Tsjinstelde (taalkunde)

Ut Wikipedy

Yn 'e taalkunde is tsjinstelde de oantsjutting foar de relaasje tusken twa wurden of groepen fan wurden dy't persiis de omkearde betsjutting hawwe. Foarbylden binne: "lang" en "koart", "net" en "wol", "boppe" en "ûnder", "east" en "west", "hiere" en "keapje", ensfh. Faak hawwe wurden mear as ien tsjinstelde. It tiidwurd "hiere" is bgl. it tsjinstelde fan "keapje", mar op deselde wize ek fan "liene" en op in oare wize ek fan "ferhiere". Guon wurden binne homonimen, dy't in ynterne tsjinstelling hawwe: bgl. it tiidwurd "leare", dat sawol "ûnderwize" betsjutte kin as "kennis opdwaan". In stylfiguer dat gebrûk makket fan taalkundige tsjinstellings, is de litotes, dy't omskreaun wurde kin as befêstiging fan eat dat men net seit troch ûntkenning fan it tsjinstelde: "dat gie net sa min" (betsjut: "dat gie poerbêst") of "it smakke net ferkeard" (betsjut: "it wie hearlik").

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.