Springe nei ynhâld

Egypte

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Arabyske Republyk Egypte)
جمهوريّة مصرالعربيّة
Ǧumḥuriyat Miṣr al-ˁArabiyah
Flagge fan Egypte Wapen fan Egypte
Flagge Wapen
Lokaasje fan Egypte
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Kaïro
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
1.001.450 km²
0,6­%
Ynwenners (2005) 77.505.756
Munt Egyptyske pûn (EGP)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 23 july
Lânkoade EGY
Ynternet .eg
Tillefoan 20

Egypte is in lân yn Noardeast-Afrika, wêrfan it skiereilân Sinai part is fan Súdwest-Aazje. De haadstêd is Kaïro en de presidint fan de it lân is sûnt juny 2012 Mohamed Morsi.

Egypte wurdt begrinzge troch:

Egypte grinzet yn it noarden oan de Middellânske See, yn it easten oan de Gazastripe, Israel en de Reade See, yn it suden oan Sûdan en yn it westen oan Lybje. Yn it easten fan Egypte leit de Sinaï wat in skiereilân is dat ta it Aziatyske wrâlddiel heart. Dat skiereilân is troch de lâningte fan Suez ferbûn mei de rest fan it lân.

It wichtichst is it gebiet dat foarme wurdt troch de ouwers en de delta fan de rivier de Nyl. Dat gebiet is hiel fruchtbêr en tige ticht befolke. It meastepart (96%) fan it lân heart ta de Saharawoastyn en is tin befolke. Yn it westen lizze lykwols noch in oantal oazes.

De haadstêd is Kaïro (القاهرة - stêd 6.801.000, stêdekloft sa. 15 miljoen ynwenners). It is ek de grutste stêd fan it kontinint Afrika.

Oare stêden binne: Aleksanderje, Gizeh, Shubra-El-Khema, Port Said (472.300), Suez, El-Mahalla El-Kubra, Tanta, al-Mansurah, Luxor, Assioet, Assoean, Hurghada, Kom Ombo, Port Safaga, Port Said, Sharm el Sheikh, Zagazig.

Inkele badplakken yn Egypte binne:

De Nyl yn Egypte.

De jierlikse oerstreaming fan de Nyl smiet fruchtbere grûn op foar de lânbou, sadwaande setten minsken har al om 8000 f.Kr. nei wenjen yn dat gebiet. Om 3200 f.Kr. is der in kening Menes, dat de earste kening fan Egypte wurde soe. It duorre hast 3000 jier oant de tritichste en lêste dynasty bestean soe.

Yn 332 f.Kr. oermasterre Aleksander de Grutte Egypte. Nei syn dea falt syn ryk útinoar en wurdt ien fan syn fjildhearren, Ptolemaeus, kening fan de satrapy (provinsje) Egypte. Ptolomaeus I beneamt himsels ta Farao fan Egypte. Yn 30 f.Kr. ferliest it Ptolemaetyske Ryk har ûnôfhinklikens en wurdt in provinsje fan it Romeinske Ryk.

Yn de earste iuw brocht Sint Markus it Kristendom nei Egypte. Yn de 6e iuw wurdt it East-Romeinske ryk stadichoan it Byzantynske ryk dat hieltyd yn kriich is mei de Perzen. Yn 639 oerweldigen de Islamityske Arabieren Egypte, en wurdt de Islam it nije leauwen. Islamityske lieders keazen troch it Islamityske Kalyf holden yn de seis neikommende iuwen de macht yn hannen. Yn 1517 wurdt Egypte in part fan it Ottomaanske Ryk.

Yn 1798 waard it lân in njoggen moannen beset troch in Frânsk eskpedysjeleger mei ginneraal Napoleon Bonaparte. Nei't de Britten mei admiraal Horatio Nelson foar de kust lâns besochten de Frânsen op te kearen, flechte Napoleon fan Egypte wei en lit syn leger yn Egypte.

Nei de oanlis fan it Suez kanaal hie Egypte hege skulden by de Britten. Yn 1882 feroverje de Britten Egypte. Yn de Earste Wrâldkriich waard Egypte in Britsk protektoraat. Yn 1922 krige it lân mear foech, mar noch hieltyd mei in sterke Britske ynfloed. Wilens de Twadde Wrâldkriich krije de Britten help fan Egypte. Ek waarden út Egypte wei oanfallen tsjin de Dútsk-Italjaanske alliânsje. Yn 1942 ferliest it Afrika-korps fan Erwin Rommel de Slach om El Alamein. It Suez kanaal waard letter brûkt foar militêr transport nei Aazje, yn de tiid doe't der noch tsjin de Japanners fochten waard.

Nei in steatsgreep yn 1952 waard opp 18 juny 1953 waard de Egyptyske Republyk ferklearre, mei Mohammed Naguib as presidint. Yn 1954 waard Gamal Abdel Nasser, de wiere beweger by de steatsgreep 1952, keazen as presidint troch de Revolusjonêre Ried. Presidint Nasser ferklearre Egypte folslein ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje op 18 juny 1956. Mei nasjonalisaasje fan it Suez kanaal sette de Suez Krisis yn 1956 útein.

Twiske 1958 en 1961 hiene Egypte en Syrje tegearre de Ferienige Arabysk Republyk (FAR) en in konfederaasje mei Noard-Jemen, de Feriene Arabyske Steaten (FAS). De FAR as de FAS waarden yn 1961 wer opheven omdat de lannen it net lykfine koenen mei it liederskip.

Yn 'e Seisdeiske Kriich waard de Sinaï fan Israel beset. Wilens de Oktober Kriich yn 1973 woenen Syrje en Egypte wraak, mar dat mislearre.

Yn 1981 waarde presidint Anwar Sadat foar gearwurking mei de Amearikanen en frede mei Israel troch islamityske ekstremisten fermoarde. De fise presidint fan doe, Hosni Moebarak wie tenei diktator. Op 7 septimber 2005 wiene der ferkiezings dêr't Moebarak ek oan meidie. Moebarak krige 88% fan de stimmen.

Fan 25 jannewaris 2011 ôf brutsen der, nei de revolúsje yn Tuneezje, ûnrêsten út yn ferskate stêden yn Egypte. Nei achttsjin dagen fan protest, droech Moebarak op 11 febrewaris de macht oer oan it Egyptyske leger.

  • Ynwennersoantal: 80.335.036 (2007); dat is 80,2/km² (2007); De befolking is wol tige konsentrearre yn de Nylfallei; yn 1900 wienen der nei skatting tsien miljoen Egyptners [1].
  • Befolkingsgroei: 2,2% (gemiddelde 1980-2001)
  • Befolkingsgroepen: Egyptners (ynklusyf Bedoeïnen en Berbers) 99%
  • Flechtlingen: 78.000 (ein 2002), wêrfan 50.000 Palestinen, 20.000 út Soedan.

Arabysk (offisjële taal), Ingelsk, Frânsk (hannelstalen), Arabyske (Egyptysk, Soedaneesl e.o.), Nubyske en Berbertalen

Islam 90% (benammen Soennisme), Kristendom 10% (Koptysk-ortodokse Tsjerke 9% en oare kristlike tsjerken 1%, wêrûnder de Koptysk-katolike Tsjerke) [2].

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Grutte Sfinks en de Piramide fan Gizeh

De folgende gefallen binne toeristyske trekpleisters fan Egypte:

  1. WESP: historical demographical data
  2. CIA World Factbook: Egype, People