Swiertekrêft
De swiertekrêft of gravitaasjekrêft is in oanlûkende krêft dy't twa (punt-)massa's op inoar útoefenje. De swiertekrêft soarget dêrfoar dat alles op ierde in nei ûnderen geande krêft ûnderfynt. De swiertekrêft wurket ek op grutte ôfstân, bygelyks tusken de ierde en de moanne en tusken stjerrestelsels, dêr't it úttynjen fan it hielal by tsjinwurke wurdt. De swiertekrêft, feroarsaket ek it fallen fan in apel en soarget der allyksa foar dat de moanne of in satellyt yn in baan om de ierde bliuwt en dat de ierde yn in baan om de sinne bliuwt en dat de sinne op sy bar mank mei alle oare stjerren fan de Molkewei grif om in mulpunt hinne draaie.
Boppedat feroarsaket de swiertekrêft de tijfjilden om it massamulpunt hinne fan in himellichem. De tijfjilden fan de sinne en de moanne binne op de ierde ferantwurdlik foar inferkynsel sa as bygelyks de springtij.
Formule
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swiertekrêftswet fan Newton is:
mei
- de swiertekrêft tusken twa foarwerpen (yn newton)
- de massa fan it earste foarwerp (yn kg)
- de massa fan it twadde foarwerp (yn kg)
- de ôfstân tusken de swiertepunten fan dy foarwerpen (yn m)
- de gravitaasjekonstante = (6,67428 ± 0,00067) × 10−11 Nm2 kg−2.
De oanlûkingskrêft dy't de ierde útoefenet op in foarwerp dat op it ierdoerflak is, kin berekkene wurde troch yn dizze ferliking foar de massa fan de ierde te brûken, en foar de (trochsneed) striel fan de ierde. Yn dat gefal kin boppesteande ferliking ferienfâldige wurde ta:
dêr't de massa fan it oanbelangjende foarwerp yn is en de hjirboppe berekkene falfaasje oan it ierdoerflak.
Swiertekrêft op ierde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swiertekrêftswet fan Newton jout de oanlûkingskrêft tusken twa puntmassa's, mar jildt ek foar homogene lichems dy't rûn fan foarm binne. By de ierde moat rekkne holden wurde dat dy fan binnen net homogeen is, want de massa is net lykwichtich ferspraat. Dat is ien fan de oarsaken dat de swiertekrêft op ierde op guon plakken opit ierdoerflak grutter is as op oare plakken, bygelyks troch de oanwêzigens fan massivere stiensoarten.
Boppedat soarget de rotaasje fan de ierde om syn as hinne derfoar dat op foarwerpen op ierde njonken de swiertekrêft ek in mulpuntflechtsjende krêft wurket, dy't suver tsjin de rjochting fan de swiertekrêft yn wurket. Hoe fierder fan de ierdas ôf, hoe grutter dy mulpuntflechtsjende krêft. Op de evener is dy krêft it grutst, en op de poalen is dy nul.
En fierders is de foarm fan de ierde net folslein rûn, mar, ûnder ynfloed fan de rotaasje, by de poalen justjes ôfflakke. De ierde hat de foarm fan in ôfflakke sfearoïde. Dat betsjut dat de poalen likernôch 21 km tichter by it sintrum fan de ierde binne as de evener, dat de swiertekrêft op de poalen justjes grutter makket.
De swiertekrêft- of falfaasje op it ierdoerflak fariearret troch al dy oarsaken fan likernôch 9,789 m·s−2 en 9,832 m·s−2. Yn Fryslân is dy likernôch 9,8135 m·s−2.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
{{{boarnefermelding}}} |