Gruttegast (plak)
Gruttegast Grootegast | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.470 (2023) [1] | |
Oerflak | 3,68 km² dêrfan lân: 3,64 km² dêrfan wetter: 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 943 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N980 | |
Postkoade | 9861 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Gruttegast[2][3] (Grinslânsk: Grodegast, Nederlânsk en offisjeel: Grootegast) is in doarp yn de gemeente Westerkwartier yn de provinsje Grinslân yn Nederlân. It plak wie oant 2018 it haadplak fan de gemeente Grootegast. It doarp hie 3.405 ynwenners yn jannewaris 2013.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp (as 'Majorgast') ûnstie om 1000 hinne en komt fan 1400 ôf nei foaren as tsjinhinger fan Lutjegast. It doarp hat in 17e-iuwske tsjerke, it saneamde Witte Kerkje. De tsjerke waard yn 1829 restaurearre.[4]
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dialekt dat yn Gruttegast praat wurdt, it Westerkertiersk, is taalkundich in grinsgefal mei ynfloeden út trije provinsjes: it dialekt is in fariant fan it Grinslânsk, mar wat fersteanberens oanbelanget liket it mear op it Drintsk; it aksint en de grammatika klinke lykwols nochal Frysk.
Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stjelp yn Gruttegast, in ryksmonumint oan 'e Hoofdstraat (2015)
-
Grifformeard-frijmakke tsjerke De Morgenster (2017)
-
Grifformearde tsjerke (2017)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Geert Feringa & Frans E. Banga (2002), Grootegast: door de jaren heen. Grins: Banga Book Productions. ISBN 9076840105
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|