Springe nei ynhâld

Oäze

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oaze)
In oäze.

In oäze (fan it Latynske oasis, fan it Aldgrykske όασις, oasis, fan it Egyptyske wḥj, oarspronklik wḥꜣt, dat "oäze" of "tsjettel" betsjut) is in plak yn de woastyn, dêr't oerflaktewetter is en dêr't meastentiids palmbeammen en oar fegetaasje waakse. It is in griene flek yn it trochstrings skrokke en keale omjouwing. Hiel faak leit by in grutte oäze in doarp of stêd.

Yn woastyneftige gebieten as bygelyks de Sahara hawwe de oäzen tûzenen jierren fan tige grut belang west foar it ekonomysk ferkear. Allinnich troch de oanwêzichheid fan oäzen koe mei karavanen de woastinen trochkruse wurde.

Foarbylden fan oäzen binne Tozeur en Douz yn Tuneezje en Palmyra yn Syrje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wikiwurdboek-side - oäze