Springe nei ynhâld

Grifformearde tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke Gerkeskleaster-Strobos
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Gerkeskleaster-Strobos
adres Fryske Streek 9
koördinaten 53° 14' N 6° 12' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt J. van der Veen, Stynsgea
boujier 1926
Webside
Side PKN-Gerkeskleaster Strobos
Kaart
Grifformearde tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos (Fryslân)
Grifformearde tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos

De Grifformearde Tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos oan 'e Fryske Streek is ien fan 'e twa tsjerken yn Gerkeskleaster, dy't de Protestanske Tsjerke yn Nederlân yn it doarp ryk is. De oare tsjerke is de Herfoarme tsjerke noardlik fan Gerkeskleaster.

Ien grifformearde gemeente foar beide doarpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik hiene beide doarpen in eigen Grifformearde tsjerke. De Grifformearde tsjerke fan Strobos wie it âldst en datearre fan 'e ôfskieding fan 1834. De gemeente fan Gerkeskleaster ûntstie op 19 oktober 1886 mei de doleânsje, doe't de tsjerkeried, de tsjerkfâlden en de gemeente ienriedich mei de synodale hierarchy fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke brieken. Gerkeskleaster wie nei Reitsum en Kollum de tredde dolearjende gemeente fan Fryslân.

Preekstoel

Beide gemeenten hiene harren eigen tsjerkegebou. Nei de ôfskieding tsjerke de Strobosker gemeente ynearsten yn 'e tsjerke fan 'e Kristlik Ofskieden Gemeente fan Gruttegast. Dat wie foar de bewenners fan Strobos noch in hiel ein en dêrom krige de lytse gemeente fan Strobos tastimming om in selsstannige gemeente te stiftsjen. Doe koe in eigen tsjerkje boud wurde, dy't mei Pinkster yn 1846 yn gebrûk nommen wurde koe. Dat tsjerkje stie oan 'e Grinzer Streek en is tsjintwurdich yn gebrûk as garaazje.

De tsjerke fan 'e Nederdútsk Grifformearde Tsjerke yn Gerkeskleaster, sa't de dolearjende tsjerke ynearsten hiet, wie in represintatyf neogotysk gebou út 1889. Dy tsjerke waard yn 1926 foar ôfbraak ferkocht foar 1.000 gûne, mar de pastorij noardlik fan 'e tsjerke is noch jimmeroan oanwêzich.

Yn 1892 waarden de Kristlike Ofskieden Gemeenten en de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke lanlik gearfoege ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. It twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos hie no twa gemeenten fan itselde tsjerkegenoatskip, mar it duorre noch oant 7 augustus 1925 ear't de twa tsjerklike gemeenten alle tûkelteammen wisten te sljochtsjen en fan 'e twa gemeenten ien wisten te foarmjen.

Bouskiednis fan de hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oargel

Nei de offisjele fúzje fan 'e beide tsjerkegenoatskippen bleaune Gerkeskleaster en Strobos noch lang aparte gemeenten. Hja koene it net iens wurde oer de fraach hokker folchoarder de plaknammen hawwe moasten yn 'e namme fan de gemeente. Sa fûn Strobos dat de namme Grifformearde Tsjerke Strobos-Gerkeskleaster hjitte moast, om't Strobos fan 'e twa de âldste grifformearde gemeente wie. Mar Gerkeskleaster seach dy folchoarder leaver oarsom, om't dy gemeente grutter wie. De deputaten waarden der by helle en dy advisearren dat Gerkeskleaster it earst neamd wurde moast, om't dat plak fanâlds in karspel wie, wylst Strobos nea in apart tsjerkedoarp west hie.

Dêrnei moast noch de fraach beantwurde wurde wêr de mienskiplike tsjerke boud wurde moast. Ek oer dy fraach koene de beide doarpen it ynearsten net iens wurde, mar op 7 augustus 1925 waard de gearfoeging fan 'e beide gemeenten lang om let troch de foarsitters fan 'e beide tsjerkerieden tekene en dêrmei wie de "Grifformearde tsjerke fan Gerkeskleaster-Strobos" in feit.

De arsjitekt J. van der Veen út Stynsgea levere de boutekenings foar de nije tsjerke. Om't de bou sa goedkeap mooglik holden wurde moast, woe de tsjerkeried ynearsten gjin toer en ek bleau it de fraach oft de tsjerke net better fan hout boud wurde moast. De toer kaam der dochs noch en njonken in stiennen tsjerke waard der ek noch in stâl boud foar dejingen dy't mei hynder en wein nei tsjerke gongen.

Yn 1991 waard de tsjerke troch frijwilligers restaurearre. By de restauraasje waard it gebou safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat werombrocht.[1]

Yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum fan de grifformearde tsjerke waard yn 2001 it boek "Gereformeerde Kerk Gerkesklooster-Stroobos 1926-2001" fan Klaas van der Schuit útjûn.[2]

It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1900 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud. Yn 1926 waard it ynstrumint troch deselde oargelmakker ôfbrutsen en opboud yn de nijbou oan 'e Fryske Streek.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: