40 graden suderbreedte. Subtropyske gebieten hawwe in tropyske simmer, mar en net-tropyske winter.

De subtropen kinne fierders ûnderferdield wurde yn drûge, winterwiete, simmerwiete en altydwiete subtropen.

It subtropysk klimaat komt meastal net mear foar as in apart klimaat yn de moderne klimaatklassifikaasjes en kin sa beskôge wurde as in tradisjonele klimaatsône.

Yn de meast brûkte definysje, de Klimaatdefinysje fan Köppen, wurdt de term al hielendal net mear neamd. Köppen set it subtropysk klimaat ûnder by de matige klimaten. De temperatuer fan de waarmste moanne leit gemiddeld boppe de 22 °C, wylst de temperatuer fan de kâldste moanne gemiddeld tusken de -3 °C en 18 °C leit. Der binne wiete simmers en drûge winters of oarsom. Dit giet op foar it waarme mediterraan klimaat (Csa-klimaat op de ferdieling fan Köppen), it waarme sinaklimaat (Cwa-klimaat) en it waarme seeklimaat (Cfa-klimaat).

De klimatolooch John Griffiths brûkt in oare definysje. Hy makket gebrûk fan de definysje dat lokaasjes mei in temperatuer fan gemiddeld tusken de 6 °C en 18 °C yn de kâldste moanne subtropysk binne.

Glenn Trewartha makket gebrûk fan de definysje dat in klimaat subtropysk is as der acht of mear moannen fan in jier in temperatuer fan gemiddeld boppe de 10 °C hawwe, wylst der yn elts gefal ien moanne is mei in temperatuer fan gemiddeld ûnder dan 18 °C.

Karakteristiken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De omstannichheden binne yn de subtropyske klimaatgebieten tige ferskillend. It is ien fan de grutste klimaatsônes op de wrâld. Sa kin de mannichte delslach ferskille fan tige fochtich oant tige drûch. In tal fan de grutte woastinen op de wrâld lizze yn de subtropyske sône. Simmers kinne hjit wêze, of gewoan waarm. Guon subtropyske gebieten wurde teistere troch sykloanen, dy’t yn de tropen simmerdeis en yn de hjerst ûntsteane.

Yn de subtropen binne de winters relatyf waarm, mar net like hjit as yn de simmer. Snie en froast komt eins net foar. Planten as de palmbeam, de sitrusbeam en bedektsieddigen komme in soad foar, it binne benammen beammen dy’t harren blêd hâlde.

It subtropysk klimaat komt oeral op de wrâld foar. Foarbylden binne: