Hûd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De minsklike hûd fan tichteby besjoen.

De hûd of it fel (Latyn: cutis) is de sêfte beklaaiïng fan it lichem wringedieren. Oare foarmen fan beklaaiïng fan libbene wêzens, lykas it eksoskelet by lidpoatigen, hawwe har út in hiel oare oarsprong wei ûntjûn, en ferskille fierders fan in echte hûd op it mêd fan struktuer en gemyske gearstalling. By sûchdieren is de hûd it grutste orgaan fan it lichem, dat mear weaget as alle oare organen mei-inoar. It bestiet út ferskate lagen ektodermaal weefsel, en hat as funksje om 'e ûnderlizzende struktuer fan spieren, bonken, ligaminten, sinen en ynterne organen te beskermjen.

Funksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hûd is it diel fan it lichem dat omgiet mei de bûtenwrâld en de earste ferdigening foarmet tsjin saken as kjeld, waarmte, befriezing, útdrûging, sykten en patogenen, sinneljocht (ultrafiolette strieling), ensfh. Dêrnjonken hat it ek in sintúchlike funksje as taastorgaan. Neilen en hier, beide besteande út hoarnstof of keratine, groeie út 'e hûd, en fierders omfiemet de hûd switklieren en talkklieren.

Troch ferwaring kin 'e hûd úteinlik syn elastisiteit ferlieze, wat ronfels feroarsaket. As wûnen tichtgroeie, komt der op dat plak gauris in groede of bliuwende skansearring yn 'e hûd te sitten. De hûd is net op alle plakken like tsjûk. Fral op dielen fan it lichem dêr't in soad wriuwing plakfynt, lykas de fuotsoallen, knibbels, earmtakken, hânpalmen en fingerseinen wurdt de hûd tsjûker troch it opheapjen fan lagen deade hûd, of yl. Op sokke plakken kin de minsklike hûd wol 4 mm tsjûk wêze, wylst it op it tinste plak, op 'e eachlidden, mar ½ mm tsjûk is.

De hûd befettet fierders in beskate hoemannichte pigmint, wat wringedieren harren hûdskleur jout. Wat mear pigmint oft der yn 'e hûd oanwêzich is, wat dûnkerder fan kleur oft in bist of minske is. Der besteane op dat mêd guon genetyske ôfwikings, dy't albinisme en melanisme hjitte. By libbensfoarmen dy't oan albinisme liede, de saneamde albino's, ûntbrekt it pigmint gehiel; bisten dy't dit hawwe, kinne har inkeld yn 'e sinne bejaan as se in tichte pels hawwe; minsken mei albinisme moatte sjen dat se út 'e sinne weibliuwe. Melanisme is it tsjinstelde; libbensfoarmen dy't dat hawwe, binne krekt poerswart (swarte panters, bygelyks).

Behierring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle sûchdieren hawwe teminsten in beskate mjitte fan hier op 'e hûd, sels wettersûchdieren dy't derút sjogge as binne se alhiel hierleas. In protte op it lân libjende sûchdieren hawwe in pels, wat in tichte hierlaach is, en as doel hat om 'e haadfunksje fan 'e hûd (it isolearjen fan it lichem fan 'e bûtenwrâld) fuort te sterkjen. In sekundêr doel fan it hawwen fan in pels kin kamûflaazje wêze, wêrby't in bist troch syn hier deselde kleur kriget as syn natuerlike biotoop (d.w.s. bêzje yn 'e woastyn, grien yn it wâld of wyt yn 'e poalstreken of by 't winter).

By lânbisten dy't mar amperoan hier hawwe, lykas oaljefanten en noashoarns, is de hûd faak tige tsjûk, om te kompinsearjen foar de ûntbrekkende isolaasje dy't fersoarge wurdt troch in pels. De hûd fan in protte bisten mei pelzen is lykwols ek tsjûkernôch dat it ferwurke wurde kin ta lear. Minsken, dy't fierhinne keal lykje te wêzen, binne lykwols dochs oer frijwol har hiele lichem bedutsen mei in rudimintêre laach grutdiels kleurleaze hierkes.

Opbou fan 'e hûd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochsneed fan de minkslike hûd
1=hoarnlaach
2=epidermis 1+2=opperhûd
3=dermis (learhûd)
4=subcutis

De hûd bestiet út ferskate lagen, en kin rûchwei yn de folgjende dielen ferparte wurde:

De hûd by oare bisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hûd fan amfibyen, reptilen, fûgels en fisken wykt frijwat ôf fan dy fan sûchdieren. Fisken en de measte amfibyen hawwe in hûd dy't hielendal út libbene sellen bestiet, mei mar minimale hoemannichten hoarnstof. By in protte amfibyen is de hûd sa tin, dat se der troch sykhelje kinne. By fisken is de hûd meastal oerdutsen mei beskermjende, bientige skobben. Sokke skobben komme nea foar by lândieren, al binne de measte reptilen oerdutsen mei oarsoartige skobben, krekt as skobbedieren, dat sûchdieren binne. By fûgels ferfolje fearren deselde funksje as hier by sûchdieren, en beide foarmen fan hûdbedekking binne beheind ta dy spesifike groepen. Krekt as hier binne ek fearren makke fan hoarnstof en groeie se út 'e hûd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.