Gamal Abdel Nasser

Ut Wikipedy
Nasser yn it midden (rjochts Nikita Chrûsjtsjov), 14 maaie 1964

Gamal Abdel Nasser (of Djamal Abd al-Nasser; Arabysk: جمال عبد الناصر; sekuerdere transliteraasje: Ǧamāl ʿAbd al-Nāṣir) (Aleksandrië, 15 jannewaris 1918Kairo, 28 septimber 1970) wie de twadde presidint fan Egypte. Hy wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Arabyske lieders fan de skiednis.

Nasser waard berne yn Aleksandrië. Doe't er 16 jier wie, waard er de lieder fan de studintendemonstraasjes tsjin de Britske ynfloed yn Egypte. Hy folge in offisiersoplieding oan de militêre akademy en promovearre yn 1938. Yn 1943 waard hy as ynstrukteur oansteld. Koart dêrnei rjochte er in geheime organisaasje op mei de namme de Frije offisieren. Yn 1948 die er mei oan de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Hy rekke yn dy kriich ferwûne.

Op 23 july 1952 plege de frije offisieren in steatsgreep. De korrupte kening Farûk I waard ferdreaun. Generaal Aly Mohammed Naguib waard oansteld as earste minister. Nei it útroppen fan de republyk op 18 juny 1953 waard dy lêste ek de earste presidint fan Egypte. Nasser, dy’t yntiids kolonel wurden wie, naam de funksje fan de fise-earsteminister op him en hy waard minister fan binnenlânske saken.

Naguib woe politike partijen wer talitte mar Nasser woe dit net. Hy pakte op 17 april alle funksjes fan Naguib yn. Op 14 novimber 1954 waard Naguib beskuldige fan it meidwaan oan in aanslach op Nasser. Naguib waard út al syn funksjes setten. Twa jier letter waard er de twadde presidint fan Egypte nei in ferkiezing dêr’t er de iennichste kandidaat wie.

Yn 1956 woe Nasser graach in liening hawwe fan de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk om de bou fan de Aswandaam op de Nyl betelje te kinne. Doe't er dat net foar mekoar krige, woe er it Suezkanaal nasjonalisearje litte. Dat wie it begjin fan de Suez-krisis. It begûn mei in wapene konflikt mei Israel, Israel besette it Sinaï-skiereilân en stjitte troch nei Gaza en it Suezkanaal. De Frânsen en de Britten, dy’t harren belangen in reek opgean seagen, rôpen op dat Egypte en Israel harren weromlûke moasten mei harren legers. Doe't dat troch Nasser net akseptearre waard, lâne op 5 novimber in leger fan in Britsk-Frânske koalysje by it kanaal. Under druk fan de Feriene Steaten en de Sowjetuny moast dy koalysje him weromlûke. It Israelyske leger, dat it Egyptyske leger ferslein hie, krige yn ruil foar it Sinaï-skiereilân de tasizzing dat aksjes út Egypte wei ophâlde soene.

Yn 1958 gienen Egypte en Syrje op yn ien steat mei de namme de Feriene Arabyske Republyk. Koart dêrnei waard ek Noard-Jemen opnaam yn dy uny. It wie net in súkses, yn 1961 ferliet Syrje de uny.

Yn 1967 woe Nasser in kriich begjinne mei Israel. Hy lokke de kriich út troch de Golf fan Akaba ôf te sluten foar Isrealyske skippen. Ek stjoerde er in soad soldaten nei de grins mei Isreal. Dy Seisdagekriich pakte net goed út foar Nasser. Nei syn delslach woe Nasser ûntslach nimme. Mar hy naam dochs syn funksje wer oan neidat er massale demonstraasjes kamen om him te stypjen. In pear dagen letter naam hy de hiele macht fan it lân oer. Mei help fan de Sowjetuny boude er syn militêre apparaat en de ekonomy wer op.

Op 28 septimber 1970 ferstoar Nasser oan in hertoanfal yn syn filla by Kairo. Hy waard as presidint opfolge troch Mohammed Anwar al-Sadat.