Vank katedraal

Ut Wikipedy
Vank-katedraal

Սուրբ Ամենափրկիչ Վանք

bouwurk
lokaasje
lân Iran
plak Isfahan
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1606-1664

De Hillige Ferlosserkatedraal ( (Armeensk: Սուրբ Ամենափրկիչ Վանք, Surp Amenaprgich Vank; Perzysk: کلیسای وانک or آمنا پرکیج, Kelisa-ye Vank of Amenapergich) is in Armeensk-apostolyske tsjerke yn de Armeenske wyk fan de Iraanske stêd Isfahan. De tsjerke stiet ek bekend ûnder de namme Vank-katedraal (it wurd "Vank" stiet yn it Armeensk foar kleaster of konvint).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen de kriich mei de Ottomanen twong sjah Abbas I de Armeenske befolking fan de stêd Culfa yn de jierren 1603-1605 te ferhûzjen nei syn nije haadstêd Isfahan. De katedraal waard ien fan de earste tsjerken dy't de Armeenjers yn harren nije delsetting bouden en hie in grutte ynfloed op de arsjitektuer en dekoraasje fan in soad otterdokske tsjerken yn Irak en Iran.

Koepel

De bou sette nei alle gedachten yn 1606 útein en einige mei in soad feroarings oan it oarspronklike ûntwerp tusken 1655 en 1664 ûnder tafersjoch fan aartsbiskop David. De katedraal bestiet út in romte bekroand mei in koepel, dy't oan Iraanske moskeeën tinken docht. De katedraal ûnderskiedt him lykwols fan in moskee-eftich gebou troch de tafoeging fan in semy-achthoekige apsis en in ferhege alterromte, dy't karakteristyk binne foar westerske tsjerken. It eksterieur fan de katedraal bestiet út relatyf modern muorrewurk en foarmet mei de gledde flakken in kontrast mei it tige rike ynterieur.

Dekoraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur is fersierd mei ferguld fykwurk, detaillearre skilderwurk en ryk útfierde tegels. De blau en goud skildere sintrale koepel lit bibelske foarstellings sjen fan de ferdriuwing fan de minske út de tún fan Eden. De pendentiven fan de hiele tsjerke binne beskildere mei it Armeenske motyf fan in kearûb-ingel mei optearde fleugels. It plafond boppe de tagong waard dekorearre mei florale motiven yn de Perzyske styl. De muorrefresko's binne te ferdielen yn twa dielen: de foarstellings boppe stelle sênes út it libben fan Jezus foar, wylst it yn it ûnderste diel foarstellings fan Armeenske martlers út de Ottomaanske Ryk útbylde wurde.

Oan it plein fan de katedraal stiet in grutte frijsteande klokketoer. Sawol oan de foet fan de toer as oan de binnenkant fan de bûtenmuorre binne grêven oanlein. Yn de hoeke fan it plein stiet njonken it museum en de bibleteek in monumint, dat de troch de Turken útfierde genoside op de Armeenjers betinkt. Bûten it museum binne ferskate stiennen mei Bibelske foarstellings te sjen.

Bibleteek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bibleteek bestit mear as 700 manuskripten, dy't in unike boarne foar de midsiuwske Armeenske skiednis en keunst foarmje.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vank Cathedral