Isfahan
Isfahan | ||
Polityk | ||
Lân | Iran | |
Provinsje | Isfahan | |
Distrikt | Sintraal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.583.609 (2006) | |
Oerflak | 106,179 km² | |
Stêdekloft | 3.430.353 ( 2006) | |
Hichte | 1590 m | |
Oar | ||
Tiidsône | IRST (UTC+3:30) | |
Simmertiid | 21maart - 20 September (?) (UTC+4:30) | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee Isfahan |
Isfahan of Esfahan (Perzysk: اصفهان) is in stêd yn Iran; it is de tredde stêd fan it lân. De stêd leit sa’n 340 km besuden Teheran. Yn de Aldheid waard de stêd Aspadana neamd. It is ek de haadstêd fan de provinsje Isfahan.
Isfahan leit yn in oaze op it Heechlân fan Iran oan de noardigge fan de rivier de Zayandeh Rud en leit oan wichtige grutte noard-súd en east-west diken yn Iran. It wie ien fan de wichtige stêden oan de siderûte mei in grutte karavaanseray.
Isfahan wie ea ien fan de grutste stêden fan de wrâld. It plak bloeide fral fan 1050 oant 1722, benammen yn 16e iuw ûnder de Safavid dynasty, doe’t it (foar de twadde kear) de haadstêd fan Perzje waard. Ek hjoed noch hat de stêd in soad fan syn eardere grandeur behâlden. It is ferneamd om syn Islamityske arsjitektuer, mei moaie bûlevaars, oerdutsen brêgen, paleizen, moskeeën en minaretten. Dat alles hat laat ta it Perzyske sprekwurd "Esfahān nesf-e jahān ast" ('Isfahan is de heale wrâld').
It Naghsh-e Jahan plein yn Isfahan is ien fan de grutste stedspleinen fan de wrâld en in skitterjend foarbyld fan Islamityske en Iraanske arsjitektuer. Dêrom is it opnaam yn de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO as in World Heritage Site. De stêd hat fierders noch in grut ferskaat oan histoaryske monuminten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd bestie al yn de Aldheid en wie doe bekend as Aspadana. Yn de tiid fan de Parten wie it de haadstêd fan de provinsje Boppe-Perzje fan dat ryk
Under de Babyloanyske ballingskip waarden ek Joaden nei Isfahan oerbrocht. Dêr is no ek noch in lytse joadske mienskip.
De Arabieren feroveren de stêd yn 643. De stêd bleau doe fan belang. De lizzing oan de siderûte makke dat de stêd bekend wie om syn side.
De Seltsjoeken ûnder Malik Sjah I makken Isfahan haadstêd yn 1072. Yn dat tiidrek wenne de ferneamde arts/filosoof Avicenna ek yn Isfahan. Yn de 13e iuw waard de stêd ferovere en ferwoastge troch de Mongoalen. Yn oktober of novimber 1387 luts Timoer Lenk op nei Isfahan. De benaude gûverneur fan de stêd joech him fuortendaliks oer. Deselde nacht kaam de befolking lykwols yn opstân. Timoer liet doe de 70.000 ynwenners deadwaan en de stêd folslein ferwoastgje. Dat betsjutte de delgong fan de stêd.
Under de dynasty fan de Safaviden waard Isfahan yn 1598 fannijs haadstêd fan Perzje. De stêd bloeide ûnder sjah Abbas I de Grutte. Yn dy perioade waarden de meast wichtige bouwurken realisearre, ûnder oaren it plein Meidan Emam. De stêd hie doe sa'n 1 miljoen ynwenners. Abbas I brocht in protte hannelers nei syn nije haadstêd, dêr't in soad Armeenjers en Joaden ûnder wienen; sy hiene dêr godstsjinstfrijheid. De Nederlânske VOC hie fan 1623 oant 1638 in hannelspost yn Isfahan.
De bloeiperioade duorre oant de Afganen de stêd yn 1722 oermasteren en de stêd foar it grutstepart ferwoastgen. Shiraz waard doe de haadstêd fan Perzje. Yn 1729 waarden de Afganen wol ferdreaun, mar de stêd helle nea wer syn âlde status. Mashhad, Shiraz en letter Teheran waarden efterinoar de haadstêden fan Iran.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Isfahan wurde fine tapiten, tekstyl, stiel en mei de hân makke produkten fabrisearre. Isfahan hat ek eksperimintele kearnreaktors en fasiliteiten foar it meitsjen fan kearnbrânstof (UCF). De stêd hat ien fan de grutste stielfabriken fan de fiere omkriten en fabriken dy't spesjale legearingen meitsje.
Yn Isfahan wurdt uranium omset yn uranium heksafluoride (UF6), it iennige plak yn Iran dêr't it te besetten is. Neffens it IAEA boude Iran yn 2006 oan bunkers ûnder Isfahan om de UF6 produksje te beskermjen.[1]
De stêden Najafabad, Khaneh Esfahan, Khomeini-shahr, Shahin-shahr, Zarrinsjahr, Mobarakeh, Kwomshe(Shahreza) , Kashan, Fouladsjstahr en Falavarjan heare allegearre ta de metropoal Isfahan. De stêd hat in ynternasjonaal fleanfjild en der wurdt de lêste hân lein oan de bou fan in metrospoar.
Goed 2000 bedriuwen yn it gebiet profitearje fan Isfahan's ekonomyske, kulturele en sosjale potinsjeel. Isfahan húsmannet in grutte oaljeraffinaderij en in grutte loftmachtbasis. HESA leit ek tichteby, it is Iran's meast moderne fleanmasinefabryk (dêr't de IR.AN-140 makke wurdt).[2] Yn 2007 waard de Ynternasjonale Natuerkunde Olimpiade yn Isfahan holden.
Isfahan yn it ferline
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tekening út 1703 fan de VOC
Ut de lapekoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Isfahan hat in tal Nederlânske skriuwers en dichters ynspirearre yn harren wurk. De namme Ispahaan komt foar yn it gedicht De tuinman en de dood fan Pieter Nicolaas van Eyck. Tommy Wieringa skreau in boek mei reisferslaggen mei de titel Ik was nooit in Isfahaan en Cees Nooteboom skreau Een avond in Isfahan dêr't er yn ferhellet fan syn reizen troch (ûnder mear) Iran en Isfahan. Teffens komt de stêd foar yn de novelle De kraai fan Kader Abdolah, it boekewikepresint fan 2011.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|