Springe nei ynhâld

Avisenna

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Avicenna)
Ibn Sina as Princeps Abinsceni mei kroan en septer. Houtfyk út 1520
Kanon fan de genêskunde
Mausoleum fan Ibn Sina yn Hamadan

Ibn Sina of (Latyn) Avisenna (folút Abu Ali Al-Hoessein Ibn Abdoellah Ibn Sina, Afsjanah (no Oezbekistan), 980 - Hamadan, 1037) wie in Turksk[1][2] medikus, geolooch, paleontolooch, natuerkundige, psycholooch, wiskundige, wittenskipper, filosoof en algemist. Hy wie benammen bekend om syn bydragen op it mêd fan de aristotelyske filosofy en de genêskunde en skreau nei skatting 100 à 250 ferhannelingen,[3] de measte hjirfan yn it Perzysk en Arabysk. Syn ferneamdste wurk is de Kanon fan de genêskunde (Al-Qanun fi al-Tibb), dy't út mear as ien miljoen wurden bestiet en dy't lange tiid ek yn Europa in standertwurk bliuwe soe. Ibn Sina ferstoar yn 1037 ticht by Hamadan (Iran) en is dêr begroeven.

Ibn Sina waard yn febrewaris 980 berne yn Afsjanah, in doarpke flakby de stêd Buchara yn wat no Oezbekistan is.[4] Op tsienjierige leeftyd koe hy de Koran út syn holle. Syn heit wie gûverneur fan de Perzyske Samaniden-dynasty. Op de jonge leeftyd fan santjin genies Ibn Sina de emir fan de Samaniden Noeh ibn Mansoer, wêrnei't hy tagong krige ta de grutte bibleteek fan de emir. Doe't Ibn Sina de leeftyd fan achttjin berikte, wie hy geleard yn alle takken fan de formele en hegere stúdzjes fan de wittenskip.

Nei de dea fan syn heit begûn Ibn Sina in perioade fan filosofy, stúdzje en reizen. Hy besocht plakken as Gorgan, Qazvin, Hamadan en Isfahan.

Troch syn wittenskiplike wurken krige hy meardere (by)nammen, ûnder oare Shaikh Al-Ra'ies, Hujjat Al-Haqq, Sharaf Al-Mulk en Imam Al-Hukama.

Foarbylden fan syn wurk

Ek de feroaring yn de kwaliteit fn wetter en fiedsel kinne ta disharmony yn de lichemsfochten liede.

  • Ibn Sina wie de earste dy't oantoande dat it bloed it hert binnenkomt om dêrnei troch it hiele lichem pompt te wurden. Hoewol't de Griken, de joaden en kristenen it bloed as siel fan it lichem bestimpelen, sei hy: Bloed is it ferfiermiddel fan de fiedingstoffen en ôffalstoffen
  • Hy wie de earste dy't de hege sûkerspegel yn de urine fan sûkersyktepasjinten ûntdekte, ek wie hy dejinge dy't útfûn om drinkwetter te sieden om besmetlike syktes te foarkommen.
  • Syn ferhannelingen oer mineralogy foarmen de foarnaamste boarne foar kristlike ensyklopedisten út de 15e iuw.
  • Hy wie dejinge dy't yn ferskillende planten ferdôvingsmiddels ûntdekte om pine te fersêftsjen of as ferdôving foar operaasje.
  • Hy hat oantoand dat de berte fan in poppe in passyf proses is. Fierders hat hy in protte ûntdekkings op it mêd fan gemy en geology dien.
  • Hy wie dejinge dy't de stoomdestillaasje útfûn.
  • Ibn Sina wie de earste dy't meningitis identifisearre. Hy makke diagnoazes ffoar serebrovaskulêre aksidinten troch in harsenbloeding te diagnostisearjen op louter klinyske basis. Hy wist sintrale en perifere oansjensferlamming fan elkoar te ûnderskieden. Hy paste anesthesy ta fia de orale en nasale wei. Dit die hy mei spûnzen, dy't follutsen wiene mei alrún en hasjiesj.
  • Hy makke ûnderskied tusken spanningspineholle en migrêne. Fierders makke hy ûnderskied tusken grand mal- en petit mal-epilepsy. Migrêne omskreau hy as in ferhege prikkelberheid fan it senuwstelsel. Hy makke ûnderskied tusken iepen- en sluten skedelbasisfraktueren. Skedelfraktueren genêze net, skreau hy.

Histoaryske wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ibn Sina's wurken binne yn trije kategoryen ferdield:

Algemiene filosofyske wurken
Wurken dy't eksklusyf gean oer de natuerlike filosofy
Wurken oer de esotery
  • Y. T. Langermann (ed.), 2010: Avicenna and his Legacy. A Golden Age of Science and Philosophy, Brepols Publishers, ISBN 978-2-503-52753-6
  • Gilbert Sinoué, 1989: "La route d'Hispahan" (Le médecin d'Hispahan), Collection Folio, ed. Denoël, ISBN 2-07-038302-4 A38302

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ravil Bukharaev, Islam in Russia: The Four Seasons, Palgrave Macmillan, 16 Eyl 2000, s.95
  2. Theodore Craig Levin, The Hundred Thousand Fools of God: Musical Travels in Central Asia (And Queens, New York), Indiana University Press, 1996, s.40
  3. Seyyed Hossein Nasr — Oliver Leaman 2001, History of Islamic philosophy, New York, Routledge, p. 232.
  4. Seyyed Hossein Nasr — Oliver Leaman 2001, History of Islamic philosophy, New York, Routledge, p. 231.