Mohammed Naguib

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Mohammed Naguib

Mohammed Naguib (Arabysk: ‏محمد نجيب‎, Muḥammad Nağīb; Kartûm, 20 febrewaris 1901 - Kairo, 28 augustus 1984) wie in Egyptyske generaal en presidint. Naguib waard yn Egypte as ien fan de helden fan de Earste Arabysk-Israelyske Oarloch (fan 1948) beskôge.

Nei syn offisiersoplieding oan de keninklike militêre akademy yn Kairo studearre Naguib rjochten en ekonomy. Nei de Twadde Wrâldkriich krige hy in tal wichtige funksjes. Doe’t de Palestynske kriich fan 1948 foarby wie kaam er yn kontakt mei de militêre beweging fan de frije offisieren. Dy beweging waard laat troch Djamal Abd al-Nasser. Op 23 juny 1952 wie der in koupe wêrby't kening Faruk fan Egypte ôfsetten waard. De groep beneamde de ferneamde generaal Naguib ta befelhawwer fan it leger. Ek waard hy de earste minister en minister fan kriich en marine. Nei it útroppen fan de republyk op 18 juny 1953 waard hy de earste presidint fan Egypte.

Doe't Naguib tarieding makke om de politike partijen opnij ta te litten yn it bestel, woe Nasser dat net talitte. Nasser pakte it presidintskap fan him oer. Op 14 novimber 1954 waard Naguib beskuldige fan in oanslach op Nasser fia de Moslimbruorskip. Naguib waard ôfsetten en yn Kairo ûnder húsarrest pleatst. Hy soe oant 1984, oant syn dea, fêstsitte.