Ynfraread

Ut Wikipedy
In byld fan twa minsken opnommen yn ynfraread fan 'e lange weachlingte, dat de temperatuerferskillen fisueel werjout.

Ynfraread of ynfrareade strieling (ynternasjonaal ôfkoarte ta IR, fan infrared of infrared radiation) ferwiist nei in diel fan it elektromagnetysk spektrum mei in weachlingte dy't fariëarret fan 0,7–1.000 µm (of 700–1.000.000 nm, of 0,0007–1 mm). Dy weachlingte is langer as dy fan sichtber ljocht, mar koarter as dy fan mikrostrielen (dy't bgl. brûkt wurde yn 'e magnetron). Ynfraread grinzget sadwaande oan 'e kleur read, de 'boppeste' útein fan it foar minsken sichtbere ljochtspektrum, krekt sa ultrafiolet grinzget oan 'e 'ûnderste' útein. Ynfrareade strieling waard yn 1800 ûntdutsen troch de Ingelske natuerkundige sir William Herschel, dy't by ûndersyk it bestean fan in foarm fan ûnsichtbere elektromagnetyske strieling fêststelde troch de effekten dy't dy strieling hie op in termometer. De ûntdutsen strieling wie leger yn enerzjygehalte as read ljocht en waard lange tiid 'hjittestrieling' neamd, oant tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw de term 'ynfraread' yn gebrûk kaam. De measte waarmtestrieling dy't ôfjûn wurdt troch organismen en foarwerpen dy't om ende by keamertemperatuer binne, bestiet út ynfrareade strieling. Fierders berikt justjes mear as de helte fan alle troch de sinne útstjitten enerzjy de Ierde yn 'e foarm fan ynfrareade strieling. Dat ynfraread yn it sinneljocht is fan krúsjaal belang foar it klimaat op 'e Ierde.

Spektroskopy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In brildragende man hâldt syn earm omheech mei in jiskepûde deromhinne.
Itselde byld yn ynfraread: de jiskepûde is ûnsichtber, mar de bril is ûntrochlittich wurden.

Ynfrareade strieling wurdt útstjitten of absorbearre troch molekulen as dy har rotearjend-fibrearjende bewegingspatroanen feroarje. Sokke strieling feroarsaket by in molekúl fibrearjende bewegings troch in feroaring yn it dipolêr momint. Dêrtroch is it in nuttich frekwinsjeberik foar de bestudearring fan sokke enerzjysteaten yn molekulen fan 'e juste symmetry. Ynfrareade spektroskopy ûndersiket de absorpsje en transmisje fan fotoanen yn it ynfraread berik.

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynfrareade strieling wurdt brûkt yn yndustriële, wittenskiplike, militêre, polisjonele en medyske tapassings. Mei nachtkikers en nachtbrillen, dy't gebrûk meitsje fan nei-ynfrareade ferljochting, kin men dingen (minsken, bisten, gebouwen, ensfh.) yn it nachtlik tsjuster observearje sûnder dat de orbservearre persoanen/bisten of tafallige passanten har dêr bewust fan binne. Yn 'e ynfrareadastronomy wurde mei sensors tariste teleskopen ynset om dizenige regio's fan 'e romte (lykas molekulêre wolkens) te penetrearjen, mei as doel om himellichems lykas planeten te bespeuren en om readferskode objekten út 'e iere skiednis fan it hielal waar te nimmen. Ynfrareadkamera's wurde brûkt om it ûntsnappen fan hjitte út isolearre systemen te ûntdekken, om 'e streaming fan bloed yn 'e hûd waar te nimmen en om oerferhjitting fan elektryske apparatuer op 'e tiid op te merken.

Wiidweidich gebrûk fan ynfraread foar militêre doelen omfiemet fierders tapassings op û.m. it mêd fan doelwytakwisaasje, surveillânse, nachtsicht, raketbestjoeringssystemen en it folgjen fan spoaren. Foar dat lêste wurdt minsklike lichemswaarmte-ôfjefte brûkt; minsken mei in normale lichemstemperatuer striele oer it algemien waarmte út fan omtrint de weachlingte fan 10 µm. Boargerlike tapassings fan ynfrareadtechnology binne bygelyks temperatuereffisjinsje-analyze, it waarnimmen fan klimaatferoaring troch ynfrareadbylden opnommen troch satelliten, ynspeksjes fan yndustriële fasiliteiten, it opspoaren fan yllegale himpplantaazjes, triedleaze kommunikaasje oer de koarte ôfstân, spektroskopy en waarsfoarsizzing.

Types ynfrareade strieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynfrareade strieling, dat wol ôfkoarte wurdt as IR (fan infrared radiation) rint yn weachlingte fan 0,75 oant 1000 µm. It kin opdield wurde yn ferskillende types, lykas werjûn yn 'e tabel hjirûnder.

namme ôfkoarting weachlingte frekwinsje fotonenerzjy temperatuer opmerkings
nei ynfraread NIR, IR-A 0,7–1,4 µm 214–400 THz 886–1653 meV 3.864–2.070 K
3.591–1.797 °C
definiëarre oan 'e hân fan wetterabsorpsje, brûkt yn
glêsfezeltelekommunikaasje en spektroskopy
koarte-weachlingte-ynfraread SWIR, IR-B 1,4–3 µm 100–214 THz 413–886 meV 2.070–966 K
1.797–693 °C
brûkt foar lange-ôfstânstelekommunikaasje
middelweachlingte-ynfraread MWIR, IR-C 3–8 µm 37–100 THz 155–413 meV 966–362 K
693–89 °C
brûkt yn raketbestjoeringssystemen
lange-weachlingte-ynfraread LWIR, IR-C 8–15 µm 20–37 THz 83–155 MeV 362–193 K
89 – −80 °C
brûkt foar ynfrareadkamera's
fier ynfraread FIR 15–1.000 µm 0,3–20 THz 1,2–83 MeV 193–3 K
−80 – −270,15 °C
brûkt foar ynfrareadlasers

Sichtberens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynfraread ljocht is ûnsichtber foar it minsklik each, hoewol't ynfraread op in weachlingte oant 1.050 nm (1,05 µm) fan spesjale pulsearjende lasers ûnder beskate omstannichheden wol troch minsken waarnommen wurde kin. Dat minsken ynfraread (en ultrafiolet) net sjen kinne, betsjut net needsaaklikerwize dat it oare libbensfoarmen ek oan dat fermogen ûntbrekt. Oarsom sjogge net alle libbensfoarmen alle ljocht dat foar minsken sichtber is, mei as gefolch dat dingen foar in soad bisten oare kleuren hawwe as foar minsken. Swellesturtflinters (Papilio) hawwe seis ferskillende soarten ljochtreseptoaren; biologen achtsje it dêrom mooglik (hoewol foarearst noch net bewiisd) dat se pentagromatysk (fiifkleurich) gesichtsfermogen hawwe, dus ynkl. blau, grien en read ljocht (dat minsken ek sjogge), mar mei dêropta ek ultrafiolet en ynfraread.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.