Strobos
Strobos | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 250 (↑) (2021) [1] |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 14' N 6° 12' E |
Webside | Side Gerkeskleaster-Strobos |
Strobos is in doarp yn it noardeasten fan de gemeente Achtkarspelen. It leit oan de grins mei Grinslân, dêr't it Prinses Margrietkanaal oanslút op it Van Starkenborghkanaal.
Tegearre mei Gerkeskleaster foarmet Strobos it twjillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos. Yn Gerkeskleaster en Strobos wurdt it Kleasterske dialekt sprutsen.
Ungefear 700 meter noardeastlik fan Strobos stiet oan de Alde Feart yn it doarpsgebiet fan Gerkeskleaster in Amerikaanske wynmotor, in poldermole dy't oanwiisd is as ryksmonumint.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme soe foar it earst brûkt wêze yn 1655, doe't it Hoendjip groeven waard, en soe ferwize nei ûnderkommens fan strie foar de arbeiders dy't it kanaal groeven.
Strobos hat syn spoaren fertsjinne yn de wrâld fan skipfeart en hannel, mei't it op de grins lei en in slûs hie. De feart nei Dokkum ta hjit net foar neat Strobosser Trekfeart. Oant yn de jierren 1950 hie de stêd Grins in kanaal nei it Hoendjip wêryn de namme Strobos foarkaam.
Oant 1993 waard it doarp Strobos midstwa snien troch de grins mei de eardere gemeente Grootegast (no gemeente Westerkertier), dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Dy grins lei op de krusing fan Sarabos en de Miedwei. Om't dat in soad praktyske beswierren levere, is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. It Fryske diel fan Strobos bleau lang in buorskip fan Gerkeskleaster; yn de rin fan de tiid groeide Gerkeskleaster oan Strobos fêst en tsjintwurdich rint de bebouwing yn inoar oer.
De bebouwing fan Strobos en Gerkeskleaster rint tsjintwurdich yn inoar oer, ek al binne it noch altiten twa aparte doarpen.
De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal/Van Starkenborghkanaal is al tige lang fan grut belang foar dy doarpen. De yndustry krige al gau in kâns en yn de twa doarpen sitte dan ek en pear grutte bedriuwen. Yn 1850 waard yn Strobos de noch besteande skipswerf Barkmeijer stifte.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | 2013 | 2016 | 2017 | 2020 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 255 | 265 | 270 | 245 | 250 |
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strobos krige pas in eigen tsjerke mei de Ofskieding. Dat tsjerkje stie oan de Grinzerstreek en waard sletten nei't yn 1926 de nije tsjerke yn Gerkeskleaster boud waard. It gebou krige in oare funksje mar bestiet noch jimmeroan.
Ferienings/stiftings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- "Intermezzo"- dûbelkwartet, ûntspanningsferiening
- "Pro Junior"- brassband jongerein
- Zingt Gode Lof
- Brassband Gloria Deï
- Fûgelwacht Gerkeskleaster/Strobos
- Stifting Histoaryske Kring Gerkeskleaster-Strobos
- MBVO en DIO - gymnastyk
- Biljertferiening
- Frigro - kuorbal
- Grinsgefal - shantykoar
- GSVV - fuotbal
- Stifting "Musical"
Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In eigen skoalle hat Strobos nea hân.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alde Feart, Doarpsterwei, Fryske Streek, Grinzerstreek, Hellingstrjitte, It Breed, Hoendjip Noardside, Miedwei, Sarabos, Zwerus Kooistrjitte.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Garmt Stuiveling (1907-1985)
Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Klaas van der Schuit, Jannie Geertsma-Hamstra -"Gerkesklooster–Stroobos, het dorp dat leeft"
- Klaas van der Schuit - "Tweede Wereldoorlog 1940-1945 Gerkesklooster Stroobos"
- Klaas van der Schuit - "100 jaar Bijzonder Onderwijs te Gerkesklooster-Stroobos 1884-1984"
- Klaas van der Schuit - "Zangvereniging " Zingt Gode Lof " 50 jaar 1946-1996"
- Klaas van der Schuit - "Brassband "Gloria Deï" 1923-1998"
- Klaas van der Schuit - "Barkmeijer Shipyards 150 jaar 1850-2000"
- Klaas van der Schuit - "Gereformeerde Kerk Gerkesklooster-Stroobos 1926-2001"
- Klaas van der Schuit - "Korfbalvereniging Frigro Gerkesklooster-Stroobos 1953-2003"
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
![]() | |
---|---|
Haadplak: Bûtenpost | |
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | |
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden |