Nagorno-Karabach
Nagorno-Karabach is in etnysk Armeenske enklave yn Azerbeidzjan. De enklave is om-ende-by 4800 kante kilometer grut, en wurdt omklamme troch Azerbeidzjan. De haadstêd is Stepanakert.
De befolking bestiet foar 95% út Armeenjers. Fierders wenje der noch wat Russen, Griken, Koerden en Oekraïners.
Op 2 septimber 1991 ferklearre de enklave him ûnôfhinklik fan Azerbeidzjan ûnder de namme fan Republyk Artsach, mar dat wurdt ynternasjonaal net erkend. Formeel heart Nagorno Karabach ta it grûnbesit fan Azerbeidzjan, mar de fakto hâldt en draacht de enklave him as in ûnôfhinklike republyk.
Frij gau nei de ûnôfhinklikens ûntstie der kriich mei Azerbeidzjan om de enklave. Nagorno Karabach krige dêrby stipe fan Armeenje. De kriich waard ferlern troch Azerbeidzjan en sûnt dy tiid hearsket der in wapenstilstân. Under tafersjoch fan de OVSE wurdt al jierren socht nei in oplossing foar it konflikt.