Migrêne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Ofbylding fan immen dy't migrêne hat.

Migrêne (fan it Latynske hemicrania, "heale skedel", fia it Frânske migraine) is in neurofaskulêre oandwaning wêrby't pine-oanfallen ûntsteane troch neurale prikkelings dy't nei in hommelse tydlike fernauwing in ferwiding fan 'e bloedfetten ta gefolch hat. Dat giet yn 'e regel mank mei in ekstreme klopjende pineholle dy't meastal mar oan ien kant fan 'e holle field wurdt (dêrfandinne de Latynske betsjutting fan 'e namme). Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de term 'migrêne' ornaris brûkt foar elts swiere foarm fan pineholle, mar medysk sjoen moat it ûnderskaat wurde fan klusterpineholle en spanningspineholle. By weromkearende migrêne-oanfallen wurdt men mei klam oanret om in dokter te riedplachtsjen, om't der genêsmiddels besteane dy't previntyf wurkje of in oanfal bekoartsje kinne.

Migrêne kin lykwols ek dûbelsidich foarkomme, en sels as it inkelsidich is, sit de pine net by alle oanfallen oan deselde kant fan 'e holle. Der wurdt fierders ûnderskied makke tusken migrêne sûnder aura (twatrêde fan 'e gefallen) en migrêne wêrby't in aura waarnommen wurdt, oftewol oftalmyske of eachmigrêne (in trêde fan 'e gefallen). In migrênepasjint kin yn syn libben beide types fan 'e krupsje ûnderfine. Gewoane migrêne (sûnder aurawaarnimming) uteret him almeast as in swiere, klopjende pineholle, wêrby't de pasjint geregeldwei lêst hat fan mislikheid en spuie moat. Ien migrêne-oanfal kin in pear oeren oant ferskate dagen oanhâlde. Faak komme yn ien famylje ferskate gefallen fan migrêne foar, wat tsjut op in erflike faktor.

Symptomen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net alle migrênepasjinten diele deselde symptomen. De folgjende skaaimerken wurde lykwols troch in grut diel fan 'e pasjinten los faninoar of yn kombinaasje ûnderfûn:

  • Fisuële aura's: Troebel gesichtsfermogen, ljochtflitsen en it ferlies fan in diel fan it gesichtsfermogen troch it foarkommen fan flikkerskotomen. Dat binne gewaarwurdings fan dingen dy't net echt besteane, mar dy't har troch it gesichtsfjild fan 'e pasjint ferpleatse en ornaris de foarm oannimme fan triljende kartele of bûgde sigesagelinen of kleure trijehoekjes. Flikkerskotomen ferdwine faak binnen in oere wer, en komme mear foar by âldere (40+) as jongere persoanen. Soms geane se oan in migrêne-oanfal foarôf en kinne se as warskôging opfet wurde.
In flikkerskotoom yn it gesichtsfjild, sa't lju dy't oanhelle binne mei migrêne dy waarnimme.
  • Oare neurologyske útfalsferskynsels: Bgl. ferlamming fan in earm, net út 'e wurden komme kinne en gefoelssteuringen. As dit foarkomt, is it almeast yn in faze dy't foarôfgiet (prodromale faze) oan 'e eigentlik migrêne-oanfal.
  • Ekstreem swiere, klopjende pineholle, meastal mar oan ien kant fan 'e holle.
  • Slimmer wurden fan 'e pine troch de minste lichaamlike ynspanning, fral as dêrby foaroer bûgd wurde moat.
  • Ekstreme oergefoeligens foar ljocht (fotofoby) en lûd (fonofoby).
  • In oergefoeligens foar beskate geuren.
  • Mislikheid en spuien.
  • Konsintraasjeferlies.
  • In drûge mûle.

Oarsaken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de oarsaken fan migrêne is net in soad mei wissichheid te sizzen. Oarsaken soene wêze kinne: erflikheid; bloedfetfernauwing; in tydlike fermindering fan 'e oanfier fan soerstof nei de harsens; of in fersteurde enerzjyfoarsjenning fan 'e harsens. Faktoaren dy't in migrêne-oanfal útlokje kinne, binne hormonale feroarings lykas menstruaasje en de oergong; emosjonele stress (al wurdt dat yn tanimmende mjitte ta diskusje steld); lichaamlike ynspanning en dêrtroch feroarsake swiere wurgens; beskate geuren; te min fochtynname; in yntolerânsje foar beskate soarten iten. Minsken mei in gatsje tusken de hertboezems hawwe ek faker migrêne, mar der is nei alle wierskyn gjin streekrjoch ferbân.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wrâldwiid lije sa'n 1 miljard minsken yn slimmere of lichtere mjitte oan migrêne, wat delkomt op 15% fan 'e wrâldbefolking. De krupsje komt faker foar by froulju (19%) as by manlju (11%). Yn 'e Feriene Steaten hawwe yn ien jier tiid 6% fan alle manlju en 18% fan alle froulju migrêne, wylst oer in minskelibben besjoen 18% fan 'e manlju en 43% fan 'e froulju ea in foarm fan migrêne kriget. Yn Jeropa reitsje 12-28% fan 'e minsken op ienich momint yn harren libbens oanhelle mei migrêne, en hawwe yn ien jier tiid 6-15% fan 'e manlju en 14-35% fan 'e froulju dizze krupsje. Yn Aazje en Afrika lizze de persintaazjes oangeande it foarkommen fan migrêne justjes leger as yn 'e Westerske wrâld. Fan 'e hiele wrâldbefolking lijt 1,4% oant 2,2% oan groanyske migrêne, dy't it hiele libben of in oansjenlik part dêrfan oanhâldt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.