Springe nei ynhâld

Elbûrs-berchtme

Ut Wikipedy
Elbûrs
  berchtme
De Damavand is de heechte berch fan de Elbûrs
De Damavand is de heechte berch fan de Elbûrs
geografy
lân Iran
sifers
lingte600 km
breedte130 km
heechste puntDamavand
hichte5.610 m
geology
yndieling[heuvels, leechberchtme, middelberchtme, heechberchtme]
kaart
Elbûrs-berchtme (Iran)
Elbûrs-berchtme
kaart
De Damavand is de heechte berch fan de Elbûrs
De Elbûrs sjoen út Teheran wei
Net te betiizjen mei de Elbrûs, de heechste berch yn de Kaukasus.

De Elbûrs (Perzysk: البرز, Alborz‎) is in berchtme yn it noarden fan Iran.

It berchtme leit tusken de Kaspyske See en it Heechlân fan Iran yn. It berchtme rint yn eat-westlike rjochting tusken de grins mei Azerbeidzjan yn it noardwesten en Turkmenistan yn it noardeasten. De heechste berch is de Damavand mei in hichte fan 5.610 meter boppe seenivo en is de heechste berch fan Iran en it gânse Midden-Easten. Benoarden fan de Elbûrs leit de histoaryske krite Hyrkaanje.

De Elbûrs bestiet út in rige paralel rinnende berchrêgen by de súdlike ouwer fan de Kaspyske See del. De Elbûrs heart ta in rige berchtmen dy't fan it Armeensk Heechlân yn it westen oer de Elbûrs en de Hindoekûsj oant de Pamir yn it easten rint. De Elbûrs hat in lingte fan likernôch 600 km en is tusken de 60 en 130 km breed. Hy heart ta de Alpynske berchgurdle fan Jeraazje. De Elbûrs foarmet de noardlike ein fan it Heechlân fan Iran.

De namme fan it berchtme is ôflaat fan Harā Barazaitī, in legindaryske berch yn de Avesta, de haadtekst fan it Soroästrisme. Harā Barazaitī komt fan it Proto-Iraanske *Harā Bṛzatī, dêr't *Bṛzatī de froulike foarm fan it eigenskipswurd *bṛzant- ("heech") fan is, en de stamheit fan it hjoeddeistige Ossetyske bærzond ("heech", "spits"); Perzysk بلند barz ("heech"), berāzande ("elegant") en Barz/Berazandeh; Koerdysk barz ("heech"); allegear besibbe oan it Sanskryt Brihat (बृहत्). Harā kin ferdútse wurde as "wachter" of "beskermer", ôflaat fan 'e Yndo-Jeropeeske woartel *ser "beskermje". Yn it Midperzysk waard Harā Barazaitī omfoarme ta Harborz, yn modern Perzysk Alborz, itjinge besibbe oan de namme fan de "Elbrûs", de heechste berch fan de Kaukasus.[1]

It berchtme spilet in wichtige rol as lokaasje foar de Perzyske mytology.

Winters wurdt der in protte skyd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) ALBORZ. Encyclopædia Iranica. Argivearre op 26 maaie 2020. Oproppen op 13 april 2019.