Perzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Perzen binne in Yndo-Jeropeesk folk dy't benammen yn Iran wenje. It wurd Perzen is ôfkomstich út it Gryksk en is ôflaat fan Persis foar de streek Fars yn Súd-Iran. De Perzen neamen jin sels Iranjers. As gefolch fan de Iraanske diaspora hawwe sy har oer de wrâld ferspraat en wenje no yn Noard-Amearika, Jeropa en oare dielen fan Aazje.

De antike Haadstêd fan de Perzen: Persepolis

De Perzen stamme ôf fan de Ariërs, in Yndo-Jeropeesk folk dat om 1000 f. Kr. hinne nei Iran en Sintraal-Aazje ferfarde. It earste ferslach oer de Perzen is in Assyryske ynskripsje út likernôch 800 f. Kr.. Hjiryn wurdt it folk Parsu neamd. Der wurdt ek in oare Aryske groep neamd, Madai (Meden).

De taal fan de Perzen, Perzysk of Farsi, heart ta de Yndo-Iraanske taalfamylje.

De Tadzjieken út Sintraal-Aazje binne in oan de Perzen besibbe folk.

Neffens it CIA World Factbook fan 2006, bestiet 51% fan de hjoeddeiske befolking fan Iran út etnyske Perzen; oare skattingen gean sels út fan in persintaazje fan 70%.