Matearje

Ut Wikipedy

Matearje of stof is de boustien dêr't de (waarnimbere) wrâld út opboud is. Neffens de natuerkunde bestiet matearje út fermioanen. Dat binne partsjes dy't skaaimerke wurde troch healtsjes spin, lykas elektroanen, muoanen, protoanen en neutroanen. Krêft oerbringende partsjes (bosoanen) lykas it foton en it gluon binne dus gjin matearje, hoewol't sy út enerzjy besteane en soms ek massa hawwe.

Yn de relativiteitsteory wurde massa en enerzjy oan elkoar lyksteld, om't massa yn enerzjy omsett wurde kin (annihilaty) en enerzjy oarsom yn massa. It binne útwiskelbere ienheden.

De filosofyske streaming dy't de wurklikheid meastentiids of allinnich beskôget as besteande út matearje wurdt it materialisme neamd.

Matearje kin ferskate foarmen oannimme, ôfhinklik fan temperatuer en druk:

De saneamde "klassifikaasje fan matearje":

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Matearje hat yn de skiednis net altyd op deselde wize ynterpretearre west. In earste omskriuwing (4e iuw f.Kr.) wie fan de Grykske filosoof Demokritus; hy sei: "...alle stoffen binne opboud út lytse stive boltsjes..."'. Hy neamde dy boltsjes atomen (yn de betsjutting fan net-dielber).
In oare Grykske filosoof Aristoteles hat de opfetting fan Demokritus folslein los litten en stapte oer op de opfetting fan Empedokles. Hy stelde dat alle stoffen út fjouwer eleminten opboud binne, ierde (drûch en kâld), wetter (wiet en kâld), lucht (wiet en waarm) en fjoer (drûch en waarm).

Yn de 17e iuw doare Robert Boyle de opfettings fan Aristoteles yn twifel te lûken. Hy grypte tebek nei it dieltsjes- of partsjesmodel fan de matearje en ferkundige de oertsjûging dat alle matearje út dieltsjes bestean, dy't harren mei elkoar ta molekulen ferbine. Mei dizze teory kinne folle mear ferklearrings jûn wurde wêrtroch't dizze teory algemien oanfurdige wurdt.

Nije ûntdekkings hawwe dizze opfetting net mear wankelje litte kinnen. Der kaam lykwols wol in ferplichting om de ferskillende boustiennen fan de stof te ûnderskieden.

Oare bestjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Frysk is matearje ek otter, dracht wat frijkomt by ûntstekkings.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Matter – foto, fideo en harktriemmen