Springe nei ynhâld

Aswandaam

Ut Wikipedy

De Aswandaam is in keardaam yn de rivier de Nyl. De daam leit sa'n kilometer te suden fan de âlde daam yn Egypte. De bou fan de nije Aswandaam gie hân yn hân mei de nasjonalisaasje fan it Suezkanaal. De bou fan de daam wie in projekt fan nasjonale grutskens en is begûn tidens it regear fan Nasser. De bou fan de daam is begûn yn 1960 en wie klear yn 1970. De hege daam is in grut bouwurk fan 3600 meter lang, en hat in hichte fan 111 meter. Foar de daam is 17 kear mear materiaal ferwurke as oan de piramide fan Geops en 26 kear mear materiaal as de âlde daam.

Troch de daam is der tsjintwurdich it hiele jier troch yrrigaasje mooglik. Foar de yrrigaasje wurdt likernôch 165 miljoen kubike meter wetter brûkt. De mar hat in kapasiteit fan 157 miljoen kubike meter. In diel fan dit wetter wurdt brûkt om ûnfruchtber lân yn kultuer te bringen. De daam makket in einde oan de jierlikse oerstreaming fan de Nyl en soarget foar in konstant nivo fan de rivier.

It Nylslib komt net mear yn it Nyldal, mar bliuwt efter de daam. Dêrtroch is it dal net mear sa fruchtber as eartiids. Al dat slib drukt tsjin de daam oan dit kin gefaarlik wurde yn de takomst. De see gnibbelt hieltyd in bytsje mear fan de delte of. It sâltgehalte is dan ek folle heger wurden. Trochdat it lân minder fruchtber is moatte de boeren hieltyd mear keunstmest brûke. Dit soarget foar sûnens problematyk. Troch it ferdampen fan it wetter yn de mar is it klimaat feroare. Troch de grutte mar binne in soad monuminten ûnder wetter kommen. En mocht de daam ea bombardearre wurde dan leit hiel Egypte ûnder wetter.