Gizeh
Appearance
Gizeh الجيزة | ||
Gizeh oan de Nyl | ||
Polityk | ||
Lân | Egypte | |
Gûvernemint | Gizeh | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.628.062 (2012) | |
Oerflak | 1579,75 km² | |
Befolkingsticht. | 2300 / km² | |
Stêdekloft | Grut-Kairo: ± 27.500.000 | |
Hichte | 19 m | |
Oar | ||
Stifting | 642 f.Kr. | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Webstee |
Gizeh (Arabysk: الجيزة, al-Gīzah; Ingelsk: Giza) is in foarstêd fan de Egyptyske stêd Kairo, sa'n 20 km fan it sintrum fan dy stêd ôf. Gizeh is foaral bekend fanwege de Sfinks en piramides dy't dêr tichtby lizze.
Yn 2012 hie Gizeh 3.628.062 ynwenners.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Gizeh is sûnt 1924 de Universiteit fan Kairo festige. De stêd is in sintrum fan ûnderwiis foar de hiele Mediterrane regio. Gizeh hat tal fan skoallen, beukerskoallen en ynstituten foar heger ûnderwiis.
Gizeh hat de Japaneeske Ynternasjonale Skoalle.[1] Yn Dokki yn Giza stiet teffens de Deutsche Evangelische Oberschule stiet ,[2] en de Pakistan International School of Cairo.[3]
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste nijsgjirrichheden fan Gizeh binne:
- Piramide fan Geops fan kening Geops (Kufu)
- Piramide fan Gefren
- Piramide fan Mykerinus
- Sfiks fan Gizeh
Stêdebân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Los Angeles Feriene Steaten
- Bergen, Noarwegen
- Rinkeby-Kista, Stokholm, Sweden
- Bandar Seri Begawan, Brûnei
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gizeh fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|