Springe nei ynhâld

Iran

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iraan)
جمهوری اسلامی ايران
Jomhūrī-ye Eslāmī-ye Īrān
Flagge fan Iran Wapen fan Iran
Flagge Wapen
Lokaasje fan Iran
Offisjele taal Persysk
Haadstêd Teheran
Steatsfoarm Islamityske republyk
Gebiet
% wetter
1.648.195 km²
0,07­%
Ynwenners (2013) 79.853.900 (2013[1])
Munt Rial (IRR)
Tiidsône UTC +3.30
Nasjonale feestdei 12 juny
Lânkoade IRN
Ynternet .ir
Tillefoan 98

Iran of Iraan, sûnt 1979 offisjeel de Islamityske Republyk Iran, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Teheran, de Rahbar fan de Islamityske republyk is sûnt 1989 Ali Khamenei en presidint is Hassan Rohani sûnt 3 augustus 2013.

Iran waard oant 1935 troch de wrâld mei Perzje oantsjutten wylst de ynwenners sels it lân Iran neamden. Dêrom frege de doetiidske Perzyske monarch, Reza Sjah, oan alle lannen om tenei de namme Iran te brûken. Iran hâldt yn 'Lan fan de Ariërs'. Nei in beswier fan de Perzyske/Iraanske learden, kundige it regear yn 1959 oan dat beide nammen offisjeel brûkt wurde meie. In ynwenner fan Iran/Perzje is in Iraniër of in Pers of yn it Perzysk; Irani of Pars (ایرانی).

Iran wurdt begrinzge troch:

Sicht op de heechste berch fan Iran, de pyk fan de Damavand yn Amol.

It lânskip fan Iran is oer it algemien skrok en bestiet foar it meastepart út bercheftige gebieten. Lizzend tusken de Kaspyske See en Perzyske Golf wurdt it yn it noarden begrinzge troch it 5604 meter hege Elbûrs-berchtme en yn it suden troch it Zâgros-berchtme. It Heechlân fan Iran foarmet it grutste en sintrale gedielte en giet nei it easten oer yn de Lût-woastyn.

Yn it noarden fan Iran lizze reinwâlden dy't de Jungle fan Iran neamd wurde. It easten bestiet benammen út woastynbekkens as de Dasht-e Kavir, Iran's grutste woastyn en de Dasht-e Lût, en ek inkele sâltmarren. Trochdat de bergen tige heech binne kinne reinwolken út it noarden dizze gebieten net berikke en is it skrok. De ienige flakten fan Iran lizze oan de kust fan de Kaspyske See en yn it suden oan de Perzyske Golf dêr't de Sjatt al-Arab (of Arabyske rivier) yn útmûnet.

De haadstêd fan Iran is Teheran. Oare wichtige stêden binne Mashhad, Tabriz, Sjiraz, Abadan, Kerman, Zahedan, Karaj, Rashjt, Yazd, Hamadan, Chorramsjahr, Ahvaz, Urmia, Arak, de religieuze stêd Qom en de âlde haadstêd Isfahan.

De ruïnes fan it histoaryske Persepolis

Iran as lân hat in bysûnder lange skiednis en wurdt beskôge as ien fan de bakerkuorren fan de beskaving. De skiednis fan it ryk giet tebek oant de 6e iuw f.Kr., doe't Syrus de Grutte de fersprate folken gearbrocht ûnder syn hearskippij. Hy stifte it Perzyske Ryk, dat in enoarme macht berikte en in gebiet omfieme oan de Middellânske See ta.

Yn de 4e iuw f.Kr. oermastere Aleksander de Grutte it Perzyske Ryk en fersloech kening Darius Kodomannus flakby Persepolis. Nei syn dea waard it lân bestjoerd troch syn opfolgers, de Hellenistyske (Grykske) klasse fan de Seleusiden. Letter fêstigen de Parten en de Sassaniden yn Iran machtige riken.

Troch de islamityske Arabieren waard yn de 7e iuw in ein makke oan it Perzyske ryk fan de Sassaniden. It Arabyske Ryk dat dêrnei stifte waard hearske yn Iran oant de 9e iuw. Doe ferlear it sintrale gesach fan de Abbasiden yn Bagdad har autoriteit en foel Iran út inoar in lytse steatsjes.

Yn de 11e iuw hienen de Turkske Seltsjoeken it yn it gebiet foar it sizzen. Sy fersloegen de Arabieren en oermasteren op harren bar Iran. Mar ek it ryk fan de Seltsjoeken foel letter wer út inoar troch de komst fan de Mongoalen yn de 13e iuw.

Iran waard wer feriene yn de 15e iuw troch de dynasty fan de Safawiden. Under harren hearskippij waard it Sjiïsme de steatsgodstsjinst en kaam de Iraanske kultuer ta grutte bloei. Nei de Safawiden namen de Kadjaren de macht oer. Yn dat tiidrek wie Iran ien fan de pear lannen yn Aazje dy't ûnôfhinklik bliuwe koe tsjin de Westerske wrâld oer, al hienen it Feriene Keninkryk en Ruslân der wol in soad ynfloed.

Yn de 20e iuw hearske der in skoftlang de Pahlavi-dynasty. Sjah Reza Pahlavi en soan Mohammed Reza Pahlavi regearden as in slach diktators. De befolking waard dêrby faak hurdhandich ûnderdrukt, mar dochs krigen de Pahlavi's stipe út it westen. De Iraanske Revolúsje, in grutte opstân fan de Iraanske befolking, twong de sjah yn 1979 it lân te ferlitten. De machtichste politike partij, dy fan de geastlikheid, keas der lang om let foar om de macht oan ien persoan te jaan: ayatollah Ruhollah Khomeini. Sûnt dy tiid wurdt it lân neffens in troch him opstelde behâldende islamityske wetjouwing regeare. Yn 1980 bruts der in bluodderige oarloch út mei it buorlân Irak. Dy kriich soe duorje oant 1988 en einige net-útmakke.

Sûnt it presidintskip fan de herfoarming tadiene presidint Mohammad Khatami wurdt it lân, dêr't mear as de helte fan de befolking jonger is as 30 jier, sa stadichoan modernisearre. De behâldende geastlike lieders hawwe it der lykwols foaral foar it sizzen en hâlde al te radikale herfoarmings tsjin.

Befolking fan Iran

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking yn Iran is yn in koarte tiid hurd waakst. Yn 1900 wienen der tsien miljoen Iraniërs, tsjintwurdich binne it der sân kear safolle. Dizze rizing fan de befolking wie benammen grut nei de Iraanske Revolúsje fan 1979. Tusken 1995 en 2005 naam de befolking ta mei 8,4 miljoen. De mearderheid fan de befolking is jonger as 30 jier.

Neffens it CIA World Factbook is de befolking ferdield yn de folgjende etnyske groepen: Perzen (51%), Azery's (24%), Gilaky en Mazandarany (8%), Koerden (7%), Arabieren (3%), Baluchen (2%), Lurs (2%), Turkmenen (2%), Qashqai Turken, Armeenjers, Joaden, Assyriërs en oaren. Hjirby moat oantekene wurde dat oare boarnen oare persintaazjes jouwe.

Yn Iran is it Sjiisme, in streaming yn de islam, steatsgodstsjinst, mar wurde ek oare religys praktisearre en tastien. Religy hat in tige grutte ynfloed op it deistige libben yn Iran. Yn de grûnwet is opnommen dat de Heechste lieder fan it lân altiten in geastlike wêze moat en dat alle wetsfoarstellen earst troch geastliken beoardield wurde moatte foardat syn yn wurking tredde kinne.

Op strjitte kontrolearret de religieuze polysje oft froulju harren wol oan de religeuske kleanfoarskriften hâlde. Ek wurdt kontrolearre op oar ûnseedlik gedrach. Under it freetemiddeisgebed wurdt neffens de islamitysjke tradyse in khutbah of politike rede holden.

Fan de befolking fan Iran is 89% sjiiet en 9% prosint is soenniet. De soennieten binne fral Koerden yn it noardwesten, Beloetsjy yn it súdeasten en Turkmenen yn it noardeasten fan it lân. Ferspraat oer it lân wennen ek in protte neifolgers fan it soefisme, mar dizze kinne sawol soennitysk as sjiitysk wêze. .

Utsein moslims libbe yn it lân noch wat lytse mienskippen fan kristenen, joaden, zoroastristen en hindoes. It bahá'í leauwen is ferbean en wurde ferfolge.

  1. http://www.un.org/esa/population/publications/wpp2007/WPP2007%20web/Countries/Iran%20(Islamic%20Republic%20of)/demographic.xml