Teheran
| Teheran تهران | ||
| Utsjoch op Teheran, mei it Elbûrs-berchtme op eftergrûn | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | Teheran | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 8,693,706 (2016) 14,557,000 (metropoal) | |
| Oerflak | 750 km² | |
| Befolkingsticht. | 12.052 km² | |
| Hichte | 1040-2040 m | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +3:30 | |
| Simmertiid | UTC +4:30 | |
| Koördinaten | 35° 42' NB, 51° 26' EL | |
| Hasanabad-plein | ||
| Offisjele webside | ||
| www.tehran.ir | ||
| Kaart | ||
Teheran (Perzysk: تهران, Tehran) is de haadstêd fan Iran. De stêd leit yn it noardlike part fan it lân oan de foet fan it Elbûrs-berchtme. Yn Teheran wenje in lytse 9 miljoen minsken en mei de foarstêden dêrby likernôch 14 miljoen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teheran leit op in hichte dy't fariearret fan om-ende-by 1100 meter yn it súdlike diel fan de stêd oant 1750 meter yn it noardlike.
Teheran hat in lânklimaat mei grutte temperatuerferskillen tusken simmer en winter fariearjend fan -9 °C as minimumtemperatuer yn jannewaris oant +42 °C as maksimumtemperatuer yn augustus. Yn de winter falt geregeld snie yn de stêd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oer Teheran wurdt foar it earst skreaun yn de 11e iuw f.Kr., út archeologyske opgravings docht lykwols bliken dat de earste bewenners har sa om 3000 f.Kr. hinne der fêstigen. Eartiids wie Teheran in doarp flakby de grutte âlde stêd Rey. Pas sûnt de 17e iuw ûntwikkele Teheran har ta in echte stêd. Agha Muhammad Khan, de stifter fan de Kadjaren-dynasty, keas Teheran yn 1788 út as haadstêd foar Iran.
De twadde sjah van de Kadjaren, Fath Ali, dy't de grûnslach lei foar in Perzyske kulturele renêssânse, liet moaie en grutte paleizen bouwe yn Teheran. Under syn bewâld fêstigen har in soad ambachtslju en keaplju út oare Perzyske sintra lykas Kashan, Isfahan, Shiraz en Tabriz yn de nije haadstêd.
Teheran tsjintwurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn dizze tiid is de befolking foar it meastepart jong en heech oplaat, alhoewol't frij folle (heechoplate) jongeren troch de minne ekonomyske omstannichheden de stêd ferlitte en har oars yn de wrâld fêstigje.
Teheran hat in soad lêst fan loftfersmoarging dy't feroarsake wurdt troch de minne ferkearssituaasje yn de stêd, it sterk ferâldere weinpark en ek troch de net geunstige lizzing. De metro fan Teheran dy't op guon trajekten in alternatyf foar it drokke dykferkear biedt, waard yn 2000 yn gebrûk nommen. De metro sels hat in lingte fan 198 km en der binne sân linen. Der is ek in netwurk fan regionale treinen fan 98 km.
Der binne mear etnyske Azerbeidzjanen yn Teheran as yn alle oare stêden yn 'e wrâld en de Koerdyske befolking yn Teheran is grutter as twa miljoen minsken.
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferneamd binne de bazaar yn it suden fan de stêd dêr't in kar oan produkten ferkocht wurde kin, it eardere paleis fan de sjah en de protte parken dy't yn de stêd lizze.
De Azadi-toer op it Azadiplein is tige ferneamd en it Azadistadion yn it westen fan de stêd is in stadion fan 100.000 taskôgers.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]|
North: District 1: • Čizar • Dar Abad • Darake • Darband • Džamaran • Elahije • Farmanije • Gejtarije • Nobonjad • Tadžriš • Zafaranije District 2: • Farahzad • Giša • Punak-e Bahtari • Sadat Abad • Sadegije • Šahrak-e Garb • Šahrak-e Žandarmeri • Tarašt • Tovhid District 3: • Darus • Davudije • Ehtijarije • Golhak • Vanak • Žordan District 5: • Bulvar-e Firdusi • Džanat Abad • Ekbatan • Punak District 6: • Amir Abad • Aržantin • Jusef Abad • Park-e Lale |
East: District 4: • Hak Sefid • Hakimije • Lavizan • Ozgol • Pasdaran • Resalat • Šams Abad • Šemiran No • Tehranpars • Zargande District 7: • Abas Abad • Behdžat Abad • Emam Hosein • Sabalan District 8: • Moalem • Narmak • Samangan District 13: • Dušan Tape • Niru Havaji • Teheran No District 14: • Čaharsad Dastgah • Dulab • Esfahanak • Horasan • Sad Dastgah |
Center: District 10: • Berjanak • Haft Čenar • Salsabil District 11: • Dohanijat • Laškar • Monirije • Šejh Hadi District 12: • Baharestan • Bazar-e Tehran • Firdusi • Gorgan • Park-e Šar • Pič-e Šemiran District 17: • Emamzade Hasan • Hazane Falah • Kale Morgi |
South: District 15: • Afsarije • Bisim • Havaran • Kijanšar • Masudije • Moširije District 16: • Ali Abad • Bag-e Azari • Hazane Boharae • Jahči Abad • Nazi Abad District 19: • Abdol Abad • Hava Niruz • Nemat Abad District 20: • Dovlat Abad • Džavanm.-e Kasab • Ebn-e Babavejh • Hazrat-e Abdol-Azim • Sizdah-e Aban |
West: District 9: • Džej • Sar-Asjab District 18: • Čahar Bari • Jaft Abad • Šad Abad • Šahrak-e Vali-Asr • Tolid Daru District 21: • Iran Hodro • Tehransar • Vardavard District 22: • Bag-e Hadž-Sejf • Kan • Kuj-e Sazman-e Barname • Parc Čitgar • Pejkanšar • Stadium-e Azadi • Šahrak-e Češme • Šahrak-e Rah-Ahan |
Teheran is ûnderferparte yn 22 gemeentlike districten, allegear mei har bestjoerlike sintrum. Yn dy 22 distrikten lizze de folgjende grutte wiken:
Abbas Abad, Afsariyeh, Amaniyeh, Amir Abad, Aryashahr, Bagh Feiz, Baharestan, Darakeh, Darband, Dardasht, Dar Abad, Darrous, Dehkadeh Olampik, Ekhtiyariyeh, Ekbatan, Elahiyeh, Evin, Farmanieh, Fereshteh, Gheitariye, Gholhak, Gisha, Gomrok, Hasan Abad, Jamaran, Jannat Abad, Javadiyeh, Jomhuri, Jordan, Lavizan, Mehran, Narmak, Navab, Nazi Abad, Niavaran, Park-e Shahr, Pasdaran, Piroozi, Punak, Ray, Sa'adat Abad, Sadeghiyeh, Seyed Khandan, Sohrevardi, Shahrara, Shahr-e ziba, Shahrak-e Gharb, Shemiran, Tajrish, Tehranno, Tehranpars, Tehransar, Vanak, Velenjak, Yaft Abad, Yusef Abad, Zafaraniyeh, ensfh.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Teheran binne ferskate kulturele besjnswurdichheden.
- In replika fan de Pauwetroan fan de Perzyske sjahs is te finen yn it Golestanpaleis.
- Guon bekende Teheraanske museums wêrûnder it Nasjonale Museum fan Iran en it Tapitemuseum.
- It Teheran Museum fan Hjoeddeistige Keunst hat wurk fan keunstners as Van Gogh, Pablo Picasso en Andy Warhol. De eardere keizerinne Farah Diba fan Iran hat dy samling fan skilderiings sammele.
- Teheran is ek it plak dêr't de Perzyske keizerlike kroanjuwielen bewarre wurde, in samling kroanen en troanen, likernôch 30 tiara's, ferskate aigrettes, juwiel-besleine swurden en skylden, in grutte hoemannichte kostbere losse edelstiennen, wêrûnder de measte smaragden, robinen en diamanten yn 'e wrâld en de orizjinele Pauwetroan. It befettet ek oare objekten dy't troch de sjahs fan Iran by it 2500-jierrich bestean fan it Perzyske keninkryk sammele binne. De kolleksje is noch hieltyd te sjen yn de Iraanske sintrale bank yn Teheran.
Stêdebannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Feriene Steaten: Los Angeles
Feriene Steaten: New York
Kanada: Toronto
Kanada: Vancouver
Sina: Peking
Feriene Keninkryk: Londen
Turkije: Istanbûl
Kuba: Havana
Súd-Koreä: Seoel
Súd-Afrika: Pretoria
Ruslân: Moskou
Wyt-Ruslân: Minsk
Yndia: New Delhi
Afghanistan: Kabûl
Feriene Arabyske Emiraten: Dubai
Libanon: Beirût
Austraalje: Sydney
Panorama
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Teheran fan Wikimedia Commons. |