Ljocht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ljochtstrielen wurde ferstruid troch stof yn de loft

Ljocht is elektromagnetyske strieling yn it frekwinsjeberik dat waarnimber is mei it minsklik each, yn it algemien mei ynbegrip fan ynfraread ljocht (mei in wat legere frekwinsje) en ultraviolet ljocht, mei in wat hegere frekwinsje. Yn fakuüm plantet ljocht him fuort mei de ljochtsnelheid, mar dêryn ûnderskiedet it him net fan oare elektromagnetyske strieling mei oare frekwinsjes. Ljochtkwanta wurde fotoanen neamd.

De trije fariabelen dy't ljocht beskriuwe, binne de ljochtsterkte (ofwol amplitude), de kleur (ofwol frekwinsje of golflingte) en de polarisaasje, ofwol de trillingsrjochting, dy't altiten keaksk op de fuortplantingsrjochting stiet. De stúdzje fan ljocht en de ynteraksje fan ljocht mei matearje hjit optika.