Steentil
Appearance
Steentil is in útbuorren yn de Grinzer gemeente Westerkertier. It plakje leit wêr't it Aduarderdjip it Van Starkenborghkanaal krúst.
De namme komt fan de stiennen brêge oer it Aduarderdjip dêr't it plakje omhinne leit: it Grinslânske wurd foar brêge is til (Frysk: tille). De brêge datearret út de santjinde iuw en soe de âldste fan Grinslân wêze. It is in ryksmonumint. By de brêge wie earder in skipperskroech. Dy is no sluten, mar it pân stiet der noch.
Yn de stêd Grins wie foarhinne in stiennen brêge oer it Schuitendiep dy't ek Steentil hjitte.