Springe nei ynhâld

Spier

Ut Wikipedy
Trochsnede fan dwêrsstreepte spiersellen
Glêdde spiersellen

In spier (Latyn: musculus, mûske) is in weefselstruktuer fan sellen dy't de eigenskip hawwe gearlûke te kinnen wêrtroch't beweging mooglik wurdt. Der binne trije foarmen fan spierweefsels: dwersstreke spierweefsel, hertspierweefsel en glêd spierweefsel.

  • Dwersstreke spierweefsel wurdt sa neamd troch har uterlik fan ûnder de mikroskoop sjoen. It is spierweefsel dat bestiet út lange spiervezels mei in protte kearnen. Dwersstreke spierweefsel komt benammen foar yn skeletspieren, dy't ûnder willekeurige kontrole stean en bonken mei ïnoar ferbine. Fierders bestiet ek de hertspier út dwersstreke weefsel, mar yn tsjinstelling ta de skeletspieren stiet de hertspier net bewust ûnder kontrole.
  • Glêd spierweefsel stiet net ûnder willekeurige kontrole en is ûnder mear te finen yn de maach-termstelsel, bloedfetten, luchtwegen, foarplantingsorganen.
  • It hert bestiet út hertspierweefsel. It hert is alhiel in net-willekeurige spier dy't altyd wurket.

Alle spieren hawwe twa of soms mear befêstigingspunten oan it skelet, de hûd of in oare spier. Dat binne de origo (oarsprong) dy't meastentiids proksimaal is en de inserty dy't meastentiids distaal is. De origo is it befêstigingspunt fan in spier dat by gearlûken fan de spier net beweecht. De inserty is it befêstigingspunt dat by gearlûken beweecht.