Readferskowing

Ut Wikipedy
Skematyske werjefte fan 'e ferskynsels readferskowing en blauferskowing.

Readferskowing, of (yn it Ingelsk) redshift, is in natuerkundich ferskynsel dat in ferskowing nei de reade ein fan it sichtbere spektrum omfiemet (d.w.s. sichtber foar it minklik each). Dit fenomeen komt foar as ljocht in proporsjoneel gruttere weachlingte kriget. As in waarnimmer mear elektromagnetyske strieling sjocht (dy't him bûten it foar minsken sichtbere ljochtspektrum befynt), of as in ljochtútstrieljend objekt him fan 'e waarnimmer ôf beweecht, of as elektromagnetyske strieling in swiertekrêftfjild ferlit, sil it lykje as sjocht men mear read. It tsjinstelde fan readferskowing is blauferskowing of blueshift; dat wurdt oer it algemien sjoen as in ljochtútstrieljend objekt him nei de waarnimmer ta beweecht of wannear't elektromagnetyske strieling in swiertekrêftfjild ynkomt.

Readferskowing wurdt feroarsake troch it Doppler-effekt, dat ek merkber is yn 'e toan en frekwinsje fan lûdsweagen (bgl. as in âljende sirene him nei jin ta of fan jin ôf beweecht). Op astronomysk mêd komt readferskowing foar troch it úttynjen fan it hielal, dat derfoar soarget dat ljochtboarnen (yn dit gefal stjerren) dy't fier genôch fan 'e Ierde ôfsteane, in mjitte fan readferskowing fertoane dy't korrespondearret mei it tanimmen fan harren ôfstân fan 'e Ierde. It ûndersyk nei readferskowing fan stjerren hjit astronomyske spektroskopy. It ferskynsel readferskowing foarmet ek de grûnslach fan 'e snelheidsradar dy't troch de plysje brûkt wurdt om 'e faasje fan foarbyridende auto's te mjitten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.